Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 216] [p. 216] Harmen Wind It konsert I Sa sljocht asto wiest op dy weagjende koralen ûnder oktopyske koperljochters, bylden mei wjukken, seegrien glês, wijreek. Ik hie it witte moatten. Taastber sietst njonken my, it program in Yndyske flinter op 'e hân en dan dy eagen. Genedich storeinde de seine oer ús hinne. Âld repertoire, yn in útfiering fan argeleaze frommens: ferdylgje de fijân, treast my, yt en gûl en sliep mei my yn it sêfte iggegers oan 'e djipten fan rêst. [pagina 217] [p. 217] II As in nêst op útfleanen song it koar, yn roppige oerjefte it sijke begroetsjend, de glânzige wjirmen. Lij wetter. Dy tawijde ienriedigens ûnder it krúsferwulft - alle lûden rôpen nei elkoar om help. Einefel, sa suver. Ik lústere dy noch myn gewicht yn 't ear, mar it barde: wyt gewant, hingjend hier, bleate fuotten, bline wijing. Noch in amerij dyn mûle, dyn boarsten, foardatst opnaam waardst. [pagina 218] [p. 218] Plak Op 'e muorre om ús tún woeks it ivich libben yn tûzen stjerren; der oerhinne tsjoenden de staren harren ûnthjitten yn 'e himel. Tusken de apel- en de parrebeam skrepte ik mei myn skepke, smiet ik de grûn yn 'e loft, spoeke ik yn tongerblommen om, wie ik te wiis foar goed en kwea. [pagina 219] [p. 219] Teplak Do hast mij roppen, hast my socht, koest my mei dyn opteine wurden fan leafde heine: in hazze yn it lampeljocht. Ik doarme om en hie gjin rêst yn 't ûnlân fan myn dreamen; do woest myn namme neame, do leist my as in hiemhûn fêst. Dyn sprekken hat my flearken jûn op dyn gerjochtichheid, dyn aan ha ik my ta in taflecht fûn, troch 't kouke ticht te slaan hasto my oan myn wêzen bûn: ik sil 't mei sizzen dwaan. Vorige Volgende