Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 176] [p. 176] Troch it each fan in oar Tiny Mulder prime time Safolle mikrofoans: Hjir is wat moais te fangen foar prime time oere mei in grut publyk. In dwaas fertelt syn dreamen en gesichten. 't Giet oer in nije ierde, feilich en fertroud foar minsken, blommen, bisten en dêr't hy alfêst oan bout Mar midden yn 't ferhaal, wylst er skilderet it hearlikst fisioen fan lok, komme de triennen, ropt er om help, om moederaasje. De wize wrâld draait troch lyk as er draaide. Der wie wer in kertier ferdivedaasje. Ynspirearre troch De lêste dwaas ferhellet fan Henk Krist - Trotwaer 1994, nûmer 3 Vorige Volgende