Yn De Volkskrant waard raar guod spuid fan de film. It soe it safolste hús-, tún- en keukendrama út 'e fyftiger jierren wêze. De ‘tragiek der kleine luyden’. Nearzige strjitsjes, húskes en keammerkes, dêr't de sprútsjelucht jin temjitte komt. Op himsels is dat wier. Mar tagelyk is sokke krityk sinleas, want dêr wie it de regisseur ommers krekt om te dwaan, om dy sprútsjes op tafel te setten. En as der dan ien by is, dy't fan dat miel wol koarje kin, no dan is dat spitich, mar dat wol net sizze dat dy sprútsjes net goed tamakke binne.
Deselde kritikus hie ek och sa'n argewaasje fan it 'zompige dialect' dat yn de film brûkt waard. Sa'n útspraak seit mear oer it nivo fan de kritikus as dat fan de film. Soe er him ek al ris beklage ha oer it sompige Sweedsk yn de films fan Bergman?
It is mar goed dat De Volkskrant hast net lêzen wurdt yn Fryslân, want oars hie de hikke hjir fansels foargoed fan 'e daam west. Sis fan in Fries dat er dom is, dat er in boerelul is, dat er út 'e klaai lutsen is, dat er stjonkt, dat er stiif, steil, groubonkich en ûnsjoch is - hy wurdt der net oars fan. Dêr is it in Fries foar. Mar kom net oan syn taal. Wa't oan syn taal komt, dy komt oan him, dy trapet him op 'e siel. Dan wurdt er dûm. It bloed fljocht him nei de holle en wurdt him sûpe. Dy taal, dat is it lêste, it iennichste dêr't er noch grutsk op is. Dy taal hat er ommers hoede en noede en dêrom kinne wy no aldergeloks noch oer in taal prate. Wat soe der fan ús prachtige taal oerbleaun wêze as wy der net meiinoar de skouders ûnder set hiene? As wy der net op stien hiene dat ús bern de legere skoalle ferlitte soene mei op syn minst it Fryslân-A diploma yn 'e bûse? Wat soe ús taal fertutearze wêze as wy net allegear alle dagen ús pake en beppe, ús heit en mem, ús bern, ús pake- en beppesizzers, ús bruorren en susters, ús neven en nichten, ús omkes en muoikes en al ús oare sibben, ús freonen en kunde, de buorlju oan beide kanten, de oerbuorlju, de winkellju en al wa't der mar by ús oan 'e doar komt - as wy dy net allegear alle dagen, en sy ús, wiisd hiene op de flaters yn har en ús Frysk!
Dêrom is it sa spitich dat der yn de film fan Pieter Verhoef sok striemin Frysk brûkt wurdt. In mislediging foar it selsbewuste striidbere Fryske folk. Soks mei net nochris barre. As der in bioskoopferzy fan de film komt, dan moat dy earst neisyngronisearre wurde yn geef Frysk ûnder tafersjoch fan de Afûk.