‘Ik bin by Meta. Kom gau wer thús. Tút. Gertrud,’ en lei dat op 'e tafel.
Troch de achterdoar rûn ik oan de tafel ta. Siger en buorman Zylstra wienen der al.
‘Dêr is Gertrud. Kom der gau yn.’
Meta siet yn har stoel en se wiisde my in plakje. Ik kaam njonken Siger oan de lange kant fan de tafel te sitten. Meta knipte de teemûtse los en socht it krekte pantsje by it kopke. Se geat yn en lange it my oer.
‘Fijn dat jimme kommen binne. Ik wol jimme betankje foar al it wurk dat jim foar my èn foar Watze dien ha. No is 't foarby, hen. Ik frege my justjes al eefkes ôf, oft dat no alles wie. Wat moatt' je no allinne? Tsjin wa moatt' je prate? En, wa fertelt je noch wat?’ ‘Wy, fansels. Moatst net te pessimistysk wêze, Meta!’ Siger lei útdruklik de klam op pessimistysk en bekrêftige dat wurd mei fjouwer tikjes fan syn wiisfinger op de tafelsrâne. Pes, si, mis, tysk.
‘Ik bin ek allinnich en ik rêd my bêst. As der wat is, moatst it fuort sizze en wy helpe dy.’ Hy seach ús ien foar ien oan.
‘N't wier?’
‘Túúrlik, fanséls, dêr wolle wy gjin práát fan ha!’ Wurden fan soksoarte strekking skeaten de tafel oer.
Wy krigen it teekopke op en dronken mei lytse slokjes. De stilte hong swier yn de keamer. Ik hearde elk syn tee trochslokken. By de iene joech dat mear lûd as by de oare. ‘No... no ha wy Watze te plak brocht. Wy witte wêr't er is.’
‘Sa is 't mar krekt, Meta. Stel je foar dat er fermist waard.’ Ik hearde mysels en ik tocht: - Wêr slacht soks no op, minske. Hâld dy dan ek stil. Mar, ik kin ommers net oer stilte; ik bin mei stilte oan. Hoe dan ek, hâld dy asjebleaft stil! -
‘Sa is 't mar krekt, Gertrud, wy witte wêr't Watze is. Hy moast ús hjir ris sitten sjen. Hy soe sizze: minsken set in plaatsje op, lit de muzyk op jim ynwurkje en dûnsje. Dûnsje!’ ‘Toe, Meta, fertel ris fan jim dûnsjen.’ Siger ferskikte op de reiden stoel, wat in kreakjend lûd joech.
‘Wy binne benijd. Och, hea ja, Meta, fertel ris.’ Wy praten wakker trochelkoar en wienen hast net te ferstean.
‘Dat wol ik wol, mar dan jitte wy earst in skjinne yn. Lit ús Watze bedrinke!’ Red treau it âlde wyfke har stoel achterút.
Se skarrele nei 't kammenet en iepene in doarke dêr't it glêswurk kreas yn 't gelid achter stie. Sy plante de fuotsjes fan de romers ien foar ien tusken har fingers en sette se handich op de tafel. Achter in oar doarke stie de flesse en doe't se dy delsette, fage se mei de rêch fan de hân by har eagen lâns.
‘Sa! Jo jitte yn, Zylstra.’
De stiltetrein stie op de rails en sette fuortendaliks de sokken deryn. Stadich liet Zylstra