It Skriuwersboun, wol as reek ferflein: by dy manifestaasje liet it ‘folk’ it massaal sitte. Buten in hantsjefol skriuwers wie der yn Sealen Oostergoo suver net in harsens te bekennen. Mar de foarlêzende skriuwers binne allegear foar de ivichheid op fideo fêstlein: wa't skriuwt bliuwt.
Wêrom skriuwe jo? wie dus de fraach. Dat dêr mar sa'n bytsje antwurden op kaam binne, meastentiids mei de gek beslein, jout oan dat Fryske skriuwers harsels net serieus doare te nimmen.
As ik yn my omgean lit wêrom't ik skriuw, wat myn motiven en doelen wêze kinne soene, begjin ik om mysels te gnizen. In mins is in bespotlik wêzen.
(Piter Boersma)
In minske is in bespotlik wêzen. Fryske skriuwers ha dat faaks dûbeld sa sterk. Frysk is al bespotlik, yn it Frysk skriuwe noch folle bespotliker en it alderbespotlikst: as men dêr serieus yn is. Want wat is men no eins hielendal as Frysk skriuwer? De measte fan de yn dit boekje gearbrochte skriuwers soene noait oan de bak kaam wêze, as hja it Nederlâns as skriuwtaal brûkt hiene. Jan Pieter Janzen is de iennichste dy't dat lûdop doart te sizzen. Skriuwe yn it Frysk hat, sa jout er earlik ta, ‘as bykommend foardiel dat men syn stikjes frij maklik kwyt kin.’
Sjoch, dat set de Fryske skriuwerij yn in hiel oar deiljocht. Fryske skriuwers wurde faak sjoen as in soarte fan taalstriders, dy't har ferbûn fiele
... mei de eigen taal, de memmetaal, dy't as folkstaal yn 'e knipe sit en as kultuertaal syn plak noch skjinmeitsje moat.
(Douwe Tamminga)
Bodders dy't oars net wolle as
... oon dij taele to bouwjen, her op to snolckjen
(Rinse Posthumus, 1824)
Goedwollende skoalmasters dy't mei har skriuwerij gjin oar doel foar eagen ha as
...om to ondertaestjen aef me uwz schiere wirden naet ijnne lett'ren, in uwz grijz kât ijn miette ferssen beknettjende fetsoenearje koe.
(Gysbert Japicx, 1655)
Idealisten, dy't mei har krewearjen de ûndergong fan dat earme Frysk opkeare wolle. Neat fan wier dus. Krekt oarsom. Dat it Frysk yn 'e nederklits sit, makket har eigen opgong mooglik. In het land der blinden is éénoog koning. It Frysk opstjitte yn de vaart der volkeren? Net in skriuwer dy't him dêr om bekroadet. Se binne folle leaver sels wrâldferneamd yn Feanwâlden. Bûten Douwe Tamminga stiet der yn Wa't skriuwt bliuwt mar ien no noch libjende skriuwer dy't mei it Frysk begien is. En dat is Janny Vledder-van der Knoop.