ferneamd yn it ferline, want hy wie de ridder dy't de draken harren koppen der ôfhoude en wie de kening mei macht en goud. No't dat symboal der net mear is, is de dichter de ‘nachtbline biddelman’ en hat hy ‘gjin swurd gjin hyns.’ (fers 7). Uteinlik hat de dichter net allinnich de skallebiter deaslein, mar ek himsels.
Ek yn it tredde skift krûpt de dichter yn 'e hûd fan in oar en komt er himsels wer foarby. Yn dit skift stiet de skilder Mancadan sintraal. Mancadan (1602-1680) wie tusken 1637 en 1639 boargemaster fan Frentsjer en begûn letter mei syn skilderjen. Wybenga giet op syk nei Mancadan. Hy beskriuwt in oantal skilderijen en besiket de skilder sels op te roppen. Hy skriuwt oer dat proses fan rekonstruksje:
Merkst it net dat ik dy neam
no't it sa útkomt by myn dollen
yn de feanen fan de taal.
Ek de skallebiter jout it neat
dat ik him neam en patrûlearje lit
yn de leechte fan in fers.
Wybenga lit sjen hoe't hy de skilder en de skallebiter brûkt by it skriuwen fan syn fersen. Se binne de tafallichheden dy't ta objekt wurde yn it sykjen nei wurden.
Yn 1994 is de bondel Fergetten Fersen útkaam. De bondel bestiet út fjouwer skiften en it twadde skift hat deselde titel as de bondel. Yn dat skift stiet in oantal fersen dy't Wybenga net earder publisearre hat omdat se net goed yn in bondel pasten. Foaral it fers ‘Wonderful Warten’ is de muoite wurdich: ‘Warten wie it wonder fan myn jierren tweintich / it doarp fan altyd boartsjen en gjin skoalle’ (s. 30). Wybenga skriuwt nea swier op 'e hân oer syn bernetiid, mar foaral humoristysk. Wybenga hat yn dit skift ek dúdlik in pree foar heks-êftige froulju lykas ‘Antsjemei-it-tsjil’, ‘Moassige moer fan it molehiem / groulivige nachtkoaninginne / ryp en rau fret oan dyn foazich fleis’ (s. 25) of ‘Josien oan de bar’ (s. 28).
Yn it tredde skift steane allegearre oersettingen fan Frânske dichters lykas Baudelaire en Rimbaud. It is Wybenga goed slagge om bygelyks de toan fan Apollinaire te bewarjen en ek noch moai Frysk te skriuwen.
It earste skift is prachtich en hjit ‘Hissebuorren’, dat ien fan de âlde kearnen fan it doarp Wolvegea is. Yn it earste fers ‘Wat oanwaaien kaam’ giet it oer it proses fan skriuwen sels:
Wat oanwaaien kaam
Fan flechten fûgels komme lûden troch de nacht
net dúdliker as 't rûzjen fan 'e wjukken. Soms driuwe
ferwaaide toanen troch it flues fan sliep en bliuwe
behâlden om te ferwurden, letter, onferwachts.