dy't iepensteane foar de fersen fan Bobrowski, sille sûnder mis grypt wurde troch de heimsinnige, somtiden spoekeftige bylden en de moaie poëtyske taal.
Lykas sein, hat yn Trotwaer nûmer 5 fan 1995 in fers fan de Sorbyske dichter Lorenc stien ta oantinken oan Bobrowski. Lorenc bringt syn namme yn ferbân mei it Slavyske wurd ‘bobr’ wat ‘bever’ betsjut.
Kito Lorenc waard yn 1938 berne yn Slepo/Schleife by de Bela Woda/Weißwasser oan de Struga, in sydstreamke fan de Sprewja/Spree. Syn heit wie mûnder op in houtseagerij, syn pake wie de Sorbyske proazaskriuwer Jakub Lorenc-Zaleski, yn 1938 yn Berlyn fan de Nazy's deatreitere. Nei in foaroplieding op it ynternaat yn Chośebuz/Cottbus studearre er fan 1956 oant 1961 Slavistyk yn Leipzig. Dêrnei arbeide er as wittenskiplik assistint sa'n tolve jier op it Sorbysk Ynstitút yn Budysin/Bautzen, doe waard er dramaturch by it Sorbysk Ensemble foar Folkskultuer. Sûnt 1979 is er eigen baas. Hy wennet yn Wujezk/Wuischke by Budysin. Lorenc is hjoeddedei ien fan de wichtichste Sorbyske auteurs. Hy hat namme makke as útjouwer, oersetter, essayist en lyrysk dichter.
Yn 1974 krige er de Heinrich-Heine-priis. De blomlêzingen dy't er fersoarge, hat er oerset út it Sorbysk, Tsjechysk en Latyn. It Sorbisches Lesebuch (Serbska Citanka, Leipzig 1981) jout gâns oersettings yn it Dútsk, benammen út it Heechen Leechsorbysk. Yn 1991 stie yn it desimbernûmer fan Trotwaer in oersetting fan Lorenc syn fers De betichele kachel.
Lorenc wie befreone mie de Dútsktalige dichter Johannes Bobrowski dy't er tige bewûndere en dêr't er in soad fan opstutsen hat.