| |
| |
| |
Sjoerd Bottema
Sake en de black devils
the roaring sixties yn Westerwierrum
(út: It fertriet fan dokter Kildare)
1
Boppe it lân sirkelje swarte roeken, kuerend nei it omskot fan in deade. Op 'e strjitten lizze de dobben fan 'e lêste bui. Nije wolken komme al wer op it doarp tadriuwen. Westerwierrum. Sa't Slauerhoff al sei: het lage land ligt tot de einder kaal. Mar wat kin ús Slauerhoff skele. Dy hie ommers altyd wat te sangerjen. Nee, leaver sitearje wy frou Kylstra, de dichtsjende boerinne fan Grut Koldehou. Yn it maaienûmer 1960 fan Op 'e romte, de doarpskrante fan Westerwierrum, lêze wy dat der yn Westerwierrum oait wol deeglik beammen stien ha:
Alde beammen, hoefolle jierren,
ieuwen ha jim dêr al stien,
hoefolle simmers binne kommen,
hoefolle binne wer gien...
Elkenien wie it deroer iens: frou Kylstra kin prachtich dichtsje. Mar men moat nochteren bliuwe. Men moat de lusten wol tsjin de lêsten ôfweagje. En wês earlik, úteinlik wiene it ûnbidige kringen dy't alle útsicht en sinne opkearden.
De stjonksleatsjes oan wjerskanten fan 'e Jentemawei, dy't as in lang lint troch it doarp rint, binne yn 1961 tichtsmiten, en de dyk is doe in moai ein ferbrede. Sa koe it doarp opnommen wurde yn de vaart der volkeren en likegoed waarden je net fan 'e sokken riden, want oan beide kanten fan 'e Jentemawei kaam in rom trotwaar. It hat frou Kylstra wol begrutte om al dy wyt en grien opferve houten brechjes dy't oer de sleatsjes leine:
Us moaie brechjes, wy binn' se kwyt,
men kin de tiid net keare.
In hiele haal, of krije wy spyt?
No moatte jim fansels net tinke dat se yn Westerwierrum allinne mar weet hiene fan ôfbrekken, tichtsmiten en platgoaien. Welnee. Yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren waard oan 'e westlike kant fan it doarp in begjin makke mei in hiele nije wyk. Kreaze rjochte strjitten mei preemjewenten yn blokjes fan fjouwer. Se liken allegear o sa op
| |
| |
inoar, dy strjitten, mar se hiene wol elk har eigen namme, en frou Kylstra hie betocht dat elke strjitte nei in frucht of plant ferneamd wurde soe: Koetsebei, Koblomke, Tuorrebout, Bûtergieltsje, Skieppeblom, Ljippekop en Leppeltsjedief.
Yn 1969 kaam it nije bejaardetehûs klear. Dat hie swier kealle. De gemeente koe mar net út 'e rie komme oft der keazen wurde moast foar komplete nijbou yn it bestimmingsplan of foar renovaasje en útwreiding fan it besteande gebou oan it Jentemaplein. Boppedat kamen der kapers op 'e kust: yn Eastergeast en Wynaerd lei ek in gaadlik bouterrein. De Westerwierrumers hiene der in hiele slach foar leverje moatten, mar se hiene it wûn en it waard in boppeslach: tenei siet it mienskipssintrum by sjong-, toaniel- en oare útfierings wer grôtfol.
It mienskipssintrum. Frou Kylstra betocht de tekst dy't yn 1962 ynmetsele is op de tinkstien neist de haadyngong. In tekst dy't der gjin twivel oer bestean lit hoe't dat prachtige multyfunksjonele (in wurd dat doe noch net bestie, mar dêrom wie it noch wol sa) gebou ta stân kommen is: troch ienriedigens.
| |
2
Der binne fansels altyd dwerslizzers. Lykele Duursma fan De Twasprong hat destiids alle war dien om de boufergunning foar it mienskipssintrum op te kearen. Hielendal ûnbegryplik wie dat net, want it koe hast net oars of it mienskipssintrum soe Lykele as kroechbaas sa goed as wurkleas meitsje.
