| |
| |
| |
Jetske Bilker
In dearinnend spoar
Wat wist ik no fan froulju? Ik koe allinnich Geartsje en dêr mankearde neat oan. Allinne ferswijde dy leave Geartsje wolris wat. Foar myn eigen goederbêst. Om 't ik de wierheid net oankoe. Dan hâlde se beskate dingen foarearst mar even foar har. As se de wierheid sprutsen hie, jakkere ik no net mei twa tatebern troch Dútslân.
Net dat men my net warskôge hat. Geartsje (fansels), de baas. Op 't lêst sels de kollega's. En ik mar alles op jaloerskens skowe...
Al myn kollega's woene ommers wol mei Sofia. Altyd fersoarge, flot, leaf, yntelligint, net echt kreas, mar dat ûndefiniearbere sensueel bewegen fan har... It wekke us begearte massaal op en wy betochten it iene nei oare ferlechje om nei de heechste ferdjipping. Se siet by marketing en arbeide in soad mei de direkteur op. We fermoeden in ferhâlding. Dat dat ek sa west wie, joech se daliks ta, doe't wijsels in relaasje krigen.
Myn skuldgefoel hâldt myn grime tsjin. En ik hâld noch safolle fan har. Myn buorfanke. Altyd tegearre, ek al siet hja in pear klassen heger. Nei de middelbere skoalle yn 'e selde stêd, ik oan de stúdzje: Heao. Hja gesinsfersoarging. Tegearre wenje. En dêrnei allebeide in baan. Alles gie neffens plan. Ik kaam as logistyk manager by it bedriuw telâne dêr't ik noait wer wei gien bin. Oant trije moanne lyn dan.
Fannemoarn betiid wiene we noch yn Italië. Midden yn 'e nacht hie ik se baaid. Jasper, no al gek op wetter, siet mei in lokkige glimk yn 't badsje. Bearend, lykas syn nammegenoat (myn heit ja ja...) bang foar wetter, sette it op in razen. Mei in soad leave wurdsjes en dochs wer ûngeduld op 'e ein, krige ik him deryn. Balte fansels. Mar ik woe de bern skjin hawwe.
Us hûs dêr't we al in hiel skoft fan dreamd hiene koene we nei in pear jier keapje. It stie oan in brede leane mei linebeammen. As ik oan dat hûs tink, sjoch ik Geartsje langút yn 'e sinne lizzen, yn dy ûnbidich grutte tún fan uzes.
| |
| |
It gie mis fanôf de dei dat se oer bern begûn. Fansels woe ik ek bern. Letter wolris. Mar nee, hja woe it no. Earst dy foarsichtige petearen, lange stiltes wêryn 't we inoar mear pinigen as sparren. Dêrnei de ferwiten en Geartsjes argewaasje ynienen fan alles en noch wat. Ik koe der net mear oer. Mearwearde fan it libben, egoïsme of krekt gjin egoïsme, ferantwurdlikheid.., ús terminology yn dy tiid.
Nei't ik se ôfdroege hie, lei ik se wer yn 'e widskes. Sa lyts as se wiene fûnen se dat dochs eigenaardich, seach ik. Ik stode nei ûnderen, makke harren fleskes klear foar ûnderweis en noch twa ekstra termo's mei waarm wetter. Dêrnei lade ik de Mazda fol foar in lange reis nei it noarden. Ik skreau in briefke foar de help dat ik mei de bern nei myn heitelân werom gien wie en as lêste ferskuorde ik it testrisseltaat dat ik juster krigen hie.
Doe't it om it wurk koe, bin ik oerstaach gien. Daliks waard ien fan 'e útfanhûzerskeamers fertimmere. Sels in widske meitsje. Wat hawwe we doe wat ôffrijd, se woe ynienen folle faker. Sûnder pil fansels. Sels oerdeis wie se net te hâlden en dat stie my wol oan: as ik fan it wurk kaam lei se yn 'e simmer faak te lézen op 'e stretsjer yn 'e tún. As ik der oan tink, hoe't se dan middeis yn in lila badjas, de sinne op har sêfte ljochte hier, op my ôf kaam... ‘Wolst wat drinke?’ sei se dan en gie by my opstean sadat ik har lichte parfumrook mongen mei har eigen swit, rûke koe. Gek waard ik dêrfan...
