essee yn Trotwaer (1993: 130-131), sjocht Knol net fierder as de noas fan de kritikus lang is: ‘Op de fraach wat “froulik” dichtwurk fierder noch betsjutte kinne soe (...), giet Knol net yn.’
In oare ynfolling fan it begryp ‘froulik’ as de hjirboppe neamde, kin in better sicht jaan op de poëzij fan froulju en saken út de fersen nei foaren bringe dy't oars nea oan it ljocht kamen. It begryp ‘froulik’ hoecht in krityske oanpak fan dy fersen net yn 'e wei te stean. It kin op himsels in krityske oanpak wêze en sjen litte dat froulju dan wol oars dichtsje as manlju, mar dat dat dêrom net negatyf hoecht te wêzen.
Wat soe dan krekt dat ‘froulike’ wêze moatte? Poëzij is faak de refleksje fan ideeën en gefoelens oer de wrâld. It byld dat de dichter ús sketst, hinget gear mei it eigen byld dat ûnstien is troch persoanlike ûnderfiningen en de refleksje dêrop. In frou hat troch har opfieding en plak yn 'e maatskippij in oar byld fan de wrâld as in man. De tematyk fan har fersen sil dêrom oars wêze. Mar dêrom net minder.
Omtinken foar it ‘froulike’ aspekt kin in better byld jaan op dy fersen, mar it kin ek in kwaliteitsmeter wêze. Der kin sjoen wurde nei de manier wêrop 't de ûnderfiningen ferwurde binne, hokker bylden brûkt wurde en hoe orizjineel de fersen binne.
Lit my yngean op in ûnderwerp dat Knol yn har essee koart neamt, mar net goed útwurket: de dichteres en har hûs. It hûs hat foar froulju faak in hiel oare betsjutting as foar manlju. It is it plak dêr't se wenje, dat se skjinhâlde en dêr't de bern omrinne. Knol wiist der op dat dat ûnderwerp troch ferskillende dichteressen behannele wurdt. Se neamt in oantal dichteressen dy't it hûs op in positive manier sjogge, bygelyks Tsjits Peanstra. It hûs is by har ‘it plakje yn 'e wrâld dêr't men jin feilich en burgen fielt’. Dochs is der in oare manier fan sjen nei it hûs lykas by Berber van der Geest, Hanny Michaëlis en Ankie Peijpers: ‘By dy dichteressen wurdt it hûs of de keamer faak as in benauwende stjelp beskreaun, as in metafoar foar depressive gefoelens.’ (s. 193). Knol lit troch har analyze sjen dat it hûs yn de poëzij fan froulju in wichtige rol spylje kin. Sa'n analyze kin it fers yn in hiel oar perspektyf sette. Troch de klam te lizzen op dit typyske froulike elemint fan it hûs krijt it fers in hiele nije laach. By in krityske skôging fan it fers kin der ek noch sjoen wurde nei de kar fan de wurden en de bylden dy't brûkt wurde.
Ek yn de nije bondel fan Margryt Poortstra Ferrifeljend glês spilet it hûs in wichtige rol. Yn it earste part fan de bondel dat ‘fan bûten ôf’ hjit, geane inkelde fersen hiel dúdlik oer it hûs. It is net it lokkige hûs dêr't mem soarchsum foar de berntsjes is, de wask mei niget ophinget en altiten mar leaf is (s. 12):