tearre hat. Sa moat der earst tastimming komme fan de ofsier fan justysje om in tillefoan ôftaapje te litten (al is in trouwe folger fan de soapsearje Santa-Barbara dêr ek fan op 'e hichte).
Mei it beskriuwen fan it wol en wee fan de sjoernalist liket Boomsma wat te parodiearjen op de tillevyzjedetektives. Sa heucht it my dat Derrick, Der Alte en Der Kommissar ek út en troch harren eks-frou opbellen yn tiden dat it der op oan kaam. By Boomsma bellet de eks-frou sels.
Der is in soad omtinken foar it priveelibben fan de ‘útsiker’ en dêrmei slút Boomsma oan by de lanlike trend yn 'e plysjeromans: ‘De misdaad is vervangen door een kijkje in de keuken’ skriuwt Rinus Ferdinandusse yn Vrij Nederlân fan 24 sept. 1994. Hy besprekt hjir trije Nederlânse misdiedromans en hat de resinsje de foar himsels sprekkende titel ‘De politie kan het ook niet helpen’ meijûn.
It is moai, dy human interest omtrint de iensumens op in flat yn Bilgaard, mar yn it gefal fan Boomsma giet it ten koste fan de plot. As yn Defrou mei... de sjoernalist him noch tige nayf ophâldt op in suspekt plak, wit de lêzer allang wat der allegearre spilet. En dêrmei wurdt ien fan 'e hichtepunten fan it boek oerstallich, want hie de sjoernalist wat skerper west, dan hie er him ek net yn inoar slaan hoege te litten.
Yn ‘Reidmannen’ wurdt sjoernalist Overwijk ek yninoar slein. It liket wol as hat de auteur der aardichheid oan en beskriuw it bijkommen nei sa'n tamtaasje:
Earst fielde ik de kjeld. In wiet, iiskâld gefoel yn 't boarst, yn 'e skonken, yn 'e earms. En doe kaam de pine. Mei sa'n geweld, sa folslein, dat ik it útraasde en de eagen wiid iepen skuorde.
In frou mei ljochtblauwe eagen (s. 50)
Kâld. Myn hiele liif skuorde fan de kjeld. Pine. Oeral die 't sear. It sykheljen fluite. En it wie swart. Alles om my hinne wie swart. Mar kâld, god, wat wie ik kâld. En wiet. Ik wie wiet.
Knyflok en reidmannen en oare misdiedferhalen (s. 152)
It ferhaal fan it boekewikegeskink giet oer sjantaazje en drugs, net in ûngewoan tema dizze tiid. Wat dat betreft is de wurklikheid gjin geweld oandien. Mar net wierskynlik is de man dy't mei de ljochtblau-eagige frou troud is: hy wit neat fan har ôf (se is smoarryk en hat in mislearre soan, mar dat wit er net. ‘It is har libben.’ seit er).
As de sjoernalist de neil achter it ferhaal fan de frou mei de Ijochtblauwe eagen hat, komt der in gefoel fan teloarstelling by him op. ‘In ferhaal, sa banaal en tagelyk sa foar de hân lizzend, dat it my, doe't ik it oanharke, al gau dúdlik waard, foar de krante kin ik der neat mei.’ (frou mei... s. 60).
Foar it Frysk boekewikegeskink fan 1994 wie it al goed genôch blykber.