| |
| |
| |
[Nummer 4]
Doeke Sijens
Argeology
Antsje stie mei har auto foar it stasjon.
‘Syn mem hat it noait begripe wollen,’ begûn sy fuort nei't ik ynstapt wie. ‘Witsto wat sy juster tsjin my sei? ‘Ik ha altyd tocht dat jim noch wolris mei-inoar trouwe soenen!’
We rieden de stêd út. Antsje stjoerde en prate tagelyk. ‘Syn heit hat der oant syn lêste dei net oer prate wollen en die krekt as bestie dat part fan Arjen net. Yn it begjin haw ik der noch wolris west. Dat hat harren miskien noch wol hoop jûn ek.’ Ik seach nei bûten, ik koe it ferhaal fan foar nei efteren. It wie allegear ek net wichtich mear, trije dagen lyn wie Arjen ommers stoarn.
Antsje hie my frege om mei te gean nei syn begraffenis. Ik hie der lang tsjinoan skytskoarre, sy hie wol fjouwer kear belle. It wie sa lang lyn, it wie suver in oare Arjen dy't ik kennen hie. De lêste kear dat ik him trof, hie poer tafallich west en doe hienen wy net folle mear te bepraten hân. Pleatste ik my net tefolle op 'e foargrûn, as wie ik ien fan syn neisten? ‘Kom dan foar my,’ hie Antsje sein, ‘en om jim âlde freonskip.’ Eins fûn ik dat sentiminteel, mar se hie gelyk, Arjen hie werklik wichtich foar my west.
We rieden oer in lange rjochte dyk mei sa no en dan in ôfslach nei in doarp. It wie jannewaris, de fjilden hienen dat absolut deadske fan 'e winter, as soe der nea wer wat waakse. Antsje prate mar troch, as hie se it noait earder ferteld.
‘In wike as seis lyn hat Arjen har opbelle om te sizzen dat er slim syk wie. Hy hie it sa lang mooglik útsteld, mar no wied er suver blyn en wist soms al net mear wêr't er wie. Earst woe se net komme, it wie har te fier reizgjen, mar in buorman hat har derhinne brocht. Sy hat in healoere by him west. Moatst dy foarstelle! Se ha allinnich saaklike dingen bepraat, hoe 't er syn testamint regele hie en sa. Dêrnei is it minske gewoan wer fuortgien.’
Ik besocht my yn te tinken hoe 't dat gien wie. Op 'e tillevyzje hie ik wolris in aidspasjint sjoen. Miskien hie syn mem it wol net langer ferneare kinnen. Ik sei dat mar net, ik wist dat Antsje der alles oan dien hie om de twa mei-inoar te fermoedsoenen.
‘Dy âlden sille ek wolris tocht ha,’ begûn ik, om de stream wurden te ûnderbrekken, ‘hoe komme wy oan sa'n bern. It iennige op 'e buorkerij wat him ynteresearre wienen de katten.’ Antsje gnyske. ‘Dat paste hielendal
| |
| |
net by de plannen dy't sy foar har iennichst bern hienen. Hy moast op 'e pleats.’
Antsje wie in boeredochter, troud mei in boeresoan dy't by in bank wurke. Dat hie ek spul brocht yn syn famylje. Antsje hie krekt sa'n ôfkear fan de mystyk fan in boerelaach as Arjen. Ik achte my lokkich dat ús heit net iens hope hie dat ik dominy wurde soe.
Antsje stuts in sigaret oan, se die dat tige handich mei ien hân. ‘Witsto wat syn mem juster noch mear sei? “Wie er mar noait nei de stêd ta gien, dêr is it misgien” Ik ha mar neat sein.’
It bêste is, fyn ik, om yn it hjoed te libjen. Foarút te sjen. Al lang lyn ha ik ûntdutsen dat it ferline in fûke is, dêr't men hast net mear út komt. Dochs dreaunen de lêste dagen âlde bylden wer nei boppen, ûnûntwynber.
Arjen syn heit wie in heareboer, sa'n kening fan it doarp dy't oer alles wat te sizzen hie. Bysûnder wie, dat er faak yn argiven siet en alles wist oer de skiednis fan it doarp. Hy skreau dêroer yn tydskriften en gie nei gearkomsten. Hy wie grutsk op syn famylje en hie de stambeam sekuer neigien.
