Jir̂í Wolker:
De feint foar it finster
Douwe Tamminga
Jir̂í Wolker (1900-1924), Tsjechysk dichter, ferliet syn âldershûs yn Prostejov, in stedsje yn Moravië, doe't er njoggentjin wie, om yn Praach rjochten te studearjen. Dy stúdzje joech er moai gau op, om him alhiel opliterêr wurk ta te lizzen. Yn 1922 begûn er him mei polityk te bemuoien en waard er in oertsjûge kommunist. Yn 1921 en 1922 binne yn syn memmetaal twa dichtbondels fan him ferskynd. Noch mar 24 jier âld is er oan longtarring weirekke.
Oersetting nei it Dútsk.
Café Bellevue, honk fan woldijen,
fol soelens, muzyk en snypsnaarderijen,
fergulde balústers, fol plúster en pracht.
Bûten de hjerstrein, de skrouskens, de nacht.
Finsterglês speeg'let dêrtuskenyn:
As jimmer is hjoed wer eltsenien kommen,
deftige hearen, opmakke mefrouwen
hawwe behaachlik har plakken ynnommen,
noazelje nei wat in nijsblêd ferkrantet.
- briljanten op strikken -
de rôzige wrâld en fertier,
troch harren lorgnetten fan krantepapier.