[Nummer 3]
Fan 'e redaksje
Mei blidens kinne we al wer meidiele dat de redaksje útwreide is. Der binne sels twa redaksjeleden foar te stellen: Sjoerd Bottema fan Weidum en Jurjen van der Weg fan Ljouwert. Sjoerd Bottema is auteur fan ferhalen yn Nachtboek, Broei en Knyflok en Reidmannen en oare misdiedferhalen en mearfâldich winner fan 'e Rely Jorritsma priis.
Jurjen van der Weg is free-lance oersetter en beliedsmeiwurker. Hy is meiwurker en redakteur fan it Fryske jongereinblêd ‘Skytmerakels’ en âld-redakteur fan ‘De Harpe’, it blêd fan de Fryske Feriening fan Jongerein ‘Bernlef’ út Grins.
Beide mannen steane mei in ferhaal yn dit nûmer. It sil in soad lju deugd dwaan dat de redaksje no bestiet út fiif auteurs. It wittenskiplik gehalte is hjirmei noch net sakke...