Net sa fier fan syn pleats ôf lei in terp dêr't allinnich in pear beammen op stienen. Hy fûn dat opfallend en socht krekt sa lang oant er wat oer dat plak fûn hie. Mei help fan kaarten en kroniken wie neffens him dúdlik te bewizen dat dêr oait in kleaster stien hie. Troch de Alderheljenfloed fan 1570 soe dat kleaster ferwoastge wêze en dêrnei ôfbrutsen. Hy krige it foarinoar dat lju fan de Universiteit kamen te sjen. De iene simmer wie it in proef, it oare jier setten de opgravingen echt út ein.
Argeologen wurkje tige sekuer en foaral stadich. Foar elk projekt brûke se almeast frijwilligers, mar Arjen syn heit woe wol betelje. Hy wie hastich, woe gau resultaat. Oar wurk koe ik dy simmer net fine en ik bedarre op dy terp. Ik hie gjin inkele ynteresse foar âldheden, mar it wie maklik wurk.
Arjen moast fan syn heit meihelpe ek al noaske him dat net. Rillegau rekken wy oan 'e praat. Hy hie krekt eineksamen dien en koe hast net wachtsje foar't er it hûs út koe. It trof hielendal, dat er by my yn 'e stêd nei de Universiteit soe.
Arjen wie net bleu en hy prate oan ien wei. Hy wie foars, hie krollich hier dat eins wat te lang wie en grutte brune eagen. Hy wie fleurich, iepen en net bang om nije dingen te probearjen. Yn alles wie er it tsjinoerstelde fan my. Ik fûn him fuortendaliks ûnwjersteanber, it wûnder wie dat Arjen dêr bliid om wie en it fjoerke oanwakkere. Letter ha ik faak tocht dat dat wie om't er gjin oare kandidaten yn 'e buert wienen. Arjen sei, dat er noch net earder ien troffen hie
| |
| |
dy't ek op jonges fereale wurde koe. Fansels hienen der op skoalle jonges west dêr't er in soad foar fielde, mar dy woenen neat fan him witte. Dochs foel my op hoe trochtaastend at er wie. Hy wist plakjes dêr't net ien ús fine koe mar dat wie net genôch. Hy krige it foarinoar dat ik by him thús útfanhûzje koe (ik sliepte dêrfoar by oare minsken yn it doarp). ‘Heit en mem binne allang bliid dat ik sa noflik bin optheden, dêr ha se wol wat foar oer,’ sei er. ‘Se hawwe net yn 'e gaten wat de reden is.’
Har hûs hie in soad keamers en stie fol mei âld húsrie. Grutsk liet Arjen my in kast fol mei Sineesk porslein sjen, dat al hiel lang yn 'e famylje wie. It gie him net om de wearde fan de fazen, hy fûn se gewoan hiel moai. Ik hie in keammerke op deselde gong as hy, mar der wie ik fansels net folle. Wy wienen ek nachts by inoar. De earste jûnen harke ik skerp oft ik neat op 'e gong hearde, mar neffens Arjen kamen syn âlden noait nei boppen. Ik fûn him oerdwealsk, mar bewûndere him tagelyk. Hy hie gelyk, se binne ús net oer it mad kommen.
Ik makke syn âlden mear mei as earder. Syn heit wie bazich, drok, hie oeral argewaasje fan. In typyske âlderwetske heit, dy't wend wie om syn sin te krijen. Syn mem wie freonlik mar in bytsje ôfhâldend, ik koe gjin hichte fan har krije. Dit binne fansels konstatearringen efternei om't ik doe net oer harren prakkesearre, ik wie mei Arjen dwaande. Se dienen net strang tsjin him, it like my ta dat se Arjen net folle omtinken joegen.
Elkenien bewarret romantyske oantinkens oan syn earste ljeafde, in yntins fielen dat sa noait werom komt. Dat gie my ek sa. Dêrby is my ek bybleaun dat Arjen sa opgie yn seks, hy wie dan hielendal yn ekstaze. Ik hie dat net, ik tocht altyd oan noch oare dingen. Ik koe noait by it momint libje, ik tocht foarút, hie plannen foar de takomst.
