Trioel
Jan Pieter Janzen
It Frysk Museum noch tefolle in sealtsjeboel
Klear is it Frysk Museum noch net mar mei de renovaasje sjit it aardich op. De nijmakke Kânselarij koe ferline jier al yn gebrûk nommen wurde en ek mei de útstallingsromten oan 'e oare kant fan de Turfmerk is it publyk al yn 'e kunde kommen. Ek al mocht arsjitekt Gunnar Daan dan gjin loftbrêge bouwe en moast it mei in tunnel ta, it is him goed slagge om troch it oanbringen fan twa identike gevels oan wjerskanten fan de strjitte de suggestje fan in ienheid te jaan. De nije entree is prachtich wurden.
In stap foarút dus. Neffens it Nieuwsblad van het Noorden sels in reuzestap: ‘De architectonische facelift van Gunnar Daan tilt het Fries Museum tot ver boven de sfeer van onbetekenende streekmusea en provinciale oudheidkamers, zonder daarbij bijkans tot in de wolken te willen stijgen.’ Sa hearre je it ris fan in oar!
It bêst slagge ûnderdiel is sûnder mis it Kânselerijgebou mei syn romme sealen en op de souder it nije Fersetsmuseum, te berikken fia de monumintale âlde trep.
Oer dit stik fan syn wurk sei de arsjitekt yn it Nieuwsblad: ‘Ik houd erg van pakhuizen en silogebouwen, van simpele structuren, die allerlei functies kunnen opnemen. Ook de Kanselarij heeft die kwaliteit.’ In kwaliteit dy't no yn de fraai ynrjochte romten prima ta syn rjocht komt, al kin men oer de mânske airco-ynstallaasjes oan it plafond ferskillend tinke.
Sûnder sponsors koe it - fansels - net. Neist subsydzjes en yntreejild kin sa'n trêde jildstream ek yn 'e takomst kenlik net mist wurde. Sadwaande is it no mooglik om yn de grutte portretteseal (‘aangeboden door ELF-Petroland’) yn it fermidden fan Fryske steedhâlders en santjinde-ieuwske hegerein te iten en te drinken en feest te fieren mei muzyk en sang fan Douwe Heeringa c.s. Kosten: f 1500,- foar de sealhier. De catering kin soepel regele wurde troch de eigen museale caterer.
Kin it Museum dêrbij ek foar histoarysk diggelguod soargje, lykas earder wolris bard is? ‘Nee, dat is net de bedoeling’, seit de foarljochtster. ‘In heel soad stiet trouwens noch ynpakt. Faak dogge wy op sokke jûnen noch wol in rûnlieding.’ It blykt ek noch mooglik te wêzen om de filmseal te hieren, ‘foar bedriuwspresintaasjes en sa’. Al hat it Museum mei dizze publyksfariant noch net oan 'e dyk timmere, ‘it komt wol regelmjittich foar’. Uteraard mei der ‘absolút net rookt wurde’. Dat as skrale treast foar dejingen dy't wat muoite ha mei dizze foarm fan privatisearjen fan mienskipsfoarsjennings.
Werom nei de museale funksjes. Ien dêrfan is it útstallen en oanlizzen fan in kolleksje moderne keunst, want dy taak hat it Frysk Museum der