Tema's en datsoarte fan guod
Temanûmers dogge it altyd goed yn 'e wrâld fan 'e literêre tydskriften. Ald-Trotwaerredakteur Oene Spoelstra hat dêr tige nijsgjirrige tinkbylden oer. Op it sân maaie lêstline hâlden sympoasium oer ‘Inkelde tema's út de Moderne Fryske Literatuer’ ponearre hy in nijsgjirrige stelling. Hy sei dat in redaksje har mei in tema sûnder al te folle swierrichheden ien nûmer yn it jier besparret. It foardiel yn portokosten foar de útjouwer hie er yn syn ferhaal noch net iens meinaam...
As dat it besteansrjocht fan in tema is, dan is it net sa nuver dat redaksjes oer it fenomeen sels net al te folle yn diskusje gean wolle. Fansels is in tema ommers in frjemde ein yn 't literêre byt. Keunst is neat mear, mar benammen ek neat minder as de ynspiraasje fan in keunstner. En ynspiraasje en stjoering - bygelyks troch in tema - binne twa saken dy't kontraproduktyf op inoar ynwurkje.
It muoit ús dan ek tige foar de leafhawwers, mar Trotwaer sil dit jier net wer sûndigje! Ynstee fan in dûbelnûmer oer in tema, krije jim no twa nûmers fol fan ynspirearre proaza en poëzije. Mear foar itselde jild: dat moat in trochstringse Fries dochs oansprekke...