Dat gie hast daliks al ferkeard. Arjen soe noch twa wiken te silen, mei jonges dy't er koe fan skoalle. It wie jaloersk, erchtinkend en koe dat net foar my hâlde. Arjen sei dat er it begriep, ik hoegde gjin noed te hawwen. Lykwols, hy feroare syn plannen net. Wy soenen inoar wol wer yn 'e stêd treffe, dan wie der noch tiid genôch.
Antsje hie al in pear kear sein: ‘No binne we der hast.’
De begraffenis wie yn in doarp dêr't Arjen syn famylje fan oarsprong wei kaam. Syn heit wie dêr ek begroeven. Ik fûn it frjemd dat Arjen dat sa regele hie. De famylje hie him dochs min ofte mear ferstaat?
It wie in lyts plakje, in terp mei dêrop in tsjerke. As in eilân lei it mids de greiden. De terp wie, safolle ferstân hie ik der wol fan krigen, hast hielendal ôfgroeven. It paad derhinne wie sparre bleaun.
| |
| |
Wy wienen betiid. Der stienen al mear auto's en wy stapten mar út. It wie wynderich, kâld. Skiere loften dreauwen foarby. De beammen by de tsjerke wienen keal en kreaken yn 'e wyn. Fansiden, heal op it hiem fan in pleats, stie de begraffenisauto, swart glânzgjend. Ynienen wie it echt, ik fielde de spanning ûnder yn myn mage. Antsje seach de auto ek en pakte my by de earm. Stadich rûnen wy it paad op.
Antsje koe Arjen al sûnt de middelbere skoalle. Sy hie my wolris ferteld dat sy sa heal en heal fereale op him west wie, mar dat wie oergien om't se wol fernaam dat hy gjin belangstelling foar famkes hie. ‘Dat fielde ik, hy hat it noait plan-út sein.’ Se wienen freonen bleaun en sa hie ik har ek kennen leard. De lêste jierren, doe't Arjen yn Amsterdam wenne en Antsje troud wie en bern krige, wie it kontakt minder wurden, mar ophâlden wie it nea. As er ien wie dy't in soad foar Arjen betsjut hie, dan wie sy it.
De tsjerke wie lyts en tige âld. Op in buordsje by de doar lies ik dat it in monumint wie út de trettjinde ieu. Arjen kaam yn oerâlde grûn te lizzen. Ik woe net tinke oan wat komme soe, hie noch wol werom gean wollen, mar Antsje wifele net. Doe't wy troch it porteal, dêr't it nei stien rûkte, de tsjerke yngienen wie der gjin útwyk mear.
Foar de preekstoel stie de kiste fan moai ljocht hout. Der leinen reade roazen op. De boade brocht ús nei in bank, krekt fierder as wêr't de kiste stie. Doe't wy dy foarby rûnen, lei Antsje eefkes har hân derop. In momint, mear wie it net, mar al har fertriet om Arjen seach ik yn dy beweging.
It oargel spile. Mear en mear minsken kamen der yn. It wienen hast allegear âlde minsken, fiere famylje, miskien buorlju fan syn mem. Gjin bekenden. Arjen hie regele, dat der earder yn Amsterdam in gearkomste halden wie foar syn freonen en kunde dêr. Antsje hie dêr net hinne kind. Oan my hie Arjen net tocht, miskien stie ik net mear yn syn adresboekje, miskien hat er tocht dat ik der gjin belang by hie.
De simmer op de terp belibbe ik yn in rûs. Dat it yn 'e stêd hiel oars gean soe, hie ik net foarsjoen. Neam it mar in tekoart oan realisme.
Arjen joech him oer oan it studintelibben. Ik trof him geregeld, mar nei myn sin net faak genôch. Hy wenne yn in hûs mei oare studinten, dêr't it gjin momint rêstich wie. Hy waard lid fan in feriening, roeide, gie op hockey. Rillegau kamen der oare jonges, dy't ek syn oandacht krigen. Safolle jierren letter is it allegear sa logysk, mar doedestiids wie ik der hielendal beroerd fan. It wie sa slim dat ik help socht en nei in psycholooch gie. Sy fertelde my nei in pear sessys, dat ik in ûnderûntwikkeld gefoel fan eigenwearde
| |
| |
hie en my dêrom sa ôfhinklik fan Arjen makke. Doe't ik him dat fertelde moast er laitsje en helle my oan, mar hy gie der net tsjin yn.
