Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 165] [p. 165] Albertina Soepboer Bewegingen Nacht. It wetter kloppet yn myn sliepen, de sluzen stean wiid iepen. Noch ien kear lûkt it lichem himsels strak. Mar nee, seit de wyn, dit kear silsto dy de bek hâlde. Ik swij, meitsje my klear. Ik spring, do springst, hy springt en ik sprong, weach nei weach. Sûnder sykheljen. Gjin lân mear ûnder de skuon. Underweis nei doe. It trage waaien fan wetter om in liif. Sân raant ûnder myn neils. Witte dat dit noch mar it begjin is. En ek dat net witte wolle. Eagen dy't bestjurje yn harren wyt. Nacht. Vorige Volgende