Dêr hiene de minsken gjin begrutsjen mei. Lykele hie it der sels nei makkke. Hy hie it kafee der sa'n bytsje by. Oerdeis sutele er lange dagen mei in grientekarre en dan hie er jûns meastal syn nocht, dat it kafee wie faker ticht as iepen. As Lykele no in flink wiif hân hie, dan hie it faaks noch wat wurde kinnen, mar Lolkje wie in sloofke, dat de hiele dei hinne en wer dribbele sûnder dat har folle troch de hannen kaam. It wie dêr in útsloerd spultsje. It kafee en it feestsealtsje seagen der like suterich út as de griente dy't Lykele oerdeis op 'e karre hie.
Mar Lykele en Lolkje wiene poer en dat joech har faasje. Lykele liet yn 'e maitiid fan '62 in stik by syn sealtsje bouwe en der waard in barke timmere. Tenei wie der ien kear yn 'e fjirtjin dagen dûnsjen by De Twasprong. In inisjatyf dat boppe ferwachting ynsloech: út de wide omkriten kaam it jongfolk nei de Hotchico's, dy't songen oer hertstocht en hertsear yn tropyske oarden en wolris besochten in wat nei it Súdamerikaansk útskaaiend ritme troch har repertoire te struien. Se diene ek wolris in rock en roll nûmerke. Persoanlik hie Lykele mear nocht oan De Wibra's, want dy wiene in stik goedkeaper: Wiggele op de grutte trom en Bram achter it wûnderoargel. Bram syn suster song der
| |
| |
by en Bram sels hie in hiele moaie twadde stim. En Lolkje koe de eagen mar amper droech hâlde by it Duo Kostverloren, dêr't Lykele ek neat op tsjin hie, want dy wiene mar mei har twaen en dat wie dus hielendal gjin jild. In grou frommes achter de drums en in lange skrale man mei in akkordeon, dat wie it Duo Kostverloren. It bylke net, mar wat koene dy twa sjonge! 'Op een zeemansgraf staan nooit eens rode rozen, op een zeemansgraf staat zelfs geen houten kruis. Deine heimat ist die Ferne, deine Augen sind die Sterne. Lieten dy't de hiele seal meibalte, en dat mocht Lolkje graach hearre, want se hie in goed hert en fûn it prachtich as de minsken fleurich wiene en songen. Lykele fûn it ek wol bêst. Fan sjongen wurdt de kiel droech, dus der waard omraak sûpt op sokke jûnen.
De Twasprong groeide út ta in trefpunt foar de jonges út it doarp. Ek troch de wike hiene se dêr har kommen en gean. It nijtimmere barke waard lykwols gjin súkses. Lykele gong oerdeis noch mei de grientewein op en út en fielde him jûns te wurch om achter de bar te stean. Hy ûntfong de mannen leaver yn 'e húskeamer. Dan koe er der noflik ûnderút hingjend yn in maklike stoel by sitten bliuwe. Wylst de jonges fredich wat hinne en wer flokten, skodde Lykele sa no en dan fan ja of nee en draafde Lolkje om bier. Ek yn it wykein, as Lykele sels gjin dûnsjen hie, stutsen de jonges earst even by Lykele oan. Se wiene noait net botte betiid, dy mannen. In oere as acht, earder begong it net te rinnen. It koe soms wol healwei tsienen wurde, foardat se wer oerein kamen, op har brommers stapten en nei it iene of oare doarp yn 'e omkriten rausden, dêr't wol wat te rêden wie.
Yn 'e hjerst fan '63 tocht Lykele in hiele slach te slaan. Hy hie beslach witten te lizzen op The Black Devils. De Black Devils lutsen oeral yn 'e stêd folle sealen en dit soe dan har earste optreden wurde bûtenút, dus wat soe hjir in smite folk op ôfkomme en wat soe dy kassa rinkelje.
It wie wol wat in eksperimint, want it wiene rûge mannen, dy Black Devils. It hier hong har oer de skouders en de muzyk dy't se spilen, dêr wiene se yn dizze kontreien noch net mei fertroud. Lykele wist dat allegear net sa krekt. Hy ferdjippe him noait sa bot yn dy dingen. Op de feiling hie er heard dat dy mannen omraak publyk lutsen en dêr wie it him om te dwaan.