Hy hie altyd geduld mei my hân, hie my delbêde, mar hy hie syn wize fan libjen net feroare. Stadichoan seach ik yn dat er net út wie op itselde as ik. Hy woe emoasjes en seks foar it momint, ik woe fêstichheid en wissichheid.
Yn dy tiid fûn ik oanhâld by Antsje. Arjen wie ek har favorite tema. Oars as de psycholooch, seach sy it foaral praktysk. Ik moast ynsjen, sei sy, dat ik in oare freon nedich hie. Arjen wie gewoan net gaadlik as partner.
Lang om let slagge it my om Arjen los te litten. Troch Antsje bleau ik op 'e hichte. Earst krige Arjen swierrichheden mei syn âlden oer syn stúdzje. Oaren hienen dat al lang begrepen, mar no krigen sy it ek yn 'e rekken: Arjen woe de pleats net oernimme. It hie foar harren in útmakke saak west, sy hienen noait twifele. ‘Dy minsken ha gjin minskekennis,’ rôp Antsje, ‘dy ha allinnich ynstinkt!’ It wie mâl gien, mar Arjen hie wûn. Nei dy stoarm wienen de ferskillen noch oersljochte, de brek kaam doe't Arjen fertelde dat er wol noait trouwe soe om't er mear foar jonges fielde. Ek dit hienen de âlden fansels allang witte kinnen. Syn heit fûn it oanstellerij en hie de dominy derby helle. Syn mem hie sein dat soks yn har famylje net foarkaam. Arjen fûn de reaksje fan syn âlden sa antipatyk dat er suver alle kontakt mijde. Syn âlden stúmden.
Doe't se der ynkaam hie se eefkes tsjin Antsje glimke. De hiele tsjinst siet syn mem rjochtop en seach stiif foar har út. Se gûlde net. Neist har siet in oare frou, neffens Antsje wie dat har suster.
De rituelen fan in begraffenis binne altyd foar de efterbliuwers, mar dit kear bleau de ferstoarne wol tige op in ôfstân. De dominy brûkte in soad klisjees, oer ús fergonklike libben, in libben dat is as in blom fan it fjild, soms is it slim om yn te sjen wat God mei ús foar hat. Ik hie graach hearre wollen wêrom't Arjen sa jong stjerre moast. It wie neffens my tafal dat er it firus skipe hie, stom tafal. Ik wie der wis fan dat de measten yn 'e tsjerke fûnen dat it syn straf wie, foar syn sûndich libben, mar dat doarst de man fansels net te sizzen. Ik woe net lilk wurde, Arjen hie dit sels sa wollen. Miskien wie it syn wrake om't syn mem sa de werklikheid ûnder eagen sjen moast. As dat sa wie, dan die dat gjin bliken.
Wy songen noch in psalm en doe waard de kiste útdroegen. Foar it earst fielde ik triennen kommen, Antsje gûlde werklik. Bûtendoar sei de frou dy't foar ús rûn: ‘No wit ik wêrom't safolle minsken foar kremearjen binne: Gjin wyn en kjeld op it hôf.’ Sy moast har huodsje mei beide hannen beet- | |
| |
hâlde, sa waaide it. Antsje reagearre net. Har eagen wienen noch wiet.
It hôf wie lyts, wy wienen samar by syn grêf. De dominy sei noch wat, troch de wyn wie er net te ferstean. Ik koe wol betinke wat er sei. Dat wie net dat Arjen in fleurich, goed libben hân hie, dat er himsels net skamme hie foar syn leafdes en dat er weardich stoarn wie. Ik gûlde, it wie sa ûnearlik.
Wy rûnen noch in kear om it hôf, de boade foarop. Oer syn grêf stie in swart houten ramt, de roazen seach ik net mear. Fan de terp ôf koe men de fjilden oer sjen. Fierderop seach ik in tsjerketoer, dêr wie ek Arjen syn âldershûs. Miskien wie it dochs wol tapaslik dat er nei dit plak brocht wie, hy hie syn woartels net trochknippe wollen. Syn mem rûn noch like rjochtop as earst. len kear knoffele se, mar dat koe wol fan it grint op it paad komme.
