Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 73]
| |
De dichter en de heitIt earste fers fan de bondel fan Eppie Dam begjint mei it wurd ‘Heit’. Dat is gjin tafal, want dizze hiele bondel giet oer syn heit en is skreaun ta neitins fan syn heit. Mei de kar fan it tema hat Eppie Dam it himsels net maklik makke, want mei sa'n ûnderwerp fersile jo al gau yn de sentimintele oantinkens. Faak ek is sokke poëzij mei sa'n lyts bytsje distânsje skreaun, dat it foar de lêzer hast te sjenant is om noch fierder te lêzen. Of de dichter hat ien kear syn gefoelens op papier set mei de gedachte yn de achterholle dat poëzij skriuwen neat oars is as it skriuwen oer jins gefoelens. Eppie Dam is it slagge om it oars te dwaan. Yn de earste fersen fan de bondel giet er hieltiten werom nei it ferline, mar it perspektyf bliuwt yn it no. De klam falt sa foaral op de dichter. It giet net allinnich om de heit yn it ferline, mar ek om de dichter yn it no. Fansels binne der ek de gefoelens oer it ferlies fan de heit, mar dy binne nea oerdwylsk of sentiminteel. In moai foarbyld (s. 8): Do bist der net.
As ik, by it lemieren,
de healwei-seizen-dize oprop
dy't by de simmer ûnder it melken
oer de Swimmer lei, bisto dy dize.
Troch de rêstige toan fan dizze poëzij wurde de fersen net sentiminteel en