Freark Dam
Neiskrift by De see
De komponist Otto Jongbloed makke my dielgenoat fan it tema, it muzikale ‘ferhaal’ dat er yn 'e holle hie, mar dêr't er, foardat er dêr kompositoarysk oer gear koe, earst in skreaune tekst foar nedich hie. Op syn oanstean en yn oerlis mei him haw ik dy tekst skreaun. De lêzer hat it resultaat hjirboppe lêze kinnen. De tekst mei wat my oangiet foar harsels sprekke, mar lykwols soe it nijsgjirrich wêze kinne en jou ek de toandichter de gelegenheid om syn útgongspunt en de wize fan foarmjouwing sa't er dy yn 'e holle hat te formulearjen. Yn oerlis mei de redaksje fan dit blêd wurdt syn taljochting hjirûnder opnommen.