Wy gienen werom nei de auto. Yn in keammerke ûnder de toer hienen wy kofje dronken. De famylje hie dêr net by west en wy hienen allegear ûngemaklik by inoar stien. Antsje wie lilk, dat fernaam ik. By de auto begûn se: ‘Sa koart om 'e hoeke hoecht it dochs ek net ferdomme, it wie har soan, net in âlde muoike!’ Oare minsken dy't ek werom gienen seagen us kant op.
‘It minkse is âld,’ sei ik, ‘sy kin net folle mear ha. Do moatst sa mar tinke, se hat noait witte wollen dat Arjen homo wie en no stjert er oan in sykte dy't dêr direkt mei te krijen hat. Dat is hurd!’
Antsje seach my oan. ‘Do bist nayf. Sokke minsken tinke sa net. Sy sil altyd fine dat as er mar op 'e pleats kommen wie en troud, dan wie it allegear goed kommen. Sy sil noait de wierheid sjen wolle en Arjen fan alles de skuld jaan. Dat dy dominy doarde te sizzen dat it foar de mem sa'n swiere slach wie. Stabat mater! Tinkt dy man soms dat Arjen sa graach dea woe?’
Ik sei neat werom. Ik begriep har lilkens wol, mar it wie allegear om 'e nocht.
Antsje stjoerde de auto kundich de dyk wer op. ‘Wennet syn mem eins noch yn it doarp,’ frege ik doe't wy al wer in ein ûnderweis wienen. Krekt as mei in jûkjend plakje koe ik der net ôfbliuwe.
‘Jawis, yn in filla, mei al it antyk dat se Arjen net gunde.’ Mear sei se net.
De opgravingen op 'e terp wienen yn 't earstoan in sukses. Wy fûnen fûneminten en in put. Arjen syn heit wie sa optein dat er de krante derby helle. De oare deis stie er grutsk by de brokstikken op 'e foto. Mar it die bliken (ik wie doe al wer oan 'e stúdzje) dat it net in kleaster west hie, gewoan in pleats. Utsein in pear pandiggels waard der neat mear fûn. ‘It museum woe se net iens ha,’ fertelde Arjen letter mei in skealik glimke.
| |
| |
‘Ik bin bliid datsto meigien bist,’ sei Antsje. Wy wienen by har thús en dronken in glês wyn. Antsje wie in stik rêstiger as earst, sy siet mei de fuotten op 'e bank.
Ik murk ek, dat de spanning stadich út myn spieren loek. Noch eefkes en de deistige dingen krigen de oerhân wer.
‘Hie Arjen yn Amsterdam ek in freon,’ frege ik.
‘Earlik sein wit ik dat net. Dy kearen dat ik by him west haw, neamde er wolris wat nammen, mar net spesjaal ien. Der stienen wol tsien advertinsjes yn 'e krante, hy koe in soad minsken.’
‘Safolle krij ik net by inoar,’ sei ik, ‘ik fyn mar in bytsje minsken aardich.’ Dat wie wier. ‘Arjen hat my doe sa sear dien, it hat lang duorre foar't ik wer in minske fertroude.’
‘Net sa dramatysk. Jim wienen doe noch mar skoaljonges. Dan is alles sa abolút. Boppedat, do hast it dochs goed foarinoar, sa slim kin it net wêze.’ Ik sei neat. Sy hie gelyk, fansels, mar noait hie it sa magysk west as mei Arjen.
Wy praten oer oare saken.
Ynienen sei Antsje: ‘Wolst ek noch foto's sjen?’ Ik tocht dat sy foto's fan 'e fekânsjes of fan har bern bedoelde, mar it wienen foto's fan Arjen.
Twa beseach ik. Arjen yn in sylboat en by in feestke yn in tún. Fleurich en sûn, ik koe it net ferneare.
‘Atsto dyn trein helje wolst,’ sei Antsje nei in skoftsje, ‘dan moatte wy no fuort.’ Ik lei de foto's op in taffeltsje en socht om myn jas. Ik hie tasein dat ik op 'e tiid thús wêze soe.
|
|