Dat feest hat net lang duorre. Soms bleau de menstruaasje in pear dagen út en dan waard se apatysk. Oant ik dan wer in gjalp hearde fan 'e w.c.: ‘Wer net!’ Hielendal telider slein en ik foar de safolste kear nei de drogist om tampons. En dêrnei moasten we altyd mar wer prate: oer de hope dy't we hiene, oer it net forsearjen fan soks en àl dy foarbylden fan àl dy froulju dy't samar swier wiene doe't se der net mear op tidige hiene.
En doe kaam it plan om har undersykje te litten. It ‘kearpunt’ lykas as ik letter oan Sofia útlei om de skiednis klopjend te hâlden.
‘Mar dan bin ik der wis fan!’, rôp se.
‘En dan bist al dyn hope kwyt.’
‘No en?’
‘Wolsto der mei konfrontearre wurde datst gjin bern krije kinst?’
‘Wêrom net? Der binne mear minsken sûnder bern.’
‘Ik soe it net witte wolle, as ik dij wie. Ik soe der oer kinne om te witten dat ik ûnfruchtber wêze soe.’ Ik soe fansels noch folle mear mei har besteld wêze as se witst dat se bernleas bliuwe soe.
| |
| |
Se sliepten beide doe't ik se yn 'e reiswidzen lei. Fjouwer oeren letter, krekt oer de Brennerpas, joech ik har de earste fleskes op in iensum parkearplak. Sels dronk ik myn meinommen kofje. De jonges joegen gjin kik, foelen fuort dernei wer yn 'e sliep.
It ûndersyk. Yn dy rite fan lilkens en fertriet. Achter myn rêch om gie se der hinne. De útslach mocht se ek allinnich ophelje. Wêr't ik wie, hie de husarts noch frege, want dit gie dochs ús beiden oan. It lei yndied oan har sei se. It wie de aaisprong. Der hie nea in aaisprong west. En der wie neat oan te dwaan.
‘En kin dat ek net opwekke wurde?’ haw ik doe noch frege. Soks hie 'k lêzen.
‘In gebed sûnder ein. Dan moatte we op beskate oeren ien kear yn 'e moanne frije op in sikehúsbêd, hasto dêr sin oan?’
As it moat.’
No, it hoechde net, mefrou hie foar my it beslút nommen. Nee, se woe gjin adopsjebern, ja, se soe har wer mear rjochtsje op in libben mei my.
En doe dy omslach. De babykeamer waard net leechhelle mar ôfsletten. De kaai begrûf se yn 'e tún en bern kamen net mear yn har wrâld foar. Se hie it der noait mear oer, útsein fan dy iene kear: yn dy simmer, doe't it sa waarm wie.
Ik sliepte hast, mar ynienen rjochte se har op 'e earmtakke, bûgde har nei my ta en lústere yn myn ear: ‘Teake, meskjin is der dochs in hiel lytse kâns dat ik dy kaai út 'e tún opdolje kin.’
‘Wat?’
‘Ik woe it dy doe net sizze, omdat der mar sa'n bytsje hope op is dat soks út himsels samar goed komt.’
‘Hè...?’
‘Mar dat kin dus. In kânske fan ien op tûzen.’
Dat se mar nergens op tidigje moast, sei ik. De oaredeis hie 'k in swiere gearkomste, ik woe sliepe en hie gjin ferlet fan nije ynsinkings fan myn frou dy't net nedich wiene. We klatteren krekt wer wat by de wâl op en it libben like in rêstige kant op te gean as hienen we ús derby dellein dat we in kalm echtpear wurde soene. Doe wie se al oan it rotsoaien fansels. Ik kin it har net ferwite, want ik wie hie al mannich oerke yn Sofia's appartemint west. Hat dat de reden west dat ik noait mear wat oer dat lytse kânske heard haw?
| |
| |
Sa'n lange reis dochst wolris wat oan selsûndersyk, mar ik haw der noch gjin ferklearring foar.
