Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 257]
| |||||
Sjoerd Bottema
| |||||
[pagina 258]
| |||||
Dit wordt gestaafd met
Ien fan de literêre kwaliteiten fan dizze ridderroman, sa praat Klaas Bruinsma fierder yn syn foarwurd Roemans en Van Assche nei, is de logyske opbou fan it ferhaal. Goed, dat sil sa wêze. Mar fierder is net alles like logysk. Earst beswart Elegast by heech en by leech dat er de kening net bestelle wol, letter ferklearret Elegast dat er de kening ‘eartiids sa'n grut brok / him fan syn skat ûntnaam, dat twa / hynders koen’ 't amper tôge ha.’ Elegast stekt in magysk prúmke achter de kiezzen en heart dan fan de hûnen en hoannen dat de kening yn de buert is. No lit ik dy midsieuske hokus pokus mei dat toverkrûd even foar wat it is, mar wat ik my wol ôffreegje is wêr't dy simpele bisten oan sjogge of rûke dat roofridder Adelbrecht - Karel syn ynkognito - yn werklikheid kening Karel is. It sil har ynstinkt wol wêze.
Karel en Elegast is de fjirde tekst dy't Klaas Bruinsma út it Middelnederlânsk oerset hat. Earder ferskynden Rein de Foks (oersetting fan Van den Vos Reynaerde, 1974), Sa Bist (67 fabels, oersetting fan Esopet, 1985) en Béatrys (1993). De aardichste fan de troch Bruinsma oersette Middelnederlânske teksten is fansels Van den Vos Reynaerde. Neffens hjoeddeiske mjitsteven binne de fabels út Esopet te ûnskuldich en te braaf, is de Beatrysleginde kristlike pulp en Karel ende Elegast op syn bêst in senario foar in B-film en op syn minst in perfide Postbus 54 boadskip fan in demagogyske en diktatoriale oerheid. Mar Van den vos Reinaerde stiet ek hjoed de dei noch as in hûs. Om't de skriuwer de fan tsjerke en oerheid ynstelde en bekrêftige noarmen en wearden net hillicht mar bespotlik makket, stiicht it wurk fier út boppe oare literatuer út dy tiid. Troch syn synisme slút it hast naadleas oan by ús eigen literêre klimaat. Hoe grut it ferskil is tusken Ván den Vos Reinaerde en oare Middelnederlânske teksten, bygelyks Beatrijs en Karel ende Elegast, wurdt dúdlik as men sjocht nei it religieuze boadskip. Beatrijs brekt har kleasterbelofte en dat komt har djoer te stean. Lokkich komt hja ta ynkear en kin hja mei help fan Maria wer feilich weromkeare yn de skoat fan it kleaster. Karel krijt fan God it befel om út stellen te gean. Sa komt er de ferrieders op it spoar dy't tsjin him gearspanne. Yn it twagefjocht tusken de held en de smjunt, it ûnûntkombere klisjee dêr't soksoarte ferhalen mei eindigje, wurdt der fan útgien dat God der foar soargje sil dat de goede de kweade oerwint. It boadskip is dúdlik: wês trou oan en betrou op de Hear. Yn Van den Vos Reynaerde komt de Hear net foar, mar wol in folfretten pas- | |||||
[pagina 259]
| |||||
toar dy't faker nei it krús fan syn wiif taastet as nei it hillich hout en as er dat lêste al docht dan is it om der in oar mei ôf te seamen. Yn Beatrijs likegoed as yn Karel ende Elegast giet it foaral om it boppe jin stelde gesach: Beatrijs is tydlik ûntrou, dat bekomt har dus min, se kriget berou en keart werom yn 'e rigen fan de skuldbewuste, biddende en bodzjende nontsjes. Karel is trou oan God, folget Syn absurde befel - om út stellen te gean - op en rêdt dêrmei libben en troan. Elegast, dy't troch Karel yn 'e ban dien is wylst er einliks neat ferkeards dien hat, bliuwt de kening troch alles hinne trou en fynt syn beleanning, de ûntrouwe Eggeric kriget fan de trouwe Elegast sa'n slach op de harsens ‘dat hi hem rovede die meeste helt vanden hovede’ en wurdt dêrnei ek noch ophongen. Yn Van den Vos Reinaerde lykwols is it himd altyd neier as de rok: de lienmannen Bruun, Tibeert en ek kening Nobel sels ferjitte op slach har plichten en beloften by it lokkebrea dat Reinaerd har foarhâldt. Fan Van den Vos Reinaerde bestiet mear as ien bewurking of oersetting. Ien fan de bekendste is dy fan Jan Frans Willems út 1834. Willems doarst net alles letterlik oer te setten. Yn de oarspronklike tekst stiene bytiden sterke stikken dy't der neffens Willems net op troch koene, lykas de passaazje wêryn 't Tibeert, de boarre, slaande deilis rekket mei de pastoar. En in pastoar dy't der as in wyldeman op ynhuft, wie Willems ek te mâl. Hy makke der in koster fan: Eensklaps (waar't van pas hem scheen)
vloog hijGa naar voetnoot2 op des kosters been,
klauwde en beet zo sterk, zo straf,
dat hij beet... wat beet hij af?
