| |
| |
| |
[Nummer 5]
Freark Dam
De see
Tekst foar in Kantate
foar Otto Jongbloed, komponist
Sa droech en dea wie de ierde
Ut de ierde ierdsk en toar
Mei inkeld moude op 'e klingen
En inkeld lava stjerrend gleon
Sa droech en dea wie de ierde
Nee, freegje net - sjoch inkeld ta
Hoe't doe in drip, ien inkle drip
Heech boppe toarre ierde sweve
Sjoch inkeld ta hoe't doe de wyn
Hoe't doe de wyn kaam yn syn krêft
| |
| |
En mei ûntelbre oare drippen
Sjoch inkeld ta hoe't reindripwolken
Ta heechste hichten fierd
Ta iis bestjurren en as snie
Deltwirren op 'e heechste bergen
Deawite wrâld deakâlde wrâld
Oant ek de snie, de stoosnie
En wat der noch oan skym fan waarmte wie
En kloftet gear fannijs ta wolken
| |
| |
De wrâld wurdt wei yn dize
Deaklamme wrâld ferdize wrâld
Gearballe wie ta wolk op wolk
Har steapeljend ta machtich swurk
Yn reinen, stjalpich reinen
Woe him ûntlêstigje aloan en wer
O wetterwrâld o wetterwrâld
Allinken lûke der rivieren
Har wetterwei yn deade grûn
Hja kieze djip en breed har banen
En sykje rêst en rûmte en fine
| |
| |
Wol lang om let har taflecht yn
In mar, o mar - sjoch al syn wetter
De bergen mei har wite toppen
En ek de wolken mei har dracht en driuw
Sjoch de rivieren en de marren
Wieljend en wâljend yn in deade wrâld
Rivieren streame oer de ierde
Hja floeie gear en krieme
Rivieren oer in deade wrâld
Hookstrooks fannijs de wyn
De wylde jager dy't de wetters wêzenet
Harpe fan 't oanbegjin dy't waait
Rôljend o rôljend no de wetterweagen
Yn aloan breder djipper romte
As yn in eigen wrâld sa wiid sa djip
| |
| |
Brûst dan foar 't earst de brâning
Rûzet en skolperet foar 't earst de see
Sjoch hoe't de brâning woelet
Wa sil ea witten ha wêrwei
't Hat dript en reind en snijd en jage
De stoarm hat oer de flakten klage
Rivieren oanpoend yn har brede banen
De wrâld omearmje wold mei oseanen
Wa sil ea witten ha wêrta
Wêrearne wie of ea en earne
Wêrta wêrwei sil nimmen witte
| |
| |
De wyn ferdriuwt de dizen
Heech boppe berch en klingen
Strielet in fjoeren wachter
Ien fan dy drippen djipper djipst
Unefterhelberen djipper djipst
Wêrearne wei of ea en earne
Wêrta wêrwei sil nimmen witte
Ien fan dy drippen djipper djipst
Ien drip moat libben wetter west ha
Moat krêft ta libben hân ha
Wêrwei wêrta sil nimmen witte
| |
| |
Sjoch dit sil libben hjitte
Hat kiem en krêft en groede
Sjoch hoe't it him ûntjout
Fan inkeldfâld ta wûnderliker
It baait en boartet en bestiet
De basilisk de bears it kriel
De waaierjende djipseewâlden
't Hat allegear syn oarsprong
Wêrwei wannear wit nimmen
Dêr't him it ljocht yn speegle
Ek de ierde wurdt ta libben
Sjoch hoe't de dagen winne
En hoe't it sprút en bloeit
| |
| |
Sjoch wat der waakst oan kleuren
Oan wat men planten neamt
Sjoch wat der weeft en pronket
Sjoch hoe't yn de oseanen
Sjoch hoe fol wille en weelde
Sjoch hoe't oer golle ierde
Sjoch hoe't it wachtet wachtet
Hy dy't hjir hearskje sil
Oer wrâld en see en loften
Dy't liede sil en tsjinje
Doel oan wat waakst en wachtet
Syn bloei en syn bestimming
't Wurdt him yn hannen lein
Hy sil hjir hearsker wêze
Hy sil hjir tsjinner wêze
| |
| |
Master fan wat op ierde is
Master en maat fan beiden
't Sil mei en foar him libje
Dy't lêst kaam is de earste
De grûn is sines en foar wûnder hoe't er bout
Syn stêden en syn parken en paleizen
Sjoch hoe't er rûpelet de grûn
Yn uterste begear de lêste kerrels kniest
En mergelet om mear en mear
Sjoch hoe't de grûn him lang om let
| |
| |
De seeën de rivieren ek de wiidste oseaan
Hy hat se allegear befiske en bejage
En doe as skerne brûkt foar wat er oer hie
En tefolle oan deadlik ûnrant
Sjoch hoe't ek de see him lang om let
De loften hat er sines makke
Yn driuw nei heger en nei mear en mear
En dryst en steech hat er planeten
Syn wille optwong en fan it azuer
| |
| |
De glâns foar altyd dwêst
Oant ek it firmamint him lang om let
Sjoch, ik moat myn ljochten dôvje
In skiere faaie sinne is 't dy't gril
Oer toarre ierde ûndergiet
Oer deade seeën falt it lêste ljocht
De wyn is fan syn krêft ûntdien
En as in swarte spegel leit it wiid
Dat hol en leech it driigjende ferwulft wjerkeatst
En stil en stil foargoed is 't oer de steppen
Fan deade ierde ek. Gjin minkse mear
Gjin inkeld kreatuer. De loft berint
Wurdt skier en skierderoan en skier foargoed
En yn in klamme kleaune wuolle
Nacht boppe deade ierde nacht
| |
| |
Yn 't nachtskaad oer de weagen
Twirret ien inkle snieflok
|
|