Trotwaer. Jaargang 28(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 38] [p. 38] Symfoanyske spegelmaten by Lelystêd J.Q. Smink O stroom, o elektrisiteit, pipen stean op, binne in Jetses op kerton mei wite bomwolriik, moai, tsjin dit lofte blau. De symfony fan triedden en masten fan stiel en fol muzyk slipet it kabineglês, wyn lit ballerina's op ien foet stean. De dames en hearen fan de sintrale dy stekke de polder yn, guon mei sjouwurk: twa ammerker wetter helje oan 't jok, oaren kleie mei hege earms wanhopich de himel oan foar al dy bliere stroom op 'e trie, dy bene oer de bosken hinne. De kabels hingje oan de beamtoppen ta en de dize slokt dy Eiffelklonen op, de stielen dragers en klagers it sicht út. Earne yn 'e stêden streame út 'e boksen en op 'e skermen en dêr hat men gjin weet fan dat wiidskonkich folk op 'e sjou, mar de gekke ballerina's wurde dronken fan 'e wyn; wat har beweegt bin' se kwyt, de achterspegel mjit hoe lyts har maten. Vorige Volgende