Babs Gezelle Meerburg
In stilsteand byld
Oer: M. Poortstra, Adres ûnbekend; Utjouwerij Fryslân, Ljouwert, 1993.
Adres ûnbekend is de titel fan de roman fan Margryt Poortstra dy't yn 1993 by Utjouwerij Fryslân ferskynde. Fertelster is Anke. Hja sjocht werom op tsien jier freonskip mei Lidewij dy't koart dêrfoar stoarn is en docht dat yn 'e foarm fan ien lange, lêste brief. Anke brûkt dêr eigen oantinkens oan Lidewij by en brieven dy't Lidewij troch de jierren oan har skreaun hat.
De struktuer dy't Poortstra yn de oardering fan de haadstikken oanbrocht hat, is in soarte fan spegelstruktuer: Leave Lidewij, Telefoan, Curriculum vitae, Bylden, Brieven, Byld, Telefoan, Leave Lidewij, Dream, p.s. Sintraal steane de brieven fan Lidewij, oan beide kanten ynsletten troch de haadstikken Byld(en), Telefoan en Leave Lidewij.
Spegeljen is ek ynhâldlik wichtich. Anke leit har libben nêst dat fan Lidewij, har persoanlikheid nêst Lidewij harres. Anke har motto is ‘konsesjes dwaan, net tinke dat it libben altyd mear te skinken hat, mei beide fuotten yn 'e realiteit bliuwe’ (s. 58). Hja is troud mei Bram, hat bern en leit in rêstich libben. It is, nei't guon houliksproblemen oplost binne, in lokkige en stabile húshâlding. Lidewij is oars. Anke typearret har as in fûgel ‘[...] dy't fleane woe, de wrâld oer, fier heech’ (s. 85). Lidewij, sa skriuwt Anke, ‘siket nei de wierheid en hat net genôch oan 'e helt’ (s. 20).
De earste jierren fan de freonskip wiene de froulju ticht by inoar belutsen. Hja diene in soad tegearre, laken en praten oer de takomst as oer in romte fan mooglikheden (s. 34). Foar ferfelende dingen liket yn 'e freonskip lykwols net in soad plak te wêzen: ‘It spultsje fan: wy witte it wol, mar wy hawwe it der mar net oer. Wis, ik seach yn dy tiid de boeken oer anoreksia wol lizzen, mar it wie der no ienkear en wat soe it helpe as wy der dreech en lang oer prate soenen’ (s. 79). Omdat de personaazjes en de fertelster net sa hiel djip dolle, wurdt der nei myn smaak wolris tefolle iepen litten. Nei't beide froulju nei in oar plak ferhuze binne, rinne harren kontakten fia brieven en wurdt de freonskip losser. De roman lit goed sjen hokker gefoelens by freonskip in rol spylje kinne. Poortstra docht dat mei ynlibbingsfermogen en each foar de-