Trioel
Sjoerd Bottema
De bearenburch fan Jacobus Knol
Under de pakkende titel Snokkerjende Grymgnyskes hat Jacobus Knol de Snikken en Grimlachjes fan Piet Paaltjens ferfryske. Net allinne de gedichten, mar ek de dichter sels. Piet Paaltjens is ien fan uzes wurden: Pier Pealtsje. In echte Fryske jonge dy't, jawis, Bearenburch drinkt. De Tijgerlelies - Betsy, Rika, Jacoba, Hedwig - binne transformearre ta tsjeppe Fryske boerefammen: Beitske, Richtsje, Japke en Hepke. De ‘jongeling’ mei de gitaar is in ‘feintsje’ wurden mei in trekharmoanika. Pier Pealtsje, it feintsje fan Menaam.
Ofsjoen fan dy ergerlike ferfrysking fan persoanen, plakken en attributen falt de oersetting net ôf. In oersetting mei hanthavenjen fan rym en metrum is in bealch fol wurk. Oer it algemien is dat hjir knap slagge. En dochs mis ik wat. Ik mis Piet Paaltjens. De hyperboalen, de irony, de absurditeiten, men fynt se by Pealtsje likegoed as by Paaltjens, mar net dy syn argayske styl en dy soarget no krekt, yn kombinaasje mei al dat oare, foar de koartsluting dy't it wêzen fan Paaltjens syn gedichten útmakket. Boppedat slacht Jacobus Knol de planke sa no en dan grouwélich mis:
Do holdst myn flesse tsjin dyn roazelipkes, jong / en blier. Drystmoedich as in gleone hertebok / troch 't jûnich gea, sa hetsich en sa hymjend sprong / dyn swiete strôte op en del by elke slok. (Gij hieldt mijn veldflesch aan uw rozenlipjes, droog / van 't lachen. Diep-gemoedlijk, als wen de avondklok / Door 't dal luidt, klonk het in uw keel. En zacht bewoog / Uw zoete strot zich op en neer bij elke slok.)
It waard stil yn it wâld. / En wol tsien kear sa kâld, / want de winter foel yn. Undertusken / hong dêr heech yn 'e beam / - nee it wie wier gjin dream - / dy mynhear, wat de mosken ferbjust're. (Het werd stil in het woud / En wel tienmaal zo koud, / Want de wintertijd kwam. En intusschen / Hing maar steeds aan zijn tak, / Op zijn doode gemak, / Die mijnheer, tot verbazing der musschen.
Sa kriezet gjin doar op syn knieren, / sa kreaket net ien ledikant, / as de ridders har knibbels by 't sjen fan / de minstreel syn skeamel restant. (Zóó klappren de castagnetten / Van Biscaje's zwartoogige schoonen, / Als de tanden der ridders, bij 't zien van / Des minstreels marmeren koonen.)