Dochs hie er der in aan fan dat dit wat oars as oars wie en dat it wol ris rûch om en ta gean koe. It like him lykwols ta dat syn publyk dêr neat op tsjin ha soe. Hiene se de lêste kear it Duo Kostverloren net al ris útfluite en raasd om rok en rol of sokssawat? De Kostverlorens hiene har op 't lêst weage
| |
| |
oan Kom van dat dak af, it iennichste nûmer yn dat sjenre dat se koene. It slagge har net hielendal, har hannen stiene ynienen ferkeard, it waard in soarte fan rock en roll yn trijekwartsmaat. Mar it jongfolk wie út 'e skroeven en ferge it duo hieltyd mar wer op Kom van dat dak af. It gong it Duo Kostverloren suver oer de meuch. Foaral it grouwe frommis hie it der dreech mei. It stumper wie op 't lêst skjin ynein. Mar Lykele hie noch noait sa'n omset hân. Ja, hy seach it optreden fan de Black Devils mei fertrouwen temjitte.
| |
3
Sake Ploeg wie altyd de lêste. Doe't Sake by De Twasprong arrivearre, stiene syn maten foar de tichte doar. Sake seach freegjend fan de ien nei de oar. De jonges hellen klomsk de skouders op, Wolter Hotsma grommele oardel wurd dêr't net mear as in heal fan te ferstean wie en Gjalt Bonnema flokte in pear kear.
‘Watte?’ gnaude Sake.
Doe begongen se allegear trochinoar hinne te razen, oant Sake syn beide ûnbidige earmen útstuts, der twa by de strôte pakte en dy mei de koppen tsjininoar sloech. It waard wer stil. Sake seach driigjend om him hinne. Hy wie de grutste en de sterkste. Sa yn it earste oankommen like er miskien wat stadich en traach, mar as it der echt op oankaam, wie Sake koart foar de kop. Sake syn refleksen mochten dan net flitsend wêze, se kamen wol altyd op it goede momint en wiene boppedat net te stuitsjen. De fjochtersbazen dy't Sake net koene en tochten dat se him wol oankoene, ferseagen har dêr altyd wer op.
Binnert van der Wal út Eastergeast bygelyks, in beam fan in fint en in earsten rûchhouwer. En Teake Sypersma út Wynaerd, dy't se dêr Teake Tarzan neamden, want hy focht altyd mei it boppeliif bleat. It hat noait goed bûtere tusken de Westerwierrumers en dy fan Eastergeast. Yn Eastergeast binne se sa fyn as poppestront en yn Westerwierrum frijsinnich, dus neat. Finen binne skynhillich en heidenen is neat hillich en dêr tuskenyn hat tusken Westerwierrum en Eastergeast noait folle romte west. Binnert seach men trouwens net folle yn tsjerke, mar as it op fjochtsjen oankaam, wie it wol in echte fine bliksem. In gemiene hufter, dy't syn tsjinstanners oan it hier luts, yn it krús wâde en ôfmakke mei in stielen boksbeugel.
Yn Wynaerd binne se roomsk en dat wie oan Teake Tarzan wol te sjen: hy besocht syn tsjinstanners te yntimidearjen mei glamour en glitter. Hy die oan bodybuilding en hie it boppeliif fersierd mei útwrydske tatoeaazjes. Om 'e hals hie er in sulveren kettinkje mei in glinsterjend krúske. Behalven
| |
| |
it krúske hongen oan it kettinkje de tosken fan Teake syn eardere tsjinstanners.
Twa bearen dy't har piipjend yn har hoalen weromlutsen hiene en dy't har amper noch fertoanden, sa grut hie har fernedering west. Der waard grute dat Binnert en Teake Sake dea ha woene en dat se dêr no tegearre foar trainden.
Pier de Boer wie de earste dy't de kop der wer by hie.
‘Allegear stedsjers,’ stume er.
‘Fan dy langhierrigen,’ bromde syn neef Sytze.
‘Kinne der net yn,’ grânzge Wolter Hotsma.
‘Nee, godferdomme,’ blafte Gjalt Bonnema.
‘Watte?’ gnaude Sake.
It wie oan alles te sjen dat it him boppe de pet gong. En dêr makke er him lilk om.
