Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 93] [p. 93] Jacobus Quiryn Smink Nokturnen fan de nipte luchtstream Leafste lichem mei lokjend hier en eachopslach fan dûnkere flitsen, jin noeget mar net doart. O, men berydt dyn sidich fel, dyn iepenjen slút jin yn as in dream, sliepe mei dy sil men noait! Nachtlik langjen nei moannewaar en in waarme hûd, dat sêfte ljocht hat jin beskynd sa koel. O, jin beset dat wachtsjen, nachten sûnder rie, ringen ûnder eagen, yn iere moarn dat men foel! Hoesa foel, hoesa noait mei dy sliepe, hoesa nachtlik langje, wylst in libben te koart is. O, dat nimt jins dream as in bal op, kopballet nei in doel ta, ta in koer yn, wat in toer is! In bytsje lins foar de lea soe jin wol lizze en foar de geast hie men 't graach wat klear. O, de mangel knypt jins langstme fyn, dy bakt fan tin daai bitterkoekjes, pak, hap, betear! Hoe't it dan beteare sil, freget no de swan dy't sa graach driuwt mei in heechop bek. O, moat net mei de wjukken slaan as men bûn wurdt, en nachts mar driuwe as in bolle sek! [pagina 94] [p. 94] De kop skean yn 'e fearren makket jin rûn, ovaal as in mangeleach op in fiver fan kwik. O, wat skittert dat en wat fielt dat swier oan, wat wurdt men der licht fan, soartelik! Fansels binn' dreamen dan yn 't foarbygean, der rattelje al kaaikes achter 't autorút. O, it razen begjint aanst, it ûnomkearber de poat op it gas, stevenjen nei punt út! De swan tilt der net sa swier oan, sa licht ommers, hat foarkar foar dûnker noch dei. O, as men swaninne mar te driuwkeljen fynt, mar even fan 't nêst, net te lang, it aai! Mar minsken binne net de swannen gelyk, dy binne wol heechop, mar krije 't yn 'e rêch. O, dat oereinstean, net driuwe kinne, sels net op kwik, dat oant de knik ta fan 'e rêch! Nachts kin men soks noch úthâlde, mar deis skynt der in oar ljocht op dy faailike bak. O, dat swarte gat mei dy nipte luchtstream, jins lêste siken, it útblazen, it bonkerak! Vorige Volgende