Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 238]
| |
[Nummer 6]Jetske Bilker
| |
[pagina 239]
| |
Fryslân is hwat bline eagen ûnderskiede en
dichtsjen 'n hûs mei bline muorren dêr't net ien
mear bankje kin. Bitink twa nomle deaden.
(Lyts Frysk Deadeboek, Bûtenpost 1974)
It bewustwêzen fan de betreklikens fan syn keunstnerskip is in bliuwend tema yn it eigen wurk. Dêrneist winske er dat oare Fryske keunstners harren net tefolle blynstoarje soene op harren ‘status’. Yn syn lêzing oer syn literêre kritiken, hâlden op in Skriuwerswykein yn 'e maitiid fan 1992, hâlde er ús - de minsken dy't harren dochs wol ferantwurdlik fielden foar de hjoeddeistige Fryske letterkunde - foar, dat dy literatuer wier net safolle om 'e hakken hie. Hy woe de Fryske literatuer net op in fuotstik sette, mar hifkje mei de gongbere literêre kwaliteitskritearia. En dan kaam dy literatuer der yndied net al te bêst foar wei. Yn syn earste literêre krityk oer La Peste fan Camus skreau er yn 1948: ‘Hoenear sille wy ús losmeitsje doarefan de lytse, elementaire gefaltsjes? Ien Frysk boek, dat tsjûget fan in greate vizy op belangrike dingen! Hoe lang noch?’Ga naar voetnoot3 Jelle Krol, dy't foar it Wybenga-nûmer fan Hjir de resinsjes fan Wybenga bestudearre, konkludearret dat Wybenga faaks op it lêst dy hope mar hielendal opjûn hie. It kin jin ferwûnderje dat Wybenga, dy't de Fryske literatuer fan in grutte ôfstân beseach, tagelyk sa begien mei dy literatuer wie. Hy hat 124 Fryske publikaasjes besprutsen op 'e radio en yn krante en tydskrift. Trije kear naam er in sit yn 'e redaksje fan in Frysk literêr tydskrift: earst yn De Tsjerne (1953-1955), doe yn Alternatyf (1974-1977) en letter in lytse trije jier yn Trotwaer: fan it tredde nûmer fan 1980 ôf oant en mei it lêste nûmer fan 1982.
Yn it tydskrift sels is der fan Wybenga as redaksjelid in bytsje te fernimmen. Hy skreau ien krityk oer Keunst enfleanwurk fan R.R.R. van der Leest (1981), publisearre in stik fan Moai waar en lange dagen (1981) en levere in bydrage oan it brievenûmer ‘Ik skriuw dy noch’ (1982). Mar sûnder mis hat Jan Wybenga in grutte bydrage levere oan it literêre wurk dat yn dy jierren wol yn Trotwaer kaam. De notulen sprekke faak fan it bewurkjen fan 'e ynstjoerde kopij. ‘It begelieden fan skriuwers’ hyt dat yn 'e taakstelling fan in literêr tydskrift. ‘Jan hat yn feite in nij stik skreaun.’ stiet der yn 'e oantekenings fan Goaitsen van der Vliet.Ga naar voetnoot4
Wybenga hat him ek graach dwaande hâlden mei byldzjende keunst, as jonge wie er feral oan it tekenjen. Yn it Trotwaer-nûmer ‘Byldzjende skriuwers/dichtsjende keunstners’ | |
[pagina 240]
| |
fan febrewaris 1987 levere er trije selsportretten. Op syn earste redaksjegearkomste brocht er daliks al de keapsjoggens fan it blêd op 't aljemint. Doe't Jan Wybenga yn maart 1982 op 'e redaksjegearkomste sei dat er tagelyk mei Eppie Dam út 'e redaksje stappe soe, rûn dêrnei dy gearkomste wat út 'e hân: de mannen fan 'e redaksje kamen wat yn in dip telâne. Van der Vliet skriuwt yn syn publisearre brief oan Eppie Dam:
‘Dy gearkomste wie ljo 'k ek wol it djiptepunt. It sil my noch lang heuge hoe't wy hjir byinoar sieten. [...] Doe batste Jan der yn mei dat er ek opstapte, omdat er gjin sprút ferdúsje mear hie yn 'e heule fryske skrjowerij, en fuort dêrop fernijde Oene [Spoelstra, jb] ús dat er oergean woe op it Hollânsk.’Ga naar voetnoot5 De neamde mineurstimming moat Jan Wybenga net frjemd oankommen wêze. Ut syn wurk en fraachpetearen docht bliken dat er him realisearre dat Fryske literatuer - al of net fertsjinne - isolearre en beheind is. Mar in dichter dichtet troch, ek al is dat yn in ‘treastleas dialekt’: ‘Foar mysels is de wearde derfan benammen dat ik besocht ha wat mei it Frysk te dwaan. Om mei dit “treastleas dialekt” om te gean as wie it in gewoane skriuwtaal. En dan net yn oersettingen, mar yn eigen wurk.’Ga naar voetnoot6. De hjirboppe beskreaune redaksjegearkomste einige yn in laitsjen en yn 'e oantekenings fan dy gearkomste stiet: ‘Jan seit ús earst in lang gedicht ta’. Doe hat er al mei De Foksejacht oan 'e gong west. Hjir folgje twa bydragen oer Jan Wybenga en syn wurk. |