'k Zal het best hier niet vermelden,
schoon 't noodzaaklijk zij aan helden.
Wie daar meer van weten wil,
leze in 't oirschrift met zijn bril!
It ‘oirschrift’ (d.i. de oarspronklike tekst) wynt der gjin doekjes om: Bede met clauwen ende met tanden
dedi hem pant, alsoot wel sceen,
ende spranc die pape tusschen die been,
in die burse sonder naet
daermen den beiaert mede slaet.
Dat dinc viel neder up den vloer.
De oersetting fan Bruinsma folget de oarspronklike tekst - en dat jildt net allinne foar dizze passaazje - hiel letterlik: mei syn tosken en syn klauwen
hat er, sa't wol bliek, him kronken:
sprong pastoar tusken de skonken
yn 'e ponge sûnder naad,
dêr't men 't klokkespul mei laat.
Op 'e flier del foel de flarde.
Bruinsma stiet himsels gjin frijheden ta, sterker noch, hy hâldt in strakker metrysk skema | |||||
[pagina 260]
| |||||
oan as de oarspronklike tekst. Yn de oarspronklike tekst farieart, by hieltyd fjouwer heffingen, it oantal wurdlidden yn elke rigel fan sân oant tsien, Bruinsma hâldt it konsekwint op sân (manlik rym) of acht wurdlidden (froulik rym). Bruinsma syn oersetting makket in klassike, strenge yndruk, hiel oars bygelyks as de Sieuwske oersetting fan J.J. Kousemaker út 1981: Ie sproeng den pestoor tussen z'n naekte béénen.
Ie krauwden de bozze zonder naed
waer iedere veint z'n mannetje mee staet.
Ie beet, ie knauwden in het rond...
Dat dieng van de pestoor viel op de grond.
Wannear't de pastoar syn saakje heal kwyt is, begjint syn wiif moard en brân te razen as wie hja der sels in kloat by ynsketten. Reinaerd treastet har mei de folgjende wurden: Wattan? - al hevet u here verloren
enen van den clepelen zinen,
al te meer so sal hi pinen.
En ek by dizze passaazje is der in dúdlik ferskil yn sfear tusken de deeglike oersetting fan Bruinsma en de bretale fan Kousemaker: Al is den baes z'n zaakje ‘allef kwiet,
eens zo lank duurt straks de buuë
wil je veint z'n klokke luuë.
(Kousemaker)
Och, wat soe 't, al kin net mear
ien fan syn twa bingels klippe?
Namste mear jit sil er skrippe.