It moát de útslach fan Geartsjes ûndersyk west hawwe. linkst der op sa'n momint net oer dyn frou te ferlitten. Lefhertich gedrach. De bân bliuwt gelyk. Wolst der de foardielen ek wol fan sjen: kinst mear jild útjaan, gruttere reizen meitsje. Hja helle ek net om 'e nocht al dy reisfolders ynienen yn 'e hûs. Hàr ûntsnappingsklausule, dêr't fansels ek har karrière by oansleat.
En ik hie Sofia.
‘Teake, wat soest derfan sizze ast dochs noch in bern krigest?’
Se wist wol hoe't se der mei oan komme moast. Ferstuivere wie ik. Hoe soe dit komme?
Hoe moast ik Geartsje ûnder eagen komme?
‘Wêrom hasto dy dat oerkomme litten? Wêrom brûkst de pil net?’
‘Wa brûkt hjir gjin kondooms?’
‘Wa rekket yn dizze tiid noch per ûngelok yn ferwachting?’
‘Ik, want ik woe graach in bern fan dy hawwe. It hindert net ast it sels net grutbringe kinst. Ik kin dat allinnich ek wol.’
Sa grutsk as ik wie. Dat ik dochs in libben wêzen neilitte soe... Ynienen in hiel oar takomstbyld. Want yn dy takomst soe in bern fan my omstappe. Dat dat sa'n ferskil útmakke hie ik nea op sinne kind. Dy feroare takomst, dat moat it west hawwe. Dát moat it west hawwe. We soenen ús bern yn 'e sinne opgroeie litte. Itaalje dus. Haha, en dan te betinken dat de bern no lytse Germaantsjes wurde sille. Mar doe? Grutte plannen, hear! Trouwe! Op útstel fan Sofia fansels.
Doe't ik ferline jier mei in pear kollega's op 'e beursyn München west hie, wie de romte fan de stêd my opfallen. Net dat dat der ek mar wat ta docht, mar men wol der sels in goed gefoel fan oerhâlde. It wie der in stik earder maitiid as by ús, wit ik noch wol. En der wiene in soad bûtenwiken en leanen mei bûken en linebeammen. Ik herinnerje my in grutte brede leane. Us eigen hûs stie ek oan sa'n leane. Ik bedoel fansels Geartsjes hûs. Dat hûs, mei in foartún yn it skaad en mei in opriedleane fan tsien meter, in dûbele garaazje. Sa'n hûs wêrby 't it foar himsels seit dat de frou achterhûs yn 'e sinne leit, stadich oereingiet en in lila badjas omslacht as de doarskille giet...
Hoe fyn ik sa'n hûs oait wer?
| |
| |
Ik sjoch my noch sitten, mei Sofia neist my. Wat tocht ik doe? Wat gie der yn my om? Hoe kaam ik ta dat beslút?
By Geartsje wei. It wie net om 'e nocht west dat ik mei Sofia begûn wie. It like dan in flecht, mar no soe myn libben him fuortsette mei Sofia, se joech my in bern. Mar by Geartsje rûn myn spoar dea. Wie myn dea it absolute ein. Der kaam myn redenaasje op dy bank ûngefear op del.
Flak foar de Eastenryks-Dútse grins goai ik de gastenk noch even hielendal fol, ek al is it gas yn Dútslân op it stuit goedkeaper. Bearend begjint in bytsje te gûlen as ik oer de grins bin. Op 'e stoel neist my haw ik doekjes en spjinnen dellein. Ik doch in greep yn 'e rotsoai ûnder it kleed en fyn Bearend sines. Mei in hân oan it stjoer rik ik him syn stilhâlderke oan. Dy ek wer stil! Om 't der sûker op sit fansels. Dêr bin 'k de ôfrûne kloatewiken dan mar wer achterkommen, as jonge heit.
