Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 124]
| |
YnliedingHiel no en dan ferskynt der in goed boek yn 'e Fryske literatuer en dêr meie we dan o sa bliid mei wêze. Al wie ik der mei skepsis oan begûn, ûnder it lêzen fan It wrede foarjier waard it my wat langer wat mear dúdlik dat dit wolris ien fan de klassikers wurde koe. Der wurdt dus noch altyd kwaliteit levere troch Fryske auteurs. De skepsis wie der om it feit dat dit it safolste boek oer de besettingstiid is en dat begjint dochs wolris te ferfelen. Ik freegje my wolris ôf wêr't Fryske auteurs dy't de jierren 40-45 meimakken, oars oer skriuwe moatten hienen. En wêrom immen as Steven de Jong safier gean wol mei it aktualisearjen fan dy tiid, dat er in ûndersyk ynstelle wol nei ‘de fouten fan Fryske auteurs foar en yn en nei de oarloch, en dat al it skriuwen yn it Frysk fertocht wurdt as dy fouten yn de dize bliuwe’ (earste stelling sympoasium ‘Inkele tema's út de moderne Fryske literatuer, 7 maaie 1994). Ferjit De Jong dat de neioarlochse ginneraasje hieltyd grutter wurdt en gjin niget hat oan de fouten fan in Folkertsma, in De Jong en in Kalma, mar har leaver konsintrearret op 'e flaters dy't hjoed makke wurde? It is dochs in yllúzje om te mienen dat it minsdom leart fan 'e fouten fan eardere ginneraasjes. Wêrom 't noch altyd oer dat tiidrek, no al fyftich jier lyn, skreaun wurdt, hat faaks te krijen mei it feit dat der yn in oarlochssitewaasje earder sprake is fan it dwaan moatten fan in persoanlike kar: heult men mei de fijân of giet men yn 't ferset? It risiko om it ferkearde te kiezen wurdt grutter en nei alle gedachten leveret dêrom de lêste oarloch noch safolle ynteressante skriuw- en lêsstof op. Kwa romantyk en psychology is der mear te belibjen: hoe kaam it no dat hy dat keas en hoe rûn it ôf? Sa wurdt yn in boek as De Reade Bwarre fan Tr. Riemersma beskreaun | |
[pagina 125]
| |
hoe't Harrem Mòdderklauer de kant fan de fijân kiest en yn De Wuttelhaven del fan Steven de Jong docht de heit fan haadpersoan Eeltsje de ferkearde kar. Waard der earder moralisearjend oer skreaun, tsjintwurdich wurde de driuwfearren fan sa'n kar beljochte, wat ek wer te krijen hat mei it ferskynsel fan de twadde ginneraasje dy't begûn is mei 't skriuwen oer it libben mei âlden, dy't ferkeard keazen. Undanks alle oanrjochte leed, bliuwt de besettingstiid sa noch altyd stof foar ferhalen leverjen en sa'n bron hat der oan 't hjoeddedei ta yn ús heitelânske skiednis net wer west. Nee, hjoeddedei wurde we net ferge op sa'n kar, it hat net direkt persoanlike konsekwinsjes as we tsjin ekstreem-rjochts stimme en op jierdeifeestjes bange omkes en muoikes tsjinsprekke dy't it lân te fol fine foar asylsikers en flechtlingen. Yn alle gefallen is sa'n soarte kar noch net ynteressant genôch foar fiksje. Of is soks te aktueel en rûkt dat tefolle nei engaazjemint? Allinnich Steven de Jong hat him mei it hjoeddeistich rasisme dwaande halden yn De Wuttelhaven del en dan giet it dêryn feral oer it antisemitisme, dat yn it ferlingde fan de ferhaalline yn dat boek oer de twadde wrâldoarloch leit. Sjocht men nei de Sintraaleuropeeske literatuer dan falt op dat de tsjintwurdige maatskappij en polityk dêr folle mear yn behelle wurdt, bygelyks by Milan Kundera en Geörgy Konrád. Werom nei Van der Ploeg. Hoe spilet de oarloch in rol yn It wrede foarjier? It ferhaal spilet him ôf yn de lêste oarlochswinter en de oarloch is sikerwier wichtich: de famylje fan Tie hâldt ûnderdûkers en wapens ferburgen, mar dat is mear in gegeven. Der wurdt yn de roman net skreaun oer wêrom't de âlden fan Tie kieze foar it ferset en der wurdt ek net heldhaftich oer dien. It is de begjinsitewaasje. De oarloch is eins it dekor by in klassyk drama-konflikt: dat fan de heit en de soan. Ik fyn dit in hiel goede roman omdat it in boek oer in famylje yn de oarloch liket te wêzen, mar