Stom wie dat no, dat se net mear op syn namme komme koe.
Sy moast efter yn 'e auto sitte. De man en de frou seinen sa no en dan wat tsjin inoar oer it ferkear. Se wist eins net wêrom't se meigien wie. Sa lang at se no yn it tehûs wie, hie se wol leard dat it better wie om mar mei te dwaan en net tsjin te aksjelen. Dan gie it altyd makliker.
Se rieden troch in stêd, de strjitten en huzen kamen har bekend foar. De sêfte bank en it lûd fan de motor makken har slûch.
‘Ken mem it hjir noch wol,’ frege de frou lûd en sy skrille wekker. Se rieden tusken greiden mei fee. Der rûnen skiep mei lamkes, gjin kij. Se seach wol dat it fûl waaide. Yn 'e fierte stie in tsjerketoer en sa'n nijmoadrige mûne. Se hie hjir wolris earder west, dêr wie se wis fan, mar folle fierder kaam se net. ‘Jawis wol fanke,’ sei se. ‘Dêr is de pleats,’ sei de man. It wie har fergetten dat hy ek yn 'e auto siet.
Se gienen in bocht om en rieden in smel dykje op. Fierderop stie in pleats, op in hichte, mei hege beammen. Se wist it fuort. Hjir hie se wenne, hjir wie se grutbrocht. Hjir wienen heit en mem. Wêrom wenne sy hjir dan net mear? Der wie wat bard, doedestiids, mar se wist net mear wat. Hienen se de pleats ferkeapje moatten, wie it jild oprekke? Dêr hie har mem altyd al sa bang foar west.
Doe't se har út 'e auto holpen, hearde se de skierroeken. Dat lûd soe se nea ferjitte! Se seach omheech: de nêsten wienen der noch. In arbeider hie ris besocht om de fûgels fuort te jeien, hy hie op se sketten, mar se wienen gewoan werom kommen. Se seach dat it tek fan 'e skuorre wie, der leinen no grutte plastik platen op. Op it hiem wie it gewoan in binde, har heit soe it nea sa fersleaukje litte.
De minsken by wa't sy yn 'e hûs gienen, koe se net. Hienen dy de pleats miskien hierd? In jonge frou sette in pantsje mei in broadsje derop foar har del. In glês molke stie der al. De oaren begûnen mei it iten. Sy seach nei de bern dy't op 'e grûn boarten. Foar 't rút siet in kat. Dat woe har mem net lije, katten hearden bûtendoar.
Se ferwachten fansels, dat sy wat freonliks sizze soe. De jonge frou, de man en de frou dy't har meinommen hienen en de oare man, dy't sokke blauwe eagen hie. Elk seach nei har en wachte ôf. Wat dienen sy hjir?
‘Wol it hjir wat buorkje?’ frege se.
‘Dat sil beppe dochs wol witte,’ sei de jonge frou. ‘De pleats is al salang yn 'e famylje.’ Se pakte it jonkje dat oan 't boartsjen wie op. ‘Hy wurdt letter ek wer boer, wat do Jasper.’
‘Dat wit se allegear net mear,’ sei de jonge man, ‘lêsten doe't wy yn it tehûs wienen, koe se ús ommers ek net.’
‘Mem wie altyd sa skerp, it griist my gewoan oan.’
Jasper, tocht se, dy namme, dêr wie wat mei.
Se wie de skuorre troch rûn, de stâl, it hinnehok. De frou dy't har hjir brocht hie, wie by har bleaun. Se seach wol dat alles feroare wie, dêr't de kij stien hienen, wie no in sliepkeamer. Dochs