In telmannich doarst net ien wat te sizzen. As Sake lilk wie, dan wie it oppassen, dan koe elk wurd ferkeard by him falle. It wie dus skoan te begripen dat Sake syn maten leaver op 'e slach pasten dan dat se der ien foar de harsens krigen. Jouke Leistra, dy't oars altyd in oar it wurd dwaan liet, wie no de earste dy't wer wat doarst te sizzen. Mar miskien kaam dat ek wol omdat er úteinlik it benaudst fan allegear wie. Jouke hie gauris it gefoel dat er der net hielendal by hearde, en dat er altyd troch de spitsroeden rinne moast, woe er yn dit selskip oerein bliuwe. Sake hie Jouke, by de iene of oare fjochterij, al ris foar in oar oansjoen. Sûnt dy tiid hie Jouke muoite mei de r, de s en de w.
It wie Jouke noait dúdlik wurden oft it no in fersin west hie, dat Sake dus yn 'e hite hij sa gau net sjoen hie dat Jouke ien fan syn maten wie, of dat er dy klap krigen hie omdat Sake him eins net lije mocht. Beide ferklearrings wiene feitlik like slim. Hoe dan ek, Jouke woe net noch mear tosken kwyt reitsje.
‘Ve meie del net yn,’ flústere Jouke Leistra, ‘de doal sit op 't slot en de sl...’
Doe smoarde er yn syn eigen wurden, want Sake hie him by de strôte.
‘Watte?’
It wie net te ferstean wat Jouke noch mear sei, mar Sake hie no oan in heal wurd genôch. En Jouke krige byfal.
‘Der sitte allegear stedsjers yn 'e seal,’ sei Sibe Langhout.
Sake liet Jouke los.
‘Fan dy langhierrigen!’ rôp Ruerd Dykstra. Jouke Leistra sykhelle ferromme. Hy wie bliid dat er der sa goed foarwei kommen wie. Wat aardich dat de jonges him sa holpen hiene!
Om kertier oer sânen, de Black Devils wiene noch dwaande mei it teplak bringen fan har ynstumintarium, doe stie der al in hiele
| |
| |
kliber fans foar de doar. Lolkje moast as in skeet yn 'e skrep mei it sintebakje, it stimpel en de kaartsjes. In healoere letter wie it al grôtfol.
Lykele stie der wat ferwezen by. Al hoe fol it ek wie, der wie noch net in pilske oer de taap gongen, dat hy hie de tiid wol om alles en elkenien goed yn him op te nimmen. De Black Devils wiene him net ôffallen. De mannen hiene yndied it hier oer de skouders hingjen en rûnen der fierder ek wat suterich by yn feale spikerbroeken en raffelige jaskes, mar it wiene gjin rûchhouwers. Lytse en smelle mantsjes wiene it mar, hiel fatsoenlik en noflik, dy't braaf de oanwizings opfolgen dy't Lykele har joech.
Ek it folkje yn 'e seal hie, op in pear nei, allegear lang hier mar wie fierder och sa maklik. Sûnder wrokjen skikten se wat yn om romte te meitsjen foar al dy oaren dy't der noch yn moasten. Der hong, by safolle drokte, in ûnwierskynlike rêst yn 'e seal, dy't Lykele somtiden suver wat benearre. Nergens waard der ropt of raasd, der wie net ien dy't it daliks op in sûpen sette en Lykele hie noch net ien flokken heard. It hie dochs wat wei fan in ynvaazje fan in oare planeet, al dy bleke jongelju mei it hier oer de skouders, dy't rêstich wat meiinoar stiene te mûskopjen. Lykele woe wol dat er in bekend gesicht seach, mar der wiene gjin gesichten by dy't er hjir wol ris earder sjoen hie, it eigen folk kaam noait sa betiid.
Hy hie it sels wol oan tiid en sjoch even by de kaartsjeferkeaperij, de beide obers Jelke en Germ koene mei har twaen de taap maklik berêde. Lolkje en Sytse Krikke, dy't holp mei de kaartsjes, kamen lykwols hannen tekoart. No't it nei achten rûn, waard it yn de rige foar de doar hieltyd ûnrêstiger en de drang om deryn hieltyd grutter.