it yn wezen giet oer de striid dy't yn elk minskelibben plakfynt: it muoisume folwoeksen wurden. In wichtich aspekt yn it libben fan in opgroeiende jonge is dêryn de ambivalinte relaasje mei syn heit: oan 'e iene kant is heit syn grutte foarbyld en wol er syn wurdearring, mar oan 'e oare kant wol er de heit foarbystribje, it better dwaan. Ut de psycho-analytyske hoeke wei kin men sizze dat er de heit út 'e wei romje wol om syn plak yn te nimmen. Dat lêste is minder bewust, mar kin in yndikaasje wêze foar de twaslachtige hâlding dy't faak te finen is by (jonge) mannen foar harren heit oer: it leechachtsjen en bewûnderjen tagelyk. De haadpersoan fan de roman is midden yn de ûntjouwing fan syn relaasje mei syn heit stykjen bleaun. Hy hat syn heit symboalysk net út 'e wei romje kinnen omdat er dat troch oar- | |
[pagina 126]
| |
lochsomstannichheden yn de wurklikheid dien hat. Eins giet it boek oer syn heit. Dêrby hat it skuldgefoel oer de dea fan twa mannen syn libben tekene. | |
Tie en syn heit‘Ik wie noch in jonge fan fjirtjin en waard oeral bûten hâlden.’ stiet der yn it earste haadstik - dat ek nochris de titel ‘Ik wie fjirtjin’ draacht. En in pear rigels fierderop ‘En ik wie ek wol in bytsje grutsk op heit, dy't yn myn eagen nea sa'n held west hat, mar dochs earne foar stie as it deropoan kaam. Mar wat der yn dy lêste oarlochswinter bard is, hat myn libben foar altyd feroare’ (s. 20) en hjirmei wurdt it begjin sketst fan it drama fan de soan dy't de heit deadet.
De opgroeiende jonge Tie wol graach meidwaan oan de aktiviteiten fan de folwoeksen mannen, mar dat wurdt him net tastien. Ek as er him seksueel ûntjout en fereale wurdt op Maria, in by harren ûnderbrochte evakuee, is der wer in folwoeksen man dy't him dêr by tsjinwurket: de ûnderdûker Andries Hazenberg, dy't sels mei Maria frijt. Om beide feiten is er lilk en jaloersk. Yn syn eigen deidreamen is er in held dy't Maria rêdt, mar tagelyk wol er Hazenberg wol dea hawwe. Troch in unnoazel trelit (it opjaan fan namme en adres oan de Ortskommandant Maurer) falt er himsels wol sa ôf, dat sok dreamen net mear slagje wol. Net mear oer syn heldendom: As hie ik dy ferskriklike gedachte, om Hazenberg by de Dútsers oan te jaan, al wier makke. As stie ik tsjin God en allegearre. Alles hie ik yn gefaar brocht. Ik, dy't in held wêze woe om derby te hearren. Ik, dy't dreamde fan fersetsdieden om my wier te meitsjen, sadat Maria by my opsjen soe as in moedich man. Ik wist dat ik alles ferspile hie. (...) Der wie wat yn my brutsen. Der wie wat foarby dat noait weromkaam. mar likemin de dreamen oer Maria (s. 78): Maria wie net mear in geheim fan my. Ik hie gjin geheimen mear. Geheimen hienen altyd wat suvers, wat yntyms. Maria wie gjin geheim mear, want ik skamme my foar har. Foar beide ferlerne yllúzjes moat wat yn 't plak komme, omdat Tie sa net fierder kin. Of: omdat in mins net sûnder syn dreamen kin. De dreamen wurde ferfongen troch oare, troch de oarlochssitewaasje beskate, mar ek mear konkrete dreamen: in kûgel en in oare frou binne dêr de oanlieding ta. Hy wriuwt de dream oer syn heldendom op mei de kûgel, dy't er op in stik lân fynt. (s. 98): Ik fielde my in útkarde. Dat my dat oerkomme mocht. Want ik woe mysels weromwinne. | |
[pagina 127]
| |
(...) Ik woe my wier meitsje. Derby hearre. Meidwaan. Ik wie de snotnoas, dy't him oeral bûten hâlde moast. Ik die net mei. De kûgel, as makke dy my sterk. De dream oer Maria kin net opwreaun wurde. Tie bliuwt fan har hâlden, mar wit syn plak. Yn syn seksuele ûntjouwing heart de moeting mei Eugêne, in frou dy't in stik âlder is en dy't omgong hat mei Ortskommandant Maurer en sadwaande net op in goede namme leit. De moeting hat in sterk eroatysk karakter, mar falt bûten it kader fan it boek. It barren mei Eugêne komt net werom, allinnich yn Ties eangsten wat de Ortskommandant oanbelanget.
