jout my neat nijs: ‘Ik ha gjin wurden foar / de roas oan myn muorre / rôze riedsel / ûnsisber new dawn.’ (s. 10) Yn it skift ‘Grien’ (1960-1955) stiet wol in hiel moai fers oer in prunus. Hjir wurdt mei de taal boarte en ferlieze de fersen de swierte fan in klisjee: ‘Tinne tulen tûken / wyt blomt / tint-teare tulen blomt.’ (s. 65) Yn sa'n fers komt de dichteresse sels oan it wurd en sprekt se net troch de wurden fan in oar hinne.
Oer de ferhâlding tusken man en frou skriuwt de dichteresse frij faak. Binne de fersen oer de leafde tusken man en frou oan it begjin noch iepen en sykjend, de grûntoan foar de rest fan de bondel is eins al set:
as de kadâns fan frouljusskonken
wat oars as de roas yn it fleis
It byld fan de frou dy't mei wille yn in man ‘falt’, mar tagelyk yn him ferdrinkt en sa harsels kwytrekket, is in byld dat hieltiten werom komt yn de bondel. Ambifalinsje is it kearnwurd at it op de leafde oankomt.
Yn it skift ‘Al wer ferhúzje’ (1979-1970) oerhearsket dy ambifalinte kant hiel dúdlik: ‘Ik haw myn oksels sprayed / it hier, de mûle / al wat yntym is / en do seiste / rook noch smaak / myn leafste.’(s. 46) De ‘ik’-persoan sjocht harsels yn dy fersen as in byld fan in frou, net as in echte frou. Dat omskriuwt se hiel moai yn it fers ‘Image Building’: ‘wij pearje inkeld op 'e nij / as in testbyld past / op dij en mij.’(s. 45) Wat der bart hat alles, mar ek neat mei de ‘ik’ fan de fersen te krijen. It is as sjocht se harsels fan in ôfstân. Wer wurdt it byld fan fallen brûkt at it giet om it gefoel fan ferdrinke yn de oar en de wrâld:
Yn de skiften ‘Net foar de wolkens’ (1989-1980) en ‘As it libben licht is’ (1995-1989) liket it der sa no en dan op oft de ‘ik’-persoan in manier fan libjen fûn hat mei de ûnmooglikheid fan leafde. Ek de boartlike toan dy't yn guon fersen brûkt wurdt, liket dat te suggerearjen, mar dat is mar skyn. In fers as ‘Flústerje’ hat in lichte toan, in moai ferspringend ritme, mar aardich is it net: ‘Moaie leagens / swiete priuwkes / leave treast / wrede mearkes / seksferhalen / fenyn en rabberijen / fata morgana's.’ (s. 28) Mar der binne ek fersen dêr't de wifel ferdwynt lykas yn it earste fers yn de bondel ‘As it libben licht is’: ‘As it libben licht is: nim it, / en leafst: nim noch wat mear.’(s.7)