Der stie in plysjebuske op it plein. Wat moasten dy hjir no. Lykele waard der ûnrêstich fan. Gong it dan sa mâl mei dy Black Devils?
Doe klonk út 'e seal wei ynienen in helsk kabaal. De Black Devils hiene har earste nûmer ynsetten. It fleach as in elektryske skok troch de rige wachtsjenden foar de doar, dy't no begûnen te dringen en te triuwen om deryn te kommen. Lolkje en Sytse koene it hast net neikomme, sa hurd gong it no.
Doe't ek de lêste him ta de seal ynkrongen hie, stapten de plysjes út har buske en rûnen nei de yngong fan De Twasprong. Ien fan har flústere Lolkje wat yn it ear. De oare postearre him breedút yn 'e yngong.
Justjes letter kamen Jouke Leistra en Gjalt Bonnema der op har brommers oanriden. ‘Godferdomme,’ sei Gjalt, ‘wat ha ik in kâlde klauwen.’
Jouke troppe syn wanten gau yn 'e bûse. Hy hie leaver dat Gjalt dy net seach. Mar it wie al te let.
| |
| |
‘Hasto wanten oan?’ frege Gjalt.
Jouke spytgnyske wat en helle de skouders op. Gjalt snúfde. Wanten, de kloat. Hy stuts de hannen djip yn 'e bûsen fan syn learen jekker en rûn nei it kafee sûnder fierder noch acht te slaan op Jouke.
De plysjes sieten wer yn it buske en holden de beide jonges skerp yn 'e gaten. Lykele hie oarder krigen der net ien mear yn te litten. Hy moast de doar op 't slot dwaan en de kaai deryn sitte litte, sadat se net fan bûtenôf mei in loper of in skroevedraaier it slot forseare koene. Der moast fansels wol ien by bliuwe. Der mocht der ris ien út wolle of der koe ris brân útbrekke. Lykele suchte. Moast Sytse Krikke no de hiele jûn mei de hannen yn 'e bûse by de doar stean? Hy hie him al sa leaf oan it oberjen setten.
‘Watte?’ gnaude Sake nochris.
No wie it net langer in fraach, mar in utering fan ferbjustering. Watte, it eigen folk bûtenhâlde? Wat sille wy no beleve! Sake naam in oanloopke en raamde yn ien kear de doar út it slot. Dwers troch Sytse Krikke, dy't noch even krekt die as besocht er him te kearen, en elkenien hinne, strûsde Sake nei de seal. De oare jonges seagen har kâns en glûpten gau achter him oan. Ien fan 'e plysjes stapte út it buske, mar de oare winkte him werom. Se wiene mar mei syn twaen.
Sake seach in pear tellen it hear oer. Allegear fan dy slappe lullen mei famkeshier. Se dûnsen net iens, se stiene mar wat foarinoar oer te bewegen. De muzyk wie net om oan te hearren. Yn de mikrofoan stie sa'n slappe lul mei lang hier te âljen as moast er kealje. En it eigen folk lieten se bûten stean te blaubekjen!
Der knapte wat yn syn grutte lege harsens. Hy stuts streekrjocht de seal oer en raamde de sjonger-gitarist fan it toaniel. As dy him earst mar ris de bek hold, dan koe er hjir oarder op saken stelle. It jonkje sloech dûbeld en de rest fan it orkest foel daliks yn in koartsluting. Doe sprong Sake fan it toaniel en pakte se dêr't er se krije koe. Alles wat lang hier hie, raasde moard en brân en socht yn panyk in wei nei de útgong. Doe't de earsten nei bûten rûgelen, hiene de plysjes yn it buske it gau besjoen. Se starten de motor en setten de sokken deryn. Mei piipjende bannen skeat it plysjebuske om 'e hoeke.
Fjochtersbazen wiene it net, dy stedsmantsjes. Bûten waarden se neisitten troch it doarpsfolk dat der net mear yn kind hie en, ik sis it frou Kylstra nei, dan sjocht men wêr't in lyts doarp grut yn wêze kin: yn ienriedigens. As de need oan 'e man komt, dan wurdt Westerwierrum ien, dan is it meiinoar de bealch derop en de hannen út 'e bûse. Sa wie it gongen mei de bou fan it nije mienskipssintrum en sa gong it ek doe. Meiinoar pakten se dy ferwive stedske poehaskoppers
| |
| |
oan en heineballen se troch it doarp hinne en wer en alle kearen as Sake der wer ien boppe de macht tilde en oer it plein saaide, dan jûchheide it hiele doarp.
