Eat yn it muzikale gegeven dat it minsklike elemint ferbyldet sil ek syn oanbegjin fine yn it oarspronklike ‘drip-motyf’ en dêrmei it evolúsje-elemint ûnderstreekje. De ein fan it muzikale ferhaal sil it tema fan de minske wêze, net mear triomfearjend, lykas yn it begjin, mar aloan soberder en tryster. It alderlêste fan it ‘drip-motyf’ sil noch meiklinke, mar de beweging wurdt hieltyd stadiger en bestjurret. En de kleuring, hoewol't hja noch in wjerskyn fertoant fan de klankkleur fan it strieljende begjin, sil it gefoel fan folsleine ferlittenens útdrukke wolle.
Wat it arrangemint oangiet: parten fan de tekst sille útfierd wurde as deklamaasje mei begelieding, troch ûnderskate personaazjes; oare parten as solosang mei begelieding. Foar de koargedielten kinne ûnderskate besettingen hantearre wurde: kwartet, manljusen frouljuskoar, it koar opdield yn selsstannich operearjende groepen ensf. In beskate foarm fan dramatyske hanneling heart ek ta de mooglikheden. De opstelling fan de sprekkende en sjongende útfierenden soe brûkt wurde kinne as útgongspunt foar in beheinde mise-en-scene. Beljochting, dekôr en/of eftergrûnprojeksje kinne harres dwaan ta it besterkjen fan it oer te dragen gefoel. De ynstrumintale besetting sil bestean út lyts simfonyorkest, oanfolle mei de ûnbeheinde mooglikheden fan ‘sampele’ klanken. In grutte rol is weilein foar mallets en oare slachynstruminten, dy't in meloadyske rol spylje kinne (stimde trommen, gongs, stêven, bellen, blokken ensf.).