‘In ferhâlding op it wurk’ sei se leechachtsjend, ‘sok leech by de grûns hie ik net fan dy ferwachte. Mar dy Sofia giet it hiele rychje ôf. It bern is net fan dij. Dat mins bedondert dy.’ Sa wis as se dêrfan wie...
Se gûlde net, se woe poerrazen.
‘Do kloatsek! It rint even net sa asto wolst en do stapst daliks op sa'n wiif ôf. Se luist dy deryn, Teake, se luist dy deryn! En do? Do bist in bline suffert. Do sjochst neat! Do leaust alles wat dy ferteld wurdt!’
En ik mar sizze dat ús leafde de grutste groei achter de rêch hie, it hichtepunt hân hie. Mei geduld en meilibjen, want dêr hie se rjocht op, fûn ik: it wie al sa rot foar har. Dat har dit no oerkomme moast. Earst al it ûnfruchtber wêzen en dan giet jins man by jin wei om in jongere frou dy't notabene swier fan him is. Ja, men kin my net ferwite dat ik de tragyk der net fan ynseach...
‘Lêsten kaamst noch mei it ferhaal thús dat se wat mei jimme direkteur hie!’
Se brûkte fansels alles.
‘Dat mins doocht net en do rinst der mei iepen eagen yn!.’
‘Kinsto har?!’
‘Teake, leau my, dat bern is net fan dy.’
Doe't se dat nochris sei, hie 'k myn nocht.
Har doe foar 't lêst sjoen. Ferline wike har stim wer heard.
| |
| |
Nei sân oeren hurd riden einlings München! It sintrum mijend, slach ik alle útfalswegen yn dy't ek mar in bytsje mei de bûtenwiken yn ferbining lykje te lizzen. Mar ik kom telâne yn stedsdielen dêr't allegearre flats fan 'e jierren sechstich steane, hastich opset om it Wirtschaftswunder op te heinen. Grize flats, reade flats. Gazons mei koarthâlden roazestrûkjes dertuskenyn. Hjir mar net.
De earste twifels:
‘Besykje der fanôf te kommen’ sei myn baas. ‘Kinst it fan my oannimme, dy frou doocht net.’
Hy hie it útstel dien om ris tegearre te lunchen. Petearke fan manlju ûnderinoar, lake er nei myn sekretaresse. Sels hja wist wêr't it oer gean soe.
Hy hie frege hoe't it mei Geartsje gie en ik fertelde dat de skieding kommendeweis wie. Fansèls wist er derfan en ek fan Sofia en my. Mar net dat Sofia al trije moannen swier wie. Syn eardere affêre mei Sofia fûn ik in saillant détail, mar hy hie der blykber gjin lest fan:
‘In slipperke moat kinne’, sei er, ‘mar dêr troust net mei.’
‘Wêr bemuoist dy mei?’
‘Mei dy. Of leaver: ik stean noed foar in wurknimmer, in kollega bedoel ik. In freon.’
‘Wêrom?’
‘Sis mar dach mei 't hantsje nei dyn fierdere karrière. Dêrfoar moatst in oare frou hawwe.
Se is wol goed yn har wurk, mar fierder as assistinte op 'e marketing sil se it net bringe.’
‘Wat jout dat no? Der binne genôch minsken dy't it net iens safier as har bringe.’
‘Nee, mar har útjeftepatroan komt fier boppe har salariske út, is dy dat wolris opfallen?
Nee? Moatst der mar ris omtinke: hoefaak hat se wat nijs oan? Hoe faak seit se dat se nei de kapper west hat? Ast dy noch in bytsje foar de geast helje kinst hoe 't Geartsje dat hie, en as ik dat ferlykje mei myn eigen frou, dan wist wol dat Sofia, lit ús sizze, tige rij is...’
‘Se kin har gewoan goed klaaie en dêr jout se jild foar út. Ik hâld der wol fan. Wat mankeart deroan?’
‘Dat se om in man siket dy't wat better yn 'e slappe wask sit as harsels. Sadat se har wat mear útlibje kin. It is har by my net slagge, ik haw har gau it mannewaar opsein. Earlik sein fûn ik dat se wat ordi wie.’