En wat te sizzen fan Jouke Leistra! Jouke Leistra, oars in skruten laam dy't in oar net yn 'e eagen doarst te sjen om't er gjin spul ha woe en dy't noait wat werom die, ek al sei elkenien Jouke Lul of koartwei Lul, dyselde Jouke Leistra wie no fertize yn in dondersk gefjocht. No wie it miskien wol sa dat syn tsjinstanner twa koppen lytser wie en boppedat tige smel en breklik fan stal, dus der soe men wat fan sizze kinne, mar dat slacht nergens op, want Jouke wie like slap as dat er lang wie, dus al dy ekstra lingte wie allinne mar yn syn neidiel. En dat it efternei in frommiske blykte te wêzen, dat koene je Jouke al min kwea-ôf nimme, se liken ommers allegear op elkoar mei dat lange hier. It wie trouwens in allemachtich taai en fûl kring, dat it hie net iens folle skild of Jouke wie der ûnderstrûpt. Mar hy krige har úteinlik by it lange hier en doe kaam der in wûndere krêft yn syn meagere earmen. Sûnder acht te slaan op har âljen skuorde er troch, mei alle geweld. It bern raasde en jammere dat de grize je der fan oer de grouwe gong en se soe der hast yn hingjen bleaun wêze, mar doe raamde se Jouke mei de knibbel yn it krus, sadat dêr wat knapte en Jouke, dy't himsels sels fierstente fûl opblaasd hie, piipjend leechrûn.
Doe't der in stik as tsien foar dea op it plein leine, it hiele doarp útrûn wie en sels de âlden fan dagen út de ruten fan it bejaardehûs hongen, doe kamen der twa grouwe brommers it plein opstowen. De Zündapp fan Binnert van der Wal en de Kreidler fan Teake Tarzan. As hiene se it rûkt. Binnert taaste mei de hân nei de heup en streake even mei de fingers oer it heft fan it mes dat er oan 'e broeksriem hingjen hie. Doe helle er in boksbeugel út 'e bûse. Teake smiet syn jekker oer de duosit en luts de trui oer de holle.
| |
4
Moandei yn Westerwierrum. De wyn hat hjir frij spul. Al ier yn 'e hjerst binne de beammen keal. Yn 'e opkeamer fan Grut Koldehou sit frou Kylstra stil foar it finster en eaget de grize greiden oer. Fansels hat hja it nijs al heard. Ut 'e earste hân. Harren Romke hie der op 'e noas by stien. Fjochterij yn Westerwierrum. Ferskriklik. Yn wat foar tiid libje wy. Mar wat is hja bliid dat Romke him nearne oan besûndige hat. Al is hja wol kjel wurden fan it fjoer yn syn eagen. It like wol of hie de jonge der aardichheid oan dat it sa sneu ôfrûn wie. Soe dat no dy minne ynfloed fan 'e grutte stêd wêze, dêr't se altyd al sa benaud foar west hie? It wie fansels in
| |
| |
segen dat de jonge sa'n heldere holle hie, want wat hie er hjir op 'e pleats moatten, hy wist mar kwalik hoefolle oeren oft in ko hie. Mar dêr yn Grins, dat wie dochs ek nuodlik. En hy kaam hast net in wykein mear thús. Dêr skrok se soms nachts fan wekker: wêr soe Romke no wêze, yn dy grutte stêd midden yn 'e nacht? En no wie ek yn it eigen doarp jins libben net langer mear feilich.
