hie my werris naaid. Ik tute op myn pink en stuts dy doe nei har op.
De taper hie twa glêzen mei in heldere floeistof foar ús delset. Ik naam in bêste swolch. De smaak hie wat bekends. Inkeld om Gryt te narjen sette ik it petear troch. ‘Pittich spul. Wat is it?’
‘Strohrum. Dat drink ik bijna altijd.’
Ik gie skean sitten om net kontinu nei Gryt te sjen. Ik wie healwei myn glês doe't myn buorfrou har lêste boaiemke efteroersloech. Fuortendaliks bestelde hja twa nije buorrels. De wrâld op syn kop...
‘As ik drink, brûk ik net. Oars ek net, mar asto my mei in buorrel yn 'e hân sjochst, dan kinst der hielendal wis fan wêze dat ik net snúf. Nee, ik haw neat by my.’
‘Oh...’
‘En sjoch net sa ûnnoazel. Dat makket dy net kreazer.’
Hja bûgde foaroer. De boarsten waarden troch de râne fan 'e taap heal út har truike parst. Har hân skode stadich omheech by de binnenkant fan myn skonk lans.
‘Ik woon hier vlakbij, aan de Eewal.’
‘Ja, en...?’
‘Ik heb een waterbed en een whirlpool. Het enige dat mijn tweede huwelijk me heeft opgeleverd.’
Krekt op dat stuit krige ik in daverjende klap op it skouder.
‘Hé, Janko, keardel! Hoe is ut met ut advyswerk en de wiven, jonge? Hest noch wat omhannen?’
Wybren - ‘Wipy voor myn gabbers’ - treau syn grouwe kop hast yn myn foarholle, wylst er dapper besocht te knypeagjen. Syn pupillen wienen slimme lyts en syn asem stonk swier nei knyflok en whiskey. It hier yn myn nekke stie fuortendaliks rjocht oerein. Hoe ûntkaam ik dizze kear wer oan it domme praat fan dizze kloat?
‘Hoi, Wybren. Ik bin sa smoar as in kroade en mei de froulju wol it ek al foar gjin meter. Dêrom hat dit aardige fanke oanbean om my nei hûs te bringen.’
It ‘fanke’ seach no echt ferheard. Hja hie der blykber op rekkene dat ik har úteinlik dumpe soe. Dat wie har grif al faker bard.
Wybren koe it laitsjen amperoan ynhâlde. Hy hie de mûle al iepen om lykas altyd út syn ûnútputlike boarne in amerfol goare hingtyt-moppen oer my út te stoarten.
‘En dat fyn ik fideel fan har, dat ik lit my mar nei hûs drage. Hoi.’
Ik geat it restant fan 'e earste buorrel by it folle glês en mikte it hiele protsje yn ien kear yn myn kielsgat. Wybren smoarde healwei yn 'e earste sin fan in mop en syn mûle foel mei in klap ticht. Ik glied fan myn kruk en pakte myn âld minske by de earm. Ik luts har heal mei nei de útdoar. Wybren seach ús nei as seach er spoeken.
Doe't ik by Gryt delrûn, sloech hja my nar-