reeks romans [...] over het leven en de ontwikkeling van een of meer personages, waarin de geschiedenis een vrij lange tijdspanne beslaat,’ jout it Lexicon van literaire termen (Groningen, 1991) as definysje. It libben as in stream, mar mei de Holwerterfeart en de Ie hat it neat te krijen. Riemersma hie neat yn 'e rekken en neamt It Heechhôf in streamroman, ‘sintraal yn it lânskip leit de rivier dy't troch de fruchtbere greiden streamt.’
Verveld brûkte noch mear byldspraak. Hy fûn dat de pleats oan 'e Ie it toaniel wie wylst de doarpen yn 'e omkriten de kûlissen foarmen. Dat fan it toaniel koenen wy begripe, mar it byld fan dy kûlissen soe dochs allinnich doel ha as men út dy kûlissen wei nei it toaniel seach (as by in kûlisselânskip) mar dat is net sa yn de roman. Riemersma skriuwt: ‘It paradys wurdt ôfgrinzge troch de doarpen en utbuorrens [...] dy't as kûlissen de leaflike wrâld ôfskiede.’ Ek de omskriuwing fan ‘It Heechhôf’ as it paradys komt fan Verveld en wie noch in foarbyld fan wat yn it Ingelsk sa moai in ‘mixed metaphor’ hjit. Verveld hie syn lezing ‘It ûnthjitten lân’ neamd. Mar as de bewenners ‘It Heechhôf’ al in paradys fûnen, dan wienen sy dêr dochs al, fregen wy him by syn lêzing, dan wie it dochs net mear ûnthjitten? Verveld bedoelde miskien dat de Brúnja's letter út it paradys ferdreaun waarden? Yn alle gefallen hold er fêst oan syn opfetting. Syn skripsje is grif goedkard.
Foar syn dissertaasje hat Riemersma fansels de boereromans fan Brolsma lêzen en hy tinkt dêrom sûnder mis dat Brolsma neat oars skreaun hat. Sa komt er yn it part ‘plak yn it oeuvre’ fan syn neiwurd oer It Heechhôf ta healwize konklúzjes. Mei in bytsje mear wurk hie er dat foar wêze kinnen.
Yn 1920 hat Brolsma yn It Heitelân it earste part publisearre fan wat letter Sate Humalda, ‘in forhael út it Fryske boerelibben om 1890 hinne yn trije boeken’, wurde soe. Yn 1926 kaam It Heechhôf út by de Fryske Bibleteek (en net earst as feuilleton, sa't it omslach suggerearret). Riemersma skriuwt dat Brolsma de earstneamde rige net fuortendaliks ôfmakke hat, om't er gjin nocht hie oan it skriuwen oer ‘stedske aventoeren’ en dêrom mar gau wer in boereroman begûn wie. As Riemersma it mar in lyts bytsje mear útsocht hie (en dat is dochs net tefolle frege as men it ‘editoarysk tafersjoch’ hat) dan hie er witte kinnen dat Brolsma yn de jierren 1922-'25 yn it tydskrift Frisia, It Widdou's Bern publisearre, in roman dy't foar it grutste part yn 'e stêd spilet. Nei It Heechhôf kamen foar de twa oare dielen Sate Humalda ûnder oaren ek noch Ypeus en Neisimmer, beide ferhalen