Sjoerd Bottema
In oare wrâld
Oer: Marten Toonder, De oare wrâld. Ketlik, Le chat mort, 1994.
Oerset út it Nederlânsk troch Jan de Jong.
Yn 1982 ferskynde as ‘boekenweekgeschenk’ een Bommelverhaal, ‘De andere wereld’, mei in prachtich foarwurd fan hear Olivier B. Bommel sels en ‘enkele biografische gegevens over de auteur’. Hielendal fergees en foar niks by oankeap fan f 19,50 oan boeken. Foar de Fryske oersetting moat, ûndanks de stipe fan de provinsje Fryslân, f 24,95 delteld wurde.
In grouwélich bedrach foar in útklaaide ferzje fan it oarspronklike boekje. Foarwurd en biografyske gegevens ûntbrekke. Mar dat is it slimste net. Sa't yn it ferhaal de flechtelingen út Apoka om 'e nocht sykje nei de ‘dubloenen’ dy't nei't se mienden yn Rommeldam op strjitte lizze soene, sa siket de lêzer fan 'e Fryske oersetting fergees nei de taalfynsten en -grappen dy't yn 'e oarspronklike ferzje foar it opkrijen lizze.
‘De andere wereld’ fan Toonder is yndie in ‘oare wrâld’ wurden. It prachtige wat âldfrinzige taalgebrûk fan Toonder is yn de oersetting fan De Jong sa goed as neat fan oerbleaun:
Toonder |
De Jong |
buidel |
rêchsek |
knieknoken |
knibbels |
ter ruste gegaan |
op bêd gien |
keerde huiswaarts |
gyng nei hûs ta |
grijsaard |
âldman |
aan het einde van |
deawurch |
zijn krachten |
|
beklemd |
suver wat bang |
Yn in pear gefallen is de tsjinstelling wol tige grut. Sa is in ‘ontbindende vrucht’ in ‘rotterige frucht’ wurden. Dat is net mear de taal fan in hear, mar dy fan in boerelul.
‘De grauwe overheid kent zijn plaats niet’ seit hear Bommel (werby't er syn buorman, de markys, nochal knoffelich sitearret); yn de Fryske oersetting is dat wurden: ‘Dy goare oerheid wit syn plak net’. It sil dúdlik wêze dat it net mear de markys is dy't hjir sitearre