Oene Spoelstra
Opnij
Earst seach ik oer de dingen hinne
Gjin kleur gjin ljocht gjin blide sinne
Allinne loft en helske stien op ierde
It swarte fjoer trochkringt de ierde djip
Mar lang om let nei wachtsjen en gâns tiid
Brekt ynsjoch troch oer djipten en bestean
It sicht nimt foarmen oan, it toant de wiere aard
Fan wat net te beneamen is en net te kearen
Oan lange linen leit it libben fêst
Ynspirearre troch de ets/kollaazje fan Sonja Burgerjon - Trotwaer 2, 1994.