Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 224] [p. 224] D.A. Tamminga Wersjen Wy klonken. Wylst de dei socht om it lêste sietsto, in ingel, glimkjend foar my oer. Hoe lang al, dizze ús sels opleine fêste, ús nachtweits by in slûch-berutsen fjoer? De skimer fan it park ware om it finster en by de taap wei gûnzele wat gegrút. Spytgnyske dêr temûkjes de betsjinster om 't lette span, op aventoer noch út? Wat bruide it ús? 't Blijreade op dyn wangen, de twinkel yn dyn blik, wjerspegeling fan wat der yn dij omgong oan ferlangen lei òm my as yn leave omstringeling. Dagen fan doe ferriisden nij-besiele: hoe'st blier-golhertich my dyn doar ûntsleatst en as dyn leafste gast lietsto my diele yn al de timpelskatten fan dyn treast. [pagina 225] [p. 225] Wer streake my de noed, dêrst my tewille mei wiest wannear't ús seldsume oere sloech, as langst net te bedimjen ús trochtrille en ús nei libbens steilste toppen droech. By 't ôfskie bûten woe wát tiid ek tichte ûntflamje opnij no't mûle op mûle glied... Lof oan de Prins dy't dizze dreamtún stichte ta leafdes ûnferwoestber wengebiet. Vorige Volgende