It wie de earste kear dat de baas sa iepenlik mei my oer syn ferhâlding prate en ik fûn it mar in sjenante fertoaning. Ek omdat er Sofia grouwélich misledige. Ik wie lilk.
‘Ik haw dyn rie net nedich. Hast noch wat?’
‘Ast mar witst dat se dy útklaaie sil.’
| |
| |
Okee, se wie in wyt hynderke. Wist ik wol. Mar ik soe alles wol yn goede banen liede. Fansels. In bern soe har omtinken freegje. Klean en sa soene dan minder wichtich foar har wurde...
Wat my mear dwars siet, wie dat de direkteur in koade trochbrutsen hie mei it praten oer syn priveelibben. Dochs heechst ûngebrûklik. It beklamme de earnst fan 'e warskôging.
Wie dat net dy dei dat se fertelde dat we in twalling krije soene?
Op 'e hoeke fan twa strjitten dy't inoar leadrjocht kruse, lokket in tillefoansel my om út te stappen. Ik slút de auto ôf en sykje yn 'e bûse nei myn Dúts lytsjild.
Sofia nimt sels op. De earste tellen stûkje my de siken en ik wurd op slach stienkâld. Hie ik no Jasper mar op 'e earm, dan koe er troch de hoarn syn leave babylûdsjes meitsje. Al freegje ik my ôf oft se it lûd fan har eigen soan werkenne soe.
Neidat se in pear kear ‘allo’ sein hat, seit se dat se ophingje sil. Earst yn muoisum Italjaans, dan rêd yn it Frysk. Ik hear har snuven.
‘Hoer!’ sis ik en druk de metalen hendel yn it tastel nei ûnderen.
Underwilens haw ik de Mazda goed yn 'e gaten hâlden. It bûtenlânske kenteken moat net tefolle minsken opfalle.
Doe't de twaling berne waard, wennen we krekt trije moannen yn Milaan. Trije drege moannen. Earst de ferhuzing, de paperassen, Sofia dy't net alles mear koe, mei har waachsend liif. Myn sollisitaasjepetearen by de Italjaanse bedriuwen, it regeljen fan 'e kraamsoarch, in sikehús. In hûs wie ek samar net fûn. We soenen dan mar yn in flat begjirme. Sa gau mooglik omsjen nei wat oars: in hûs dat yn myn dreamen de kontoeren hie fan myn âlde hûs, Geartsjes hûs.
Net dat it net goed gie tusken Sofia en my. Mar de earste wurkwiken wiene ynspannend. It Italjaans lei my wol, mar ik moast wenne oan 'e bedriuwskultuer en dat foel soms goed ôf. In werom kommend punt fan 'e diskusjes mei Sofia wie it wurk. Ik hie de earste baan nommen dy't my bean wie en hja wie dêr net tefreden mei. It salaris wie yndied net wat wy wend wienen, mar ik wist dat ik makliker opklimme koe as ik taal en kultuer better ûnder de knibbel hie. Op ien of oare manier woe se dat net ynsjen. Grut wiene dy rúzjes net. Har ûnfrede ferklearre ik as in part fan de soargen fan in frou dy't op alle dagen rûn. Nêstdrang of sokssawat. Fierder gie alles goed. As ik nei it wurk wie, siet se yn it park. En se die in talekursus. Italjaans.
| |
| |
‘De groeten fan jim mem’ sis ik tsjin de babys dy't my mei iepen eachjes oan lizze te sjen. Jasper syn doekje leit noch kreas ûnder 't kintsje, mar dy fan Bearend is witwêrsanne. As ik it mei de knibbels op 'e dyk, ûnder de bestjoerderstoel wei fandelje moat ik deroan tinke hoe't hja yn it Milanese sikehús lei te âljen as in liuwinne en ik har oanienwei oer it hier streake, meipufte, mei djip sykhelle en meiraasde. Al hast trije wiken hat se har bern net sjoen. Se taalt der net nei. It is dat ik der sels by west haw, oars soe ik net leauwe dat se se sels berne hie. Hoe is it yn 'e wrâld dochs mooglik dat der sokke froulju besteane? Se besteane. En ik wist it net.
