| |
| |
| |
Wilco Berga
It is de dei dat se sykje sille
It is de dei dat se sykje sille
yn 'e grûn, mei soarch wurdt ierde ôffierd
yn folchoarder fan jierren.
Aldheidkundich bin we âld genôch foar
ûndersyk, de oantinkens noch net oantaast,
men wol witte wat jin doe ta dieden sette.
Alle simmers wienen we hjir, waarme dagen
mar wat der no bart is net fan wearde.
Se sykje net om kymjend sied, om wat ús noch
te wachtsjen stiet. Wat libbet lizze se
Djipper, alles spile him safolle djipper ôf.
Se sille op bewizen stjitte, tusken bonken
fan 'e bisten diggels fine, tusken roastich
ark de sichte, nea mear brûkt neidat de siel
- de klaai sil oare kleuren priis jaan,
yn 'e foarm fan in hert in glânzgjend geef
| |
| |
It is de dei dat elk it mient te witten: wat
ús hjir doe brocht, wêr't we hinne setten
Immen wiist it plak oan dêr't it izer wûnen
makke, oaren wolle witte wa syn hert it wie
mar foar soks moat' se noch jierren djipper.
| |
| |
| |
Wat der skreaun wurdt is mar heal sa wier
Wat der skreaun wurdt is mar heal sa wier
as wat der werklik barde: skreaun wurdt
oer de fûgels dy't we finzen holden, hoe't
ien delstruts op it plak dêr't we geheimen
Yn 't ferwûne fjild ha se wat fearren fûn,
kaam de poat fan in âld roek oan it ljocht,
de teannen kromjend om wat west hat.
Koenen we dan witte dat in dream dy't oer wie
al sa gau ûntdutsen wurde soe:
se wize oan wêr't fjoer mei de gerdinen
boarte, meubels oanfriet, ek de kast dêr't
ien fan ús de geile foto's ûnderyn bewarre.
Mar net alles sichtber yn 'e keamers,
ja it bêd mar heal ferkoale, it behang
opkroljend, mar de gleonens noch ferburgen.
Dizze roek sil ús net mear ferriede
- alle lûd is mei de kop ferdwûn, lykas ús
eigen lûd dat doe al mei de dei feroare,
likemin hat ien wat oan 'e foto's dy't we
efterlieten, alle bylden ivich swart:
se skriuwe dat in fûgel delstruts op dit plak
mar witte fan gjin tiid, de brân is wêr't oer
skreaun wurdt: flammen lôgen.
| |
| |
| |
Stie dêr in man as kening op 'e terp
Stie dêr in man as kening op 'e terp
mei sicht op see - halsketting en beker
lân net ôfset mei in read-wyt lint,
Sa moat syn stim west ha:
sa't in kening him mei froulju ûnderhâldt.
Ald skurk - wierskynlik liet er 't ierdewurk
opsetlik yn 'e feart ferdwine,
fynst yn klaailaach fan 'e grêft, wat oars
Wat soe er hjir graach west ha om de froulju
by te stean - sa't se de beker, brekber
as in aaidop, hoeden út 'e klaai helje.
Skurk of net, in âldheidkundige beweart:
as hy hjir kening wie, hjir bouwe liet en
yn 'e brân stuts wat in oar krekt boud hie,
as er heal sa wreed in frou besiet
- sa'n beker pakte hy net oan, mits leech
as dy skaal. Sa dikert er it hear oer en sa
is syn stim: nea kroand, mar ûnmeilydsum.
| |
| |
| |
Yn it Noarden wurdt it stiller
Yn it Noarden wurdt it stiller
by Wynaam, op lytse dykjes dy't allinnich
nei in pleats ta rinne as men dêr nei hûs
Wa't útstapt treft de stilte oan,
de Caterpillar is krekt stilset want se ha
Se sochten om in keningsgrêf,
in âldheidkundige sei de sjauffeur wêr't er
En sa fûn er har: yn 'e sliep, as socht se
Mei in smelle hân hâldt se it hier fansiden,
broaze eachkas mei in krâns fan wier en
skulpen dy't se socht - op har tocht
oerfallen troch de floed -
it boarst sa kwetsber as in seedier.
De sjauffeur is oandien want se gûlt,
hy is der wis fan: tiid hat se trochstien,
nea is se fuortgien as der wat feroare.
| |
| |
As hy kening wie, hjir fochten hie om lân
by see, de floed bestridend:
sjochst it dalik oan har eagen, sjoch dan
hoe't dy kroan fan ljocht har past!
Moai wis dat sy hjir keninginne waard,
lykas se no noch hearsket oer de stille
weagen yn 'e âlde klaailaach.
| |
| |
| |
As it iis der ienkear yn leit
As it iis der ienkear yn leit,
yn 'e kanten fêstgroeid net mear loslit,
as it ús gewicht útdaagjend draacht,
is alle ôfstân lytser as we tochten,
komme we op plakken dêr't we earder net fan
dreamden, hearst it sjongen fan ús redens,
nea ferdwûn yn dizze kriten.
Immen hat ús foar west, jier op jier
fûleinich skrassen lutsen,
like faak ferdwûnen se mei soele rein.
Mar hâld it tempo heech, it giet hjir
flugger as de tiid, sels wyn hat muoite by
Twirren triuwe ús de goeie kant op, sels
de sinne yn 'e rêch komt mei,
salang't it iis ús draacht - ús gong gelyk
oan wat we weagje en oarsom.
Fan hjir oant Sleat ta en wer kearend mei
de wyn dy't ús noch al werom bringt
ta de wurklikheid fan inkeld ús gedachten.
| |
| |
| |
Yn 'e oantinkens libbet it noch
Yn 'e oantinkens libbet it noch,
de kjeld dy't oer de lannen jage, wetter
oer de learzens en de klean fol damp fan
Altyd ien dy't nei de stêd soe mei in
grutte bek, soms ien dy't net werom kaam.
Dy't hjir bleau, wist it:
hieltyd wer dy kjeld oant op 'e bonken,
en dy't âlder waard, moast libje mei
de iensumens fan oaren of himsels.
Nee, dan it selskip fan 'e stêd, de swiete
rykdom foar dyjinge dy't it oandoarst,
dat wisten we as bern al.
Yn 'e geskinken libbet it noch, yn romers
en yn fyn beslipe blommefazen,
sulver dat foarsjoen is fan ús nammen,
berteleppels foar de soannen, pearels foar
op horloazjes stiet de tiid yn gouden skrift
dy't stilstien hie oant men dy neiliet.
| |
| |
Bleau ús oer de dei fan hjoed, foar 't lest
te reizgjen út de stêd wei,
hânfol ierde foar de deade, held of net,
dy't bleaun wie: libbet noch de kjeld
fan 't lân - wat wisten we fan âlderdom -
dy't meikaam mei ús bernejierren.
|
|