Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 241]
| |
Goaitsen van der Vliet
| |
[pagina 242]
| |
dat er nei trije jier al wer opstapte omt er gjin sprút ferdúsje mear yn de Fryske skriuwerij hie. It skriuwen der heulendal oan jaan koed er lykwols noait. It lêste jier fan myn redakteurskip bleau er aktyf meiwurker en sette er wer út ein mei in nije searje gedichten.
Nei oanlieding fan it ferskinen fan Te lange lêsten, fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Henk Pietersma (1986) by De Oare útjouwerij, belle Jan my op mei de fraach oft ik miskyn ek de bondel dêr't er op dat stuit mei te set wie útjaan woe. Hy koe gjin oare útjouwer sa fier krije, woed er ha. Mei de treflike foarpublikaasje yn Trotwaer 84-3 yn gedachten hoegde ik der net lang oer te prakkesearjen. Dat moast altyd wêze. Dat De Foksejacht net earder as oardel jier letter ferskynde, hie, ousjoen fan wat persoanlike omballings - ik hie doe noch in fêste baan en de útjouwerij wie willewurk -, it meast te krijen mei de heuge easken dy't wy stelden oan de bondel. Healwei '88 wie der al in earste ferzje, mar dat wie noch lang net it masterwurk dat wy yn gedachten hienen. De bondel waard letter, ek mei help fan kommentaren fan Eppie Dam, in stik hinne omwurke ta wat der yn oktober '89 yn druk ferskynde. Iksels reizge op in simmerske snein noch nei Aldeberkeap om de omslachfoto's te meitsjen fan it jenevertontsje dat altyd meitôge waard op de beskreaune foksejachten. Ek sjoen de tematyk wie De Foksejacht in heule belangrike bondel foar Jan Wybenga, en doe nei alle gedachten syn lêste (side 55):
Ik wol net stjerre, seit er selsfoldien
ear't ik dit lêste fers synjeard ha.
Dat lêste die er, foar ‘dy't dat mooglik makke’, yn myn útjouwerseksemplaar. Ein '92 bea er my syn àlderlêste fersen oan, of - hy wie al oan it tellen slein - de nûmers 312-335 fan syn bydrage oan de Fryske poëzij. As ik der gjin belang by hie wie 't him ek wol goed, sei er, dan brocht er se gewoan nei it FLMD. Dat hoegde om my net, en sa waard Grien en koaningsblau dochs noch, neffens de auteur, ‘in nijsgjirrich ôfskie fan de Fryske dichtkeunst’.Ga naar voetnoot1
Foar my wie Jan Wybenga de wichtichste nei-oarlochske Fryske dichter, en it docht my deugd dat syn wurk sa njonkenlytsen wer wat mear yn 'e belangstelling komt. Al te folle hoecht men jin dêr trouwens net fan foar te stellen. Syn wurk hat noait it brede publyk berikt dat it fertsjinnet, dêr is it ek net ‘maklik’ genôch foar: te yntellektualistys en te Frysk. Beide handicaps ha him wol altyd dwaande hoden - lês de bondel der mar op nei - mar aldergeloks hat er nooit konsesjes | |
[pagina 243]
| |
dien en gong er gewoan syn eigen gong, meast op feilige distânsje fan de wenstige Fryske rontsjes. Dochs wol it my net oan dat it ploechje Wybenga-leafhawwers sa lyts is as it tal kepers fan syn boeken oanjout. Foar De Foksejacht - neffens Teake Oppewal yn de Spiegel van de Friese Poëzie ‘het hoogtepunt in Wybenga's werk’ - wienen dat der mar tachtich, foar Grien en koaningsblau noch gjin fjirtich. It is net yn it foarste plak as útjouwer, mar as leafhawwer, dat ik sis dat ik dat in nuveraardich lyts bytsje fyn foar in wurdkeunstner as Jan Wybenga. In libbenskeunstner liket Jan Wybenga my trouwens ek wol west te hawwen, mar earlik sein kin ik dat net rjocht beoardielje. Us petearen bleaunen meast beheind ta min of mear literêre saken, en de skriuwerij wie fansels mar in fasetsje fan syn libben. Der wie safolle mear. Dat er ek noch heit en pake wie bygelyks, mei bern en bernsbern dy't him op hannen droegen. Mar dat waard ik krekt gewaar út de leafdefolle foardrachten by syn kremaasje. |
|