Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 112] [p. 112] Baukje Wytsma Fan it libben dat komme soe Jong wiene sy, mei laitsjende berne-eagen, har dreamen tipten oer it wetter, rekken kant noch wâl. Yn d' iere moarntiid fjouweren se op swarte hynsten troch de moarnsstilte. De huzen leine as sûkerhuodsjes oan 'e kym, grien wie de wrâld, grien en wiet. Under heimsinnige beammen yn bêden fan piipkrûd makken se prinsen en prinsessen fan mekoar, kipen troch kanten walen fan bloeiselwyt, of flochten keningskroanen fan farske snilen ûnder in fochtich tek fan jong en bûchsum hout. Under har de rook fan ierde, boppe har de waarme sinne. En alles wûn oan, alles wie taastber. [pagina 113] [p. 113] Fier fuort, dêr't de memmen wekker waarden riisden de dagen op as muorren, mânselheech, boud fan de wurden wurk en wurch. Wêr wiene de heiten dy't bûnte draken boppe de wolken fleane lieten, dy't wyld en fûleinich libben of wurden fûnen fan treast? Wisten sy noch fan waarm lokjende roazemûlen, fan 't glinsterjende wetter dat as pearels út it kûltsje fan de nâle springe koe, fan 't djippe langstme nei it hymjend wekker wurden fan de dagen? Hiene sy har herten ea ûnderdompele yn itselde bloedread? Vorige Volgende