Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 250] [p. 250] Troch it each fan in oar Hylke Tromp Lot Ienris begûn is der gjin op'en nij: de kym ûntjout him yn de rigels fan dit fers dat al bestiet, sels no't it noch gjin wurden hat, mar stadich bleatkomt út de tsjustere rillen fan de tiid; - in bern mei noed bewuolle yn de wite wynsels him al foarbeskikt doe't nimmen weet hie noch fan wa't er wêze soe, groeit ûnûntkomber nei it stiennen krús dat him al wachtet, wylst er inkeld libbet út syn bline langstme nei de waarme fluezen fan de frou dy't him foargoed ferstjitten hat en libbenslang foar straf in ûnberikber liifmoer bliuwe sil, in ûntagongklik skûlliif foar har sâltbetrienne frucht, dy't earst ûnwittend, letter langjend, stribjend sels, mar lykwols op it lêst deawurch en alle rie t'en ein yn it Sodom en Gomorra fan syn dagen klomjend op reis is nei it andert op de fraach dy't nimmen steld hat: de leagen fan de tiid, dy't driuwt nei hieltyd slimmer pleagen dy't earne al bestean, - as niis de wurden fan dit fers, dat noch net skreaun wie en no al. Ynspirearre troch de stúdzje ‘Alles yn leafde’ fan Gerrit Breteler. [pagina 251] [p. 251] Gerrit Breteler, Alles yn leafde Stúdzje yn akryl, ynspirearre troch Hylke Tromp. Vorige Volgende