Twa en in heale wike lyn haw 'k har foar it lêst sjoen. Amper it sikenhús út. Bearend en Jasper leinen op harren keammerke doe't se meidielde dat se fereale wie op har kursusdosint. En der achteroan dat se der gjin muoite mei hie de babys by my achter te litten.
Hie har fersjoen op it hawwen fan bern.
Fielde har der feitlik noch te jong foar.
Se wie der net by belutsen, sei se.
‘Jou dy mar even del, skat.’
It hie in swiere befalling west yn it Italjaanse sikenhús. Se wie te gau nei hûs kommen. We hiene hulp foar heale dagen want mear koene we net betelje. Omstannichheden dy't frégen om in post-natale depresje en dy diagnoase stelde ik dan ek rêstich. It wie har tefolle wurden, se hie harsels ek in stik mear yn acht nimme moatten.
Geartsje nochris belje? Om te sizzen dat se gelyk hie, seker... Nee, mar wer achter 't stjoer: wer fuorderstiid, dus no útsjen nei in stil plakje. En as ik net opsjit, moatte se oer in pear oeren wer.
Oan de râne fan de wenwyk in winkelsintrum. Achter de winkels is it deastil. Bearend krijt earst en dan Jasper it wettermolke-achtige drinken. Sij leaver as ik, ik nim wer in swolch fan myn kofje. Wurdt wol lau, no.
Mar gjin Sofia doe't ik de oaredeis mei in swiere tas fol boadskippen weromkaam. Dy nachts bleau se wei. Yn panyk de kursuslearaar midden yn 'e nacht opbelle: Wêr't myn frou wie!! Der waard daliks wer oplein.
München leit alwer achter ús en ik bin no oan it omdwalen, tusken München en Stüttgart. Dat iene plak koe ik net fine. Dy leane mei dy beammen wie der wol, mar der wie net in hûs dat der op like. De jonges wiene allebeide begûn te gûlen, dat ik moast wol nei in rêstiger plak.
Wer drinke, wer skjinne pampers. It waarme wetter út 'e termosflessen rekket op. Ik moat in beslút nimme.
| |
| |
Boppedat krij ik sin oan waarm iten. Mar as ik dêr oan tajou en yn in restaurant sitten gean, bin ik foar altyd oan dy bern bûn. Ik sil earst de lêste stikken meinommen bôle mar opite. Wat sil der fan dy krijsende popkes wurde?
Twa wiken wachte. De plysje hie 'k neat oan, woe neat dwaan. Stomme Italjanen! Alle dagen belje nei it hûs fan de learaar. Heechlearaar oan 'e universiteit fan Milaan. It begûn my te dagen. Lang om let. Myn wyt hynderke seach myn Italjaanse karrière blykber net sa sitten. De kloatsek waard sels op syn wurk ûnberikber.
Mei de Italjaanse help slagge it en bliuw oan it wurk. Mar hja koe mar fjirtjin dagen bliuwe en eins moast ik dochs wol mear help hawwe. As ik altyd daliks nei it wurk nei hûs moast soe ik noait hegerop komme. Dan soe Sofia hielendal net weromkomme tocht ik doe noch.
Ik sliepte min omdat feral Bearend in soad nachts gûlde. Al dy fiedingen waarden my tefolle. Op it wurk wisten se fan neat. Skamme my dea mei sa'n frou.
Bearend en Jasper lizze te razen fanôf de achterbank dat it in oardiel is. Ik haw fan need alle rutsjes ticht en riid yn in rotfaart mar ergens hinne. Yn alle gefallen bliuw ik út de beboude kom wei. De molke is op. Sliepten dy bern no mar, mar nee, dat hiene se de hiele dei al dien. Se binne fansels ek folslein út harren ritme. Twa dagen lyn yn Itaalje hienen foar it earst allebeide de hiele nacht trochsliept. Neffens de boeken is dat útsûnderlik foar sokke jonge bern. Mar no liket it as sille se de hiele jûn en nacht trochjanke. Wat moat ik mei se begjinne?