Der hingje swarte roeken yn 'e loft. Yn 'e jister by Grut Koldehou stiet Sytske 83 te klomjen by de daam en stekt skrousk de âlde kop oer de hikke. Frou Kylstra sjocht op de klok: as men earne op wachtet, dan tikje de sekonden te stadich foarby. Har tinzen dwale goed tsien jier werom, doe't Sytske 83 by de barte fan 'e feewein deldraafde, de jister yn. Gjinien hie doe noch yn 'e rekken dat dat sa'n bêste ko wurde soe. Dy earste simmer kaam hja mei lijen troch. De feearts moast der gauris oan te pas komme. En dat wie dus no al wer mear as tsien jier lyn, wat giet de tiid dochs hurd, en wat duorret it soms in ivichheid: kertier oer trijen, se hiene hjir in oere lyn al wêze sillen. Dan sjit hja oerein: de feewein fan Reitsma draait fan 'e Jentemawei de lange reed nei de pleats op. Frou Kylstra skodhollet: soks soe net barre meie. Hjoed kinne wy noch oars. Dat fan juster is net mear goed te meitsjen.
It waard noch in hiele toer om Sytske by de barte op te krijen. Mei man en macht moast der oan wurke wurde. De boer flokte lykwols net, mar spriek har ta mei leave wurdsjes. Kom no, bistje, kom no. Nettsjinsteande al it geheister en geskuor hong der wat fan weardigens om dit ôfskie hinne. Ek Sytske makke gjin leven. It iennige dat te hearren wie, dat wie it strampeljen en skrep setten fan kouwepoaten op in houten barte. De boerinne besocht nochteren te bliuwen, mar koe it gefoel net keare dat it misdiedich wie wat se diene. Har eagen stoarren de reed del, dy't Sytske aanst nei in bestimming fiere soe, dêr't frou Kylstra net oan tinke koe sûnder der mislik by te wurden. Oer de Jentemawei ried in plysjebuske. It makke har noch misliker as se al wie.
Lang om let, te let fansels, kamen de blauwe miggen dan dochs mei man en macht en fjouwer buskes, de swaailjochten en de sirenes oan, op Westerwierrum tasetten. Sake van der Ploeg waard dyselde jûns noch mei in plysjebuske ôffierd. Hy hie der mear as tsien op 'e skouders naam en dy wiene der dus min oan ta. Teake Tarzan hie hielendal neat mear om it liif doe't Sake him nei in foech kertier foar dea lizze liet.
Dat wie allegear it slimste net: Binnert van der Wal soe op it lest syn mes lûke. Mar Sake hie sines earst.
| |
| |
Pas doe't de klep einlings ticht siet en Sytske de striid ferlern hie, doe balte hja. Ien kear. Dimmen en earmoedich. It gong jin troch ieren en sinen en it soe oant âld-en-nij duorje ear't de boerinne wurden fine koe foar wat der yn dy dagen yn har omgong:
De nachten binne lang en swart,
it jier giet hinne mei stille trom:
yn us doarpke is wat skrikliks bard,
wy tinke der leaver net oan werom.
Ien fan frjemd fûn hjir de dea,
ien fan 't doarp de finzenis.
Soks mei nea wer barre, nea!
Oars giet it mei ús doarpke mis.
Bloed op de stiennen fan it plein,
in jonge noch, hy kaam net mear by
en ek foar ús Sytske kaam de ein,
ien fan ús alderbêste kij.
Lykas 't âlde jier hinnegiet,
sa gong ek foar har de tiid
en kaam de ein fan it liet,
't wie ek foar ús in hiele striid
om har by de barte op te krijen.
Meiinoar, boer, boerinne en bern,
en soene wy har nea wer sjen.
Sa giet it âlde jier foarby,
de dingen nimme gjin kear.
Yn 'e greide rinne aanst wer de kij,
mar Sytske net, dat koe net mear.
Wat sil aanst it nije jier
ús bringe, no't sy hjir net mear
binne: dy jonges, dat leave dier?
Soks docht in boerinne sear.
Sa kaam it nije jier. Sûnder Sytske 83. En sûnder Sake Ploeg. Gjinien wist krekt wêr't dy twa bedarre wiene. Foar De Twasprong brocht it nije jier gjin segen. In kroech dêr't se it eigen folk wegerje, dêr komt men ommers foarearst net wer. Boppedat spile dêr altyd fan dy stomme muzyk, it duo Kostverloren of de Wibra's, want by De Twasprong doarden se oare muzyk net mear oan, dat it duorre net lang of it jongfolk hie de loop nei De Trije Gemeenten, in pear doarpen fierder. Dêr spilen de Black Devils.
|
|