Trotwaer. Jaargang 28
(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 13]
| |
Oanlutsen fan in fier ljocht yn de kimen
| |
IOer Kalma syn wurk is safolle skreaun, en de oardielen rinne sa fier útinoar, dat men kin mar it bêste sels oan 't lêzen. Bygelyks de earste publikaasjes oer de Fryske Beweging. Oan it begjin fan de ieu wie it yn 'e Fryske literatuer in dea spultsje. ‘Der is fierstentofolle pielderij, leafhawwerij, persoanlik geiggewear, mar fierstomin hertstocht, langst nei greatens, réëns ta striid.’ Sa fettet Piebenga de situaasje gear yn syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse.Ga naar eind1 Yn 'e Fryske Beweging barde der wol wat mear - sa ûntstie yn 1908 it Kristlik Frysk Selskip - mar folle kriich siet der ek net yn. Oant, yn 1914, Douwe Kalma him opponearre. Hy wie noch mar njoggentjin jier en krekt fan it gymnasium, doe't er yn in tal krantestikken fûl úteinsette: ‘Jimmerwer makket men ús jongeren it Frysk letterkindich libben sûr troch saken meilydsum glimkjend en hwet út 'e hichte troch in glinstrige noaskebril ús oankypjend, saneamd út goederbêst en mei de ljeaflikste bidoelingen ús it eksimpel fen skriuwers as Dokterom en Walingom - men moat dêr by gelegenheit ris om tinke, it binne altyd omkes - foar eagen to hâlden. (..) Mar wy binne noaswiis om't ús ûnderfining lyts is en bliuwe, hoe't ús riedsman der ek tsjin yn giet, fen bitinken, det minder ynfloed op 'e lêzers by it werjaen fen ús inerlikste fielen better is as in heap populariteit by it forknoeijen fen eigen tinkwize, alteast fen de foarm, brûkt omdet dy it meast yn harmonije is mei hwet wy fiele.’Ga naar eind2 Kalma brûkte daliks al in polemyske toan, hy wie net fan doel him dimmen op te stellen, lykas de âlderein dat fan in jong baaske easke. It gie Kalma der ynearsten allinnich noch mar om, nei oanlieding fan it wurk fan Rinke Tolman, te pleitsjen foar mear persoanlike keunst en de folkskeunst, sa't hy dat neamde, oan 'e kant te setten. Oars soenen it Frysk en de Fryske literatuer ûndergean. Om it literêre klimaat fan dy dagen wer te jaan brûkte er in omskriuwing fan dyselde Tolman: ‘Want van de meeste “skriuwers” is de poëzie turf-droog en heidedor en tot irriteerens toe wordt de liefde tot het “heitelân” in de meest conventioneele en onoorspronkelijke termen bezongen, bedeund en begalmd, daden, die zeer geschikt zijn om mogelijke minnaars van een oude, standhoudende taal de liefde er voor te ontnemen.’ Al yn syn earste stik joech Kalma as syn miening dat de Fryske literatuer fan dy dagen gjin | |
[pagina 14]
| |
ynspiraasje foarme foar jonge minsken, dy't har op in eigen wize úterje woenen yn it Frysk en dan net ferfalle ta ‘rymlerij oer djûr flesk en pronk en sa mear’ en dan ‘it bêste diel fen eigen fielen stevich wei [te skoatteljen] efter de doarren fen ienkennich stilswijen.’ Hy sei der by dat der wol mear jongelju wienen dy't lykas hy tochten. Yn in twadde krantestik oer Tolman einige er mei: ‘Ik noegje dêrom yetris mei de measte klam de jonge skriuwers, dy't fiele, det in nije biweging yn ús tael heech nedich is, út my adres en fierdere bisûnderheden meidiele to wollen; ik scil den war dwaen dizze oansluting ta stân te bringen.’ Begjin 1915 gie Kalma fierder mei syn oanfal op de tastannen yn 'e Fryske literatuer en kaam er mei fjouwer stikken oer Jan Jelles Hof syn Klankboarne, in boek dat op dat stuit trochgie foar it bêste wat de Fryske literatuer opsmiten hie. Kalma wie net mijen oer it boek. Hy brûkte it om nochris fûl tsjin de tastannen yn it Fryske wrâldsje te protestearjen. De reaksjes fan de Fryske pommeranten gienen foarearst oer syn blasterige toan - sa wie men net wend dat der krityk jûn waard. Hof waard troch dy stikken in libbenlange fijân fan Kalma. Jonge skriuwers fûnen syn krityk prachtich. As reaksje dêr wer op skreau Kalma in superieur stik, Krityk, dêr't er yn útlei hoe absolút nedich krityk wie om ta in bettere literatuer te kommen, mar ek hokker kwalifikaasjes in goede kritikus nedich hie. Boppe-al moast in kritikus rjochtfeardich wêze, tsjinoer keunstner èn de Keunst. Net sûnder heechmoed wienen syn lêste rigels: ‘Ik hoopje ynlik, det men, om't ik dochs fen doel bin net as by hege útsûndering de ynhâld fen in wurk wiidweidich mei to dielen, biljeaven foar eagen hâlde scil, det myn kritiken alderearst miene, gelegenheit to jaen mei my en myn opfettings op 'e hichte to kommen, hwet syn wearde hawwe kin for letter, as ik ris in skoft de krityk net mear bioefenje, - wylst yn it twadde plak komt de dichter ef rimeler en syn bisprutsen wirk.’ Kalma woe dat de jongerein, dy't er al rillegau Jong-Friezen neamde, in eigen tydskrift krije soe om sa ûnder it jok fan de âlderein út te kommen. Dizze âlde garde besocht him te begekjen om syn breklike Frysk en lange sinnen. Men fûn him in ûnfoech jonkje dat fierste eigenwiis wie. Lykwols, de geast wie út de fles. Yn septimber 1915 kaam Kalma syn boekje De Jongfryske Biweging út.Ga naar eind3 It wie nochris bedoeld om de liedende minsken fan de Fryske Beweging der fan te oertsjûgjen dat de jonge skriuwers in eigen plak yn de beweging krije moasten. Mar hy die mear, hy kaam mei in útwurke programma foar de hiele Fryske Beweging. Hy begûn wer mei it belang fan in persoanlike keunst te ûnderstreekjen boppe de klisjee-keunst dy't noch foar master opsloech. Persoanlike keunst wie foar Kalma ‘de kinst dy't ûntstiet út ynlik-waerme, wiertwingende fieling, hwerby de kinstner allinne syn oandacht wijt oan de oandwaning, de utering dêrfen en hwet neffens syn ynsjên de suverste harmonije wêze scil twisken dizze beide, sûnder det op 't egenblik fen skriuwen ef sjongen tocht wirdt oan ynfloed op bûtenstenaders.’ | |
[pagina 15]
| |
Syn pleit foar in bettere literatuer ferbûn er mei taalstriid, en hy fûn dat de minsken fan de Fryske Beweging fierste min ienriedich en fûl wienen: ‘Freget men dizze ljuwe fol earlike en suvere bilangstelling, hokfor bitinken al hjar hânneljen laet, den uterje hja, nei yen in skoftke twiveljend oansjoen to hawwen, kypjend en stoarjend yn dizige fierte, as wier der biskreaun hwet hja sochten, mei minlike rêstigens it âlde, wolbikende wird: ‘Ut ljeafde for ús tael, ús folts, ús lân.’ Soks wie Kalma fierstente dimmen, hy fûn dat der in dúdliker eindoel komme moast. ‘By elts nij plan bistiet der great forskaet fen miening en opfetting,’ skreau er. ‘Mar aloan, tinke wy der ús yn, det moarn de dei in minlike ingel op ierde delsaeide, dy't ús tasei, det hwet wy oer it ûnderwiis winsken, ta stân komme soe, den wier it gefolch dalik krêftige striid, dy't fensels wer forroun ta persoanlike rûzje en salang oanhold, det de ingel mijen, mar moanjend, freegje moast om hwat gauwer biskie (..) En nei minskelike birekkening soe de ingel wachtsje moatte oan it ein der dagen.’ Dat moast oars. ‘Mar ûnwitten-better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as útfier jown waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte oandacht tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in fier-útstrielend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich mar wis de rjochte wei to bigean.’ De âlderein woe ‘blyn wêze en blyn bliuwe, omdet hja eang binne it ljocht net forneare to kinnen (..). Myn freonen en ik lykwol scille, wol fier fen sok in tsjoed foarbyld nei to folgjen, it jimmerwer útsprekke, oant twivel net mear bistean kin: Ho lange tiden fen striid der ek foarby gean moatte, ear't wy it birikke, jimmer bliuwt it it eigentlik doel fen ús taelbiweging, det de fryske tael wer komt yn 't bisit fen al hjar rjochten, det hjar dos wer wirde scil de hearskjende tael yn ús lân (..).’ Hjirmei wie Kalma folle radikaler as de measte Bewegers, dy't oer 't ginneraal it Frysk noch wol konservearje woenen, mar fierders net folle ferwachtingen fan de takomst hienen. Neffens Kalma wie it net genôch as minsken meiinoar Frysk praten, de tael moast ek foaroan komme yn it ûnderwiis, de tsjerke, de rjochtseal. Hy wiisde dêrby op it belang fan propaganda foar de Fryske saak ûnder de Friezen, want maklik soe it wol net wêzen dy te oertsjûgjen: ‘De faek hwet al to praktyske, bûtenwenstichforsichtige libbensoertsjûging fen de Friezen bringt mei, det al sjogge har, det it doel fen de ien-as-oare foarstien, hwet souns hat, hja der dochs net ta oergeane sok in streevjen to stypjen, as hja hjar net klear oan it forstân brocht wirdt, det der gjin kar mear bistiet, en eltse oare wei laet nei in sompe ef ôfgroun. De measte minsken ljeavje in blom, sadré dy, kommen ta ripe ûntwikkeling en ljeaflike iepentearing fen syn pronk, it each fornoeget troch syn swide rykdom fen kleur, mar in Fries is net tofreden ear't de blom yn hjar lústertael him yn 't ear reaunte hat det op it plak, nou troch hjar ynnomd, dochs net in nôt-jier dije koe, en det hjar oanwêzen net inkeld hearlik mar ek needsakelik is. Den earst bigjint der in twinkeljend libben yn de blauwe eagen fen in Fries, en him rjochtsjend ta hwa't him selskip hâlde, seit er rêstich: “Wis, de wûnders fen | |
[pagina 16]
| |
Natûr binne moai”.’ Kalma kaam ek noch op de ferhâlding ta Hollân. Yn dat ferbân neamde hy Fryslân ‘ús lân’ en de rest fen it keninkryk ‘it ryk’. Hy ferwachte fan dy kant net folle stipe foar de taalstriid, mar woe der eins ek net folle kontakt mei ha. Leaver seach er nei Ingelân as it gie om meistriders, om't der fan âlds ommers in bân bestie tusken dizze twa lannen en talen. Foarearst woe hy dat op reserve hâlde, Fryslân moast it op eigen krêft besykje, mar mocht stipe nedich wêze, dan soe it net fan Hollân komme. Ynearsten seach Kalma foar de Jong-Friezen allinnich in rol by it ynfieren fan syn nije letterkundige begjinsels, mar al foar it boek útkaam wie it him wol dúdlik wurden, dat er fan de Beweginsmannen neat te ferwachtsjen hie. Dêrmei rjochte er yn novimber 1915 de Jongfryske Mienskip op. De jongerein, mei Kalma foarop, soe it dan sels wol dwaan. Hoe grut it fjoer fan de Mienskip wie, docht wol bliken út in taspraak dy't Kalma begjin 1916 hâlden hat, en dy't as Fryslân en de wrâld útbrocht is.Ga naar eind4 Dizze lêzing is eins in gearfetting fan syn eardere boek, mar Kalma fitert syn harkers noch mear oan om fûl foar it Frysk op te kommen. Hy docht dat troch de taalstriid yn in breder perspektyf te setten. Kalma neamd yn syn taspraak wer de needsaak fan in ‘fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich mar wis de rjochte wei to bigean.’ Fan it Frysk Selskip seit er dat it dwaande is mei nutteleaze saken: ‘Men koe it der mar net iens oer wirde, eft men “nidle” skriuwe scil mei dl of ll, mei in i ef in u (..).’ Hy komt ek wer op de bân mei Ingelân. Wie it him der yn syn boek noch om te dwaan om in meistanner op reserve te hawwen, yn syn taspraak giet er fierder. Hy neamt in tal foarbylden fan folken dy't oan inoar besibbe binne, en komt der dan op dat de Friezen dat net binne oan de Hollanners. ‘De geast fen Hollân is dea.’ Neffens Kalma wienen de folken fan Ingelân en Skandinavië wol oan de Friezen besibbe. By har - krekt as by de Friezen - bestie ‘de meast suvere harmonije (..) twisken it himsels lang gelyk bliuwende, strange en hwet ôfwizende uterlik, en de wisbisletten, troch-settende en soun-tinkende geast; dy't maklik hwet stiif oandocht, omdat it hjar miskearret oan de hertstochlike fieling, en dy dochs de measte dingen fan bliuwende weardij ta stân bringt, om't hja nuvere wearm is fen tinken en maklik ynsjocht hoe't men it bêste to wirk giet (..).’ Tusken Ingelân en de Skandinavyske lannen bestie gjin geastlike oansluting en Kalma fûn dat it de bedoeling fan it ‘Albiwâld’ west hie, doe't it Fryslân ‘skoep, it lân, dêr't in flok op like to rêsten, om in brêgge twisken dy twa folken te foarmjen (..). Ienris scil men sjên dat Fryslân yn 'e wrâld net in ûnnut wier, ienris scil men, as it geastelik libben fen Ingelân en Skandinavië bistiet as in ek ynwendich krêftige ierheit, mei nocht sjên nei dit lân mei syn warber folk en syn fruchtbere mieden; hwent mei ús kinst en ús streevjen bouwe wy ienris de brêgge twisken Skandinavië en Ingelân.’
Kalma syn ideeën binne no net sa bysûnder mear; it measte is absorbearre troch de Fryske Bewe- | |
[pagina 17]
| |
ging, útsein dan de bân mei Ingelân. Dêr is net folle fan telâne kommen.Ga naar eind5 Opfallend bliuwe syn aspiraasjes, it samar eefkes (sa liket it wol) delsetten fan in kompleet programma. Hy brûkt lange, oerdiedige sinnen, mar syn retoryk hat minsken wol oertsjûge. Neffens Jan Piebenga wie Kalma syn ier wurk suver net te lêzen troch ‘sweevjende, steatlike en ûnseaklike styk,’Ga naar eind6 mar dat oardiel kin net stean bliuwe. De effekten fan syn trije earste publikaasjes binne dêr ek te grut foar west. | |
IIKalma syn wurk hat grutte ynfloed krigen. De Fryske Beweging is troch syn ideeën en syn fjochterich optreden radikaler en krêftiger wurden; saken dêr't men earder noch foar tebekskrille, binne troch Kalma normaal wurden. In grutte groep jonge minsken is troch de Jongfryske Mienskip entûsjast makke foar it Frysk. By Kalma syn begraffenis hat Fedde Schurer sein, dat Kalma ‘de loft boppe ús heger, de kym wider [makke hat].’ En dochs leit Kalma op in minne namme. Foar in part is dat syn eigen skuld om't er yn 'e oarloch de kant fan de Dútsers keazen hat. Mar it hat ek mei oare saken te krijen. Fan it begjin ôf hat hy wjerstân oproppen. Der wie wat yn Kalma dat minksen tsjinstie. Hy koe djippe yndruk meitsje, hy koe lju entûsjast meitsje, se oantrune ta bettere prestaasjes. Mar der wienen ek minksen ûngefoelich foar syn karisma. Dy fûnen him oerdreaun. En guon dy't net langer troch him betsjoend waarden, woenen fansels mei him ôfweve. Der is noch altyd gjin biografy oer Kalma, likemin as in skiednis fan de Jongfryske Mienskip. Foar in oerdiel oer Kalma en syn prestaasjes is men dêrom oanwiisd op de boeken oer de Fryske Beweging fan Sjoerd van der Schaaf en Gjalt Zondergeld. Fan sokke wurken ferwachtet men objektiviteit, mar dat is yn dit gefal om 'e nocht. Beide skriuwers fine Kalma net sympatyk. Dat bepaalt fuortendaliks de wize hoe't hja oer Kalma skriuwe. Yn Skiednis fan de Fryske BewegingGa naar eind7 kundiget Sjoerd van der Schaaf it optreden fan Kalma oan as ‘Douwe Kalma syn earste fanfares’. Twa kear seit Van der Schaaf dat ‘ek in fearnsieu nei syn dea de tiid noch amper ryp is’ foar in einoardiel. Wêrom't dat sa is, bliuwt dizich. Ek al moat er tajaan dat Kalma yn in soad saken gelyk hie, fan herten giet dat net. Syn lof krijt wolris in feninige draai. Sa seit er oer Kalma syn Jongfryske Beweging: ‘Dy brosjuere, dêr't wol syn persoan wer tige yn nei foaren komt, hâldt dochs in nasionael programma yn dat folle fierder giet as ea yn 'e hollen fan de Selskipsbestjûders út de eardere en lettere tiid opkommen is.’ Gjalt Zondergeld is yn De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogenGa naar eind8 sa 't sa stadichoan elkenien wol wit, in man mei in missy. Alle ferkearde eleminten yn de Fryske Beweging moatte oan it Ijocht komme. Kalma makket dan fansels ek gjin inkele kâns. By alles hat er ommers ek noch gjin straf krigen yn 1945, útsein dan in publikaasjeferbod. Zondergeld hat Kalma noch mar krekt foar 't earst neamd of hy wurdt al fergelike mei sokke suspekte mannen as Maurras, Barrès, Joris van Severen en... Mussolini. | |
[pagina 18]
| |
Zondergeld beskriuwt wol as earste wiidweidich de earste jierren fan Kalma en de Jongfryske Beweging en dat is tige ynformatyf. By beide skriuwers is it dúdlik dat se grutte muoite ha mei de persoan Kalma. Zondergeld seit: ‘Zijn ijdelheid, zijn zelfingenomenheid, zijn eigenliefde verdrongen echte vaderlandslievende gevoelens. Douwe Kalma hield niet echt van Friesland, zoals het reilde en zeilde, maar van zijn Friesland zoals hij het wilde hebben en leiden.’ De fraach is hoe betrouber dy karakteristyk is. Dêrfoar hat Zondergeld nammentlik in wol hiel bysûndere psychologyske ferklearring foar Kalma syn krewaerjen foar it Frysk jûn. Neffens Zondergeld wie dat te ferklearjen troch Kalma syn homoseksualiteit: ‘Als hij dan geen vrouw kon en geen man mocht liefhebben, dan zou het een land, een geheel volk zijn waarvan zijn hart vervuld was.’ De Fryske Beweging as sublimaasje. Zondergeld brûkt opfallend genôch sa'n ferklearring net by Folkertsma, dy't dochs ek noait troud is. Oer him seit Zondergeld: ‘Ondanks zijn romantische verering voor de vrouw, heeft hij nooit een huwelijk aangedurfd. Zijn schuchterheid en ook zijn onhandigheid weerhielden hem ervan het pad der liefde te betreden.’ Sa negatyf as Zondergeld oer Kalma syn karakter is, sa posityf is er oer Folkertsma: ‘Iedereen, die met hem in aanraking kwam, voelde dat het hem volslagen ernst was met Friesland en met zijn christelijk geloof. Hij was door en door eerlijk; een zuivere figuur, die niet van schipperen wist of wilde weten. Juist daarin verschilde hij wel het meest van Kalma. Friesland was hem wèrkelijk zijn land, zoals de Friezen hem zijn volk waren.’ Folkertsma wurdt sa by Zondergeld in hillige. Eins is dat frjemd. Folkertsma wie ommers like autokratysk as Kalma en syn ideeën wienen bytiden de faksistyske kant neist. Wêrom dan dochs sa myld? Allinnich om 't er him better hâlden hat yn 'e oarloch? Om 't er tsjerklik wie? In andert is miskien al by Jan Piebenga te finen. Dy fergelike de beide mannen ek en kaam mei de neikommende kwalifikaasjes. Folkertsma ‘krige fan hûs út folle mear fêstichheit en geastlike foarming mei’; ‘it karakter is [foar elkenien] dúdlik’; ‘kriget in behyplike oplieding, is it foarbyld fan de geve autodidakt en lit syn libben net fan kunst en skientme, mar fan de godstsjinstige wierheit behearskje’; ‘ferkearde mear as ien ûnder it sljochtwei folk.’ Kalma hie dus fan hûs út gjin fêstichheit en geastlike foarming meikrigen; oan syn talint waard nea twivele, wol oan syn karakter; ‘is fan frijsinnich komôf, kriget in klassike foarming, giet nei de universiteit, hâldt altyd wat fan de estheet’; ‘lit syn libben [fan] keunst en skientme’ behearskje; ‘wie jierren lang sosialist en stie doe fierder as ea fam it folk ôf.’Ga naar eind9 It is wol dúdlik: Kalma wie gjin echte Fries. Teminsten, net sa'n ien as Zondergeld, Van der Schaaf en Piebenga him ha wolle. Kalma rûn der út, as in paradysfûgel tusken de hinnen. ‘Als je met hem sprak onderging je reeds zijn invloed. Van zijn merkwaardig, sonore stem, zijn plechtig taalgebruik raakte vrijwel een ieder, ook niet-Friezen onder de bekoring. Zo sprak niemand Fries. (..) Zijn wat wiegende manier van lopen maakte de | |
[pagina 19]
| |
indruk alsof hij op bovennatuurlijke manier over het water zweefde. Zijn ogen schenen je altijd voorbij te zien. Geen wonder, dat hij in zijn jonge jaren, maar ook tot op het eind van zijn betrekkelijk korte leven, op vrouwen veel aantrekkingskracht uitoefende.’ Dat skriuwt ZondergeldGa naar eind10 dy't it wer fan oaren oernommen hat. (Hy mient - sa liket it wol - dat as men froulju mar net oansjocht, se fansels fereale reitsje.) Fan gjin ien oare figuer yn syn boek beskriuwt Zondergeld hoe't de man of frou rûn en prate. Oer seksuele oantrekkingskrêft likemin. Van der Schaaf hat it ek oer Kalma syn ‘hearskersnatuer [dy't] froulju wol achtsje mar net leavje koe.’Ga naar eind11 Mar de grutste fan Kalma syn sûnden wie dochs wol ‘syn swinken faek fan de iene nei de oare [kant] en syn wikseljend oardiel oer deselde minsken’ (Van der Schaaf) ‘Zijn doorlopend wisselen van ideaal, godsdienst en partij, ja strijdwijze zelfs deed hem vervreemden van alle andere Friese voormannen.’ (Zondergeld)Ga naar eind12 In Fries is no ien kear stânfêst. Kalma wist mar al te goed hoe't de oare foarmannen oer him tochten. Yn syn apology, de Koarte ynlieding ta J.J. Hof's Fjirtich Jier TaalstriidGa naar eind13 seit er: ‘Ik bin tweintich jier fen hope ta toloarstelling en fen toloarstelling nei nije hope gien, jimmer, lyk as tûzenen Friezen foar my, oanlitsen fen in fier ljocht yn de kimen, jimmer besykjend de minsken better to sjen as se wiene, jimmer wer ûntdekkend det by alle moaiskyn en hege stribberij de minske bleau dy't er wier, oant ik einlings leard haw det de wierheit net in fiere glâns wier mar in krêft yn de groun fen it libben, oant myn idealisme fen it libben sels ta realisme omsmeid wier. Ik meitsje der gjin oanspraek op, op dizze lange en faek moeisume wei mysels allyk bleaun to wêzen (it hie myn ûndergong west as ik det bleaun wier), mar wol meitsje ik der oanspraek op det ik dy wei gien bin yn earlikens foar mysels oer, en dêrtroch ek yn earlikens foar oaren oer.’ Wa sil út al dizze tsjinstelde mieningen nochris de wiere Kalma helje? |
|