Geartsje as iennichste oplossing. Har koele rêstige stim yn Nederlân, dy't har namme sei troch de tillefoan. Myn switterige hân yn Italië dy't de hoarn hast falle liet.
‘Ik wol dy fertelle dat ik no twa bern haw, mar gjin frou.’
Ik hie der op tidige dat ik de hiele story net hielendal út de doeken hoegde te dwaan, dat se myn ferhaal ôfbrekke soe mei sayts as ‘Teake, kom hjirhinne mei dy bern.’ Mar ik waard net ûnderbrutsen. Stammerjend, suchtsjend en wanhopich die ik it relaas fan de lêste wiken. Fernederjend. Neat sei se. Sels net dat it har neat gjin nij die.
It is al fierhinne tsjuster as ik de wein by in ferlitten boerehuzinge, mei hiel wat skuorren derachter, parkearje kin. Ik stap út en pak earst Jasper op fan 'e achterbank. ‘Nou nou nou...’ doch ik tsjin him. Hy is hielendal klam en wiet. Se sille ek wol wer oan in nije pamper ta wêze. Ik stopje in pinkyn syn mûltsje en dêr begjint er
| |
| |
daliks op te sobjen. Ha!! Einliks stil!. Syn broer hâldt ek daliks op fan razen. Op sa'n manier soe 'k se noch wol mei fatsoen earne achterlitte kinne. Hjirre net. De minsken dy't hjir wenje binne meskien in lang skoft fan hûs. Mar wêr dan al?
Earst moatte se noch in skjin ruft, dan beslút ik dêrnei wol wat ik dwaan sil. Of werom nei München en net langer sangerje oer it plak, (sa'n ienaaiege twaling is skattich genôch om yn in goed pleechgesin opnommen te wurden). Of no ergens ite, myn offisjeel erkende bern ferskjinje yn in fetsoenlik (dames) toilet en nei hûs om foar altyd as in heit foar se soargjen...
‘Ik moat dy ek wat fertelle.’ sei se. ‘Ik sil, lykas dy in healjier lyn, ek trouwe.’
In gefoel fan mislikens wâle yn my op. Ik koe no alles wol ferjitte. Geartsje? In oare man? Wa?
‘En der is noch wat.’
‘Lit fierder mar.’
‘Ik ferwachtsje in bern.’
‘Hè?’
‘Ja. Dochs.’
‘Koe it dan al?’
‘It koe altyd, wat my oanbelange.’
‘Hè? Is dat dy kâns fan ien op tûzen?’
‘Falt my ta datst dat noch meikrigen hast.’
‘Hoesa?’
‘Dat wij gjin bern krije koene, lei oan dy. Mei my wie der neat oan 'e hân. Dus lei it oan dy. Ik haw dy doe wat oars sein, omdatst sa dúdlik west hiest datst net mei sokke feiten konfrontearre wurde woest. Hiest sa'n klap krigen as ik sein hie dat de kwaliteit fan dyn sperma poermin wie. Ik woe dy net mei de skuld opskypje. Boppedat wie it foar my net in reden om by dy wei te gean. Ik hie noch wol oare mooglikheden hân om in bern te krijen, sûnder datst der achter kaamst dat it net fan dij wie. Mar dêr hie ik tiid foar nedich.
Mar ik hie dy net ferlitten! Ik hie der altyd fan oertsjûge west dat wat wy hiene, bliuwe soe. En dat it al as net krijen fan bern dêr neat mei út te stean hie. It die bliken datsto dêr oars oer tochtst. It wie dyn kar.’
Ik hie it al in wike al sa goed taret. Werom nei Fryslân, sjen oft der noch plak foar my wie op it bedriuw. It jonge gesin hie 'k yn Itaalje achter litten, en as 't net oars koe soe ik tajaan dat Sofia mei bern en al my ferlitten hie om in oar. Gjinien soe fersteld stean.
|
|