Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 20]
| |
IFerline tiid kundiget himsels oan, falt
strjitte nei strjitte djipper yn my del.
It is net de eangst dy't it brún mei him
meinimt yn 'e reintiid, nee, dêrom is it
net dat myn skonken har troch 'e stêd
hinneslepe. It is wat de spegel sjen lit.
Let ljocht dat delfalt op myn skouders en
dan do dy't út 'e swartbrune skaden loskomt,
de man wurdt dy'st noait yn dysels seachst.
Do rinst op my ta, mar ik brek dy, kear op
kear. Lykas it wyt it swart brekt. Sa falt
de man. Yn 'e spegel ferskynt de wetterfrou.
Sy glimket. It is wer tiid foar rein.
| |
[pagina 21]
| |
IIDe wetterfrou wie ik, mar bin no de blau
brúnfrou. Sy rikt har hannen nei de himel,
freget dy wa'st wiest. Mar do ferdwynst
wer, samar, skruten troch it nachtskaad.
Do werkenst de tearen ûnder 'e eagen net,
net wat him skerp yn in liif skrast hat.
De rein falt hieltiten hurder op 'e nacht.
Brek mysels as in blêd op 'e wyn. Hoefolle
kearsen sil ik foar dy ljochtsje? Mar der
bliuwt inkeld dyn beweging troch in spegel
fan fierdere tiid. Donkerbrune omkanten fan
in man dy't de wetterfrou noait sjoen hat.
Ik glimkje. It wie yn 'e tiid fan 'e rein.
|
|