(Bruinsma)
(Soks gong Jan Frans Willems yn 1834 fansels fierstente need. It aardige is dat syn sensurearre oersetting fan dizze passaazje yn wêzen pikanter is as de oarspronklike tekst: ‘Is uw man wat buiten orde, / hij zal veel gezonder worden. / Gij zijt zeker nu voortaan, / dat hij elders niet zal gaan!’) Metrysk besjoen is it yn de oersetting fan Kousemaker, ôfsjoen fan dy fjouwer heffingen yn elke fersrigel, in noch grutter soadsje as yn de oarspronklike ferzje, mar syn tekst libbet as in hert. Dêrneffens is Bruinsma syn ferhaal wat steryl, it mist, krektlyk as de oersetting yn it ABN fan Willems, it soppige, smeudige fan de Flaamske folkstaal. By alle frijheden dy't Kousemaker himsels tastiet, komt yn dy syn oersetting de oarspronklike tekst dochs better ta utering as by Bruinsma om't er gjin ‘algemien beskaafd’ brûkt, mar libbene folkstaal. Derby hat er fansels it grutte foardiel dat er it Sieuwsk brûkt, wol net it Sieuwsk-Flaamsk, mar dochs in taal dy't nau besibbe is oan wat der te Hulst en omkriten praat wurdt, yn de kontreien dus dêr't it oarspronklike Reinaerdferhaal him ôfspilet. | |||||
[pagina 261]
| |||||
Karel ende Elegast hat wol wat fan in krystferhaal. As Karel by ljochtskynmoanne troch de bosk rydt, om't God him befel jun hat út stellen te gean, fielt er him lang net op syn gemak en komt er ta it folgjende ynsjoch: Ik wie it wend, fóar alle dingen,
dieven te gripen dêr 'k har wist,
lju dy't de minsken mei in list
har guod ûntrôvje en ûntstelle.
No mei ik wol mylder fûnis felle
oer dy't de kost yn noed bestribben.
Bewust sette hja goed en libben
yn 't aventoer. Wurde hja fongen,
dan wurde hja ûntholl' of hongen,
as slimmer dea har diel net wurdt.
Dat harren eangst is faken grut.
Nea yn myn libben bart wer 't kwea,
dat ik om in geringe skea
in man yn it ferdjerren bring.
En sa komme syn prakkesaasjes as fansels by Elegast dy't er ‘om in nearzich ding’ it lân útstjoerd hat. Gelokkich hat de Grutte Regisseur it sa regele dat Karel Elegast dyselde nacht noch moetsje sil, sadat er wer goedmeitsje kin wat er oan Elegast misdien hat en boppedat ôfrekkenje kin mei de ferrieder Eggeric. Ja ja, wat kinne je je al raar yn de minsken fersinne! Dêrom moat men op minsken allinne net bouwe, mar fóar alles op God betrouwe. No noch wat snie, in pear túfkes dennegrien en hjir en dêr in krystbeam en we ha in prachtich moaie stereotype christmas carol: de doaljende antiheld (Karel) dy't ta in nij seedlik besef komt en in driigjend ûnheil noch krekt op 'e tiid beswarre kin. In moai krystkadootsje dus, dizze oersetting fan Klaas Bruinsma. Der moat f 24.50 foar delteld wurde, mar foar dy krapoan 25 gûne is men net bekocht, want it boekje is prachtich útfierd en de oersetting rint as it spoar. Bruinsma syn behearsking fan rym en metrum is yndrukwekkend, al lit er him wolris ferliede ta it brûken fan obskuere wurden: Ik woe dat ik 't kastiel út wie
en nimmen dêr gewach fan hie,
al koste my dat oan 'e RienGa naar voetnoot3
sân stinzen en kastielen skien.
De Rien, hie 'k tocht. Wêr streamt dy: by Rien-Itens?
Karel en Elegast is in knappe, deeglike oersetting yn geef, bytiden wat âldfrinzich ABF. Dat ‘algemien beskaafd’ steurt hjir minder as yn Bruinsma syn oersetting fan Van den Vos Reynaerde. Rein de Foks is in dogeneat, dêr heart pittige taal by. Karel en Elegast binne eins mar stive harken, like deeglik as Bruinsma syn oersetting, dus dat past wol aardich. Dochs stiet de taal fan Bruinsma te fier ôf fan it Frysk fan aldendei om de âlde | |||||
[pagina 262]
| |||||
tekst tagonklik te meitsjen foar in modern en ‘breed’ publyk. Men kin jin ôffreegje oft de oersetting dêrmei har doel net foarbysjit. Of it soe wêze moatte dat Bruinsma mei syn oersettingen net yn it foarste plak de minsken mar harren taal in tsjinst bewize wol. Sa'n oersetting fan in ‘klassyk’ wurk yn ‘klassyk’ Frysk jout it Frysk ommers wer wat mear status. De oersettingen fan Klaas Bruinsma: statussymboalen? |