It ferhaal ûntjout him yn 'e rjochting fan it drama omdat Tie net bûten it fersetswurk hâlden wurde wol. Hy wol deselde dingen dwaan as syn heit. Hy wol wêze as syn heit. Mar dêryn falt er himsels ôf en dat wurdt noch fersterke troch it feit dat syn heit ek wolris syn teloarstelling oer him blike lit. As Tie jûns stikem altyd troch in skreef yn 'e souder alles folget wat de ‘grutte minsken’ dogge, en syn heit dat ûntdekt, fielt Tie him iensum en kâld omdat syn heit seit dat er him net fertrout. En as Tie de kûgel fynt en wer wat respekt foar himsels krijt, folget der daliks in weromtinken fan Tie oer heit en himsels, wêr alwer sprake is fan in teloarstelde heit yn syn soan. Tie wol syn heit net ôffalle, want dan is er ek yn eigen eagen in ferliezer. Hy wol just op deselde hichte komme as syn heit. Mar dêr sitte leeftyd, syn karakter en de omstannichheden him dwars: ‘En wer moast ik it fan him ferlieze. Ik koe net mear en stie yn in oanwinnend tsjuster te sjen hoe't er focht mei de natuer, dêr't er in ienheid mei foarme.’ (s. 98) It dramatysk hichtepunt is de oerfal fan de Dútsers dy't op 'e hichte skine te wêzen fan 'e opburgen Ingelse wapens op 'e pleats. De hushâlding is warskôge en de wapens wurde safolle mooglik fuortbrocht. Tie mei foar it earst dan ál meidwaan en nachts fart er op in pream mei wapens. ‘Ik skamme my foar heit dy't my it fertrouwen weromjûn hie (...) heit fertroude my, mar it wie in blyn fertrouwen.’ (s.125) Hjirop folget yndied de Dútse ynfal en wurdt der troch de ferteller suggerearre dat de kûgel meisin yn 'e jasbûse fan Hazenberg - de rivaal op it mêd fan de leafde - lein wurdt. De kûgel wurdt fûn en sa witte de Dútsers dat der wapens op 'e pleats binne. Daliks dernei wurde heit en Hazenberg tagelyk deasketten yn 'e snie. Syn hiele libben hat Tie it der mei nimmen oer hân dat er syn heit yndirekt fermoarde hat. En noch bliuwt it ûndúdlik oft Tie de kûgel meisin yn 'e jasbûse fan Hazenberg stoppe hat. | |
[pagina 128]
| |
De foarm fan it ferhaal is dy fan de achterôf fertelde bekentenis. It is dan ek skreaun yn 'e ik-foarm en de doetiid. Oer de tiid nei de oarloch wurdt net folle ferteld, mar wol dúdlik wurdt dat it libben fan 'e haadpersoan in knoei krigen hat troch it ôfgryslik skuldgefoel. As de needlottige dei beskreaun is, is it boek oer de klimaks hinne en kabbelet it dêrnei wat fierder. Wichtige mominten út it libben foar en nei de oarloch wurde dan optekene yn haadstikken mei as titels ‘werom yn 'e tiid’, ‘wat âlde foto's’, ‘wêrom al dy oantinkens?’ en ‘yn heite’ skuon’. | |
DetailsIt docht bliken dat Tie tige op syn heit liket, mar hy wol heit syn âlde skuon en klean net oan hawwe. De heit-soan relaasje wurdt oanskerpe en krijt wat universeels troch it beskriuwen fan it sjen nei de see mei syn heit. (s. 156): Doe kaam dat momint, dat ik nea wer kwytrekke bin, dat ik njonken heit stie en foar it earst de see seach. Dat hege wite ljocht, dat einleas wie en dat ik tagelyk mei heit seach; dat wy beide itselde seagen, in byld