op 'e hûd en / Djipper, mei dy, dy't willich meigiet, mei’ (s. 9). It hieltiten werheljen fan it wurd ‘mei’ jout it fers in soad feart. Dy feart liket wol in soarte fan wanhope dy't noch in kear fersterke wurdt troch it enzjambemint. It is hast ûnmooglik om te sykheljen yn dizze rigels.
Yn it twadde fers komt de frou wer werom, mar krektlyk as yn it earste fers is net dúdlik oft it hjir om in frou giet of om in seefûgel: ‘It strân, dat him (útklaaid) ferstrûpte yn / Dyn swarte rôbe (fynmêskich fiskernet dat / Net mear as in moanne fange kin), yn dyn / Wjokken dy't driuwe op in flecht...’ (s. 10). De frou is in seefûgel en de seefûgel in frou. De fierdere beskriuwing fan de seefûgel dy't fan it soart ‘sulvermok’ is, is nochal negatyf. Ek yn it echt is de konnotaasje fan it wurd ‘sulvermok’ negatyf: it binne rotbisten, se binne fierstente te grut, se pikke mar raak, se hawwe in ferskriklik lûd en der binne fansels tefolle fan dy rotbisten.
It byld fan de seefûgel yn it gedicht liket op dat fan in Femme Fatale. Se is heal frou en heal bist en dat byld wurdt noch in kear fersterke troch de konnotaasje fan it wurd dy't der net om liicht. Dizze frou is in frou dy't pikt, raast en mannen opfret lykas in sulvermok syn fisk.
Der binne mear fergelikingen. Yn it tredde fers wurdt de ‘ik’ fergelike mei in boat (s. 11):
En wer spiel ik yn wrak hout oan it strân
Oan mei knapte mêst, teraffele seil en fok
En sâlt en brân, dy't my de siel, de strôte,
Leagen; mei dyn wynderjende wjokslach noch
Yn 'e nekke, flechtet de sjouwerman...
En at er oan de ein fan it fers tinkt dat er it wrakhout opbaarnd hat yn ‘de waarme jiske fan dyn grize fearren’ (s. 11), dan hat er it mis. It bist fleant noch boppe de floed.
Fers fjouwer en fiif jouwe krekt sa'n byld. ‘Mei sjongen en drinken yn in tizebosk fan / Netten en linen. Under seefûgels bin ik / Under gjalpen fan geniet, ûnder ynfloed: / Sy, mei de swierbefiske mûle...’ (s. 12).
Sa as troch it hiele skift fleane hjir ek wer hiel wat symboalyske fûgels foarby, lykas ‘fjoerreade papagaaien’ (s. 13) dy't de seks wol symbolisearje sille. Mar it giet wer mis. De boat slacht wer op it strân en de papagaai is yn in ‘stoarmfûgel’ feroare.
Yn de lêste twa strofes fan fers njoggen lykas yn fers seis, sân en acht, is de ‘ik’ noch hieltiten oan it wrakseljen yn ien fan de moaiste stikken fan dit skift (s. 17):
De tiid (sûnder de karre fan 'e striid
Te sjen dy't er lykwols lûkt). Gefjocht
Under de hûd om twahûnderttachtich dagen
En nachten, trije seizoenen fan triennen
En mar útsjen: strânljip op hege poaten,
Op syn foarpost, op wacht, wylst de jûn
Falt (mei de snaffel yn 'e fearren fan de
Nacht) en stjerren (yn watten fan winsken).