Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 101] [p. 101] Sybout Hartog winterwaar dy jûns stean skraitsen lâns de diken de tosken tusken gjalp & gniis de maitsen krûpe út 'e liken & deaden dreame ûnder it iis de hiele wrâld hat weet fan wredens mar berntsjes jouwe har gau del wylst pakes as de reek op redens de mar oerstekke nei reahel kjeld hat it lân yn 'e besnijing de krie sit as in byld fan tar te wachtsjen op in âlde wijing wylst geasten gûle oer de mar Vorige Volgende