dat letter hiel faak by my werom kaam as ik oan God en oan de himel tinke moast. In mienskiplik sjen fan it ivige. Dat de roman net oer de oarloch giet, mar oer de te betiid ôfrûne striid fan de soan om it plak fan syn heit yn te nimmen, is ek werom te finen yn it gebrûk fan de motiven en de liedmotiven, oant en mei it kaft ta. In liedmotyf binne de trekfûgels. ‘As de fûgels werom komme, nimme se de frede mei.’ hat syn heit sein yn 'e lêste winter. Dy sin wurdt in kear as wat werhelle en de fûgels komme foar op it omslach, fleanend boppe de see. Van der Ploeg hat dit boek oan 't yn soksoart lytse details fersoarge. Fan dy lytse dinkjes: de jassen oan 'e kapstok dy't it gesin needlottich wurde, komme yn 't begjin al ‘tafallich’ foar yn de beskriuwing dy't tagelyk oanjout dat Tie syn heit earst mar in bang mantsje fynt: ‘Dy earste wiken liet heit syn bangens blike. Sa woe er net dat elk syn jas oan 'e kapstôk hie.’ (s. 27) Sa is it dreamen fan Tie in motyf. As it iene objekt ûnmooglik wurdt om oer te dreamen, rjochtet er him op in oar objekt. It tema wurdt fersterke troch lytse werkearende liedmotiven: de dea fan de heit wurdt op dy manier ynlaat troch it byld fan in bytsje read op in grutter flak wyt. In ûngemakje mei it skearen fan heit: it bloed yn 'e hals wurdt opheind mei wyt floeipapier. Dat byld, mar dan omkeard, wyt op read, wurdt werhelle as Tie by Ortskommandant Maurer in wyt flokje skearsjippe op de read oanrûne holle sjocht. De tredde kear dat it byld opdûkt is as Tie him yn 'e hân snijt as er de kûgel op it | |
[pagina 129]
| |
wite marmeren grêf fan dûmny Klaarhamer lizze wol en dêr bloed op telâne komt. Uteinlik wrakselet Tie syn libben lang mei it byld fan syn deasketten heit mei in bloedplak yn 'e hals, sels as er nei himsels yn 'e spegel sjocht. En miskien is it tafal, mar ôfsjoen fan de stomme ‘h’ is de namme fan Tie in anagram fan it wurd ‘heit’.
Mei ditsoarte details kin in roman de yndruk jaan dat de skriuwer syn tekst mei keunst en fleanwurk ynelkoar set hat, mar dat is by It wrede foarjier absolút net it gefal. Van der Ploeg is der treflik yn slagge it fertriet en it útsichtleaze fan sa'n grouwélich skuldgefoel ta de lêzer trochkringe te litten. It yndirekt skuld hawwen oan it drama is ûndraachlik en de auteur jout dat op in perfekte wize foarm troch de ik-persoan yn ‘omtrekkende bewegingen’ syn ferhaal fertelle te litten. Om it úteinlik dochs net te beneamen. Sa as it ûnthâld wurket by in traumatyske ûnderfining - bylden fan it ferline komme omheech mar binne noait hielendal gelyk mei inoar - sa wurde hjir guon saken fan earder in pear kear opskreaun, mar hieltyd wer in bytsje oars. Sa wurdt it stjerren fan de hûn Mont Blank in pear kear beskrean. It ferhaal krijt op dizze manier in tige autentyk karakter en de lêzer kin der neat oan dwaan, mar wurdt mear en mear yn de benearjende sfear fan it ferhaal lutsen. By in twadde of tredde lêzing sjocht men de skriuwer oan it wurk en dan merkt men hoe knap as dit boek ynelkoar set is. |
|