Albertina Soepboer
Drowning by numbers
Drowning by numbers is in film fan Peter Greenaway dêr't de dea in sintrale rol yn spilet. Trije froulju ferdrinke om ferskillende redenen harren manlju. De dokter dy't de deaden ûndersykje moat wit dat, mar wol der neat oan dwaan omdat er bang is foar harren wraak. Underwilens falle de deaden by boskjes: fûgels, kij, fisken en gean sa mar troch. In jonkje en in famke telle al dy deaden as wie it in spultsje.
By Greenaway is it libben net mear as it ôftellen fan de dagen. De nûmers foarmje it systeem dêr't it yn it libben om draait. Oan 'e ein fan de film ferdrinke de froulju ek de dokter dy't ommers fierstentefolle wit.
Yn it fers Drowning by Numbers ha ik my ynspirearje litten troch dizze fassinearjende film, dat ik soe sizze: wolkom yn it makabere universum fan de nûmers.