Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 86]
| |
Eilânsuite
Prelude
De dei seit by it oan
board gean himsels ôf.
Minsken wrotte de datum
ûnder de reling troch.
Mei't de fluite stompt
duorret hjoed de nacht út.
Folkslietsje
Doeksen dûkt it libben út,
skroeft de soargen wol oan wetter.
Kies de sinne of it rút.
Hjoed is 't libben al wat better.
| |
[pagina 87]
| |
Moderato
Hoedzje dy foar de seemanskoarts.
Warje dy tsjin de ynsektebyt.
Bid mei de Sint Barnardusring
om in fingerwizing út Clairvaux.
Meditaasje
Ferwachtsje dyn suvering
net fan de sinne.
Mien net dat de see
dyn fertriet ferskoot.
Do hast it rjocht fan de wyn.
Lit him de draaiing nimme
fan dyn geast.
| |
[pagina 88]
| |
Rondo
De dûns is foar jûns
yn it neispul fan de sinne.
De dûns is foar jûns
nei it skôgjen fan de dei.
De dûns is de jûns
foar ferliezers en dy't winne.
De dûns is de jûns
en de sûnden wurde wei.
Nocturne
De dûnser yn 'e jûn
wurdt de drager d' oare dei.
Hy hat de dûnser fûn en
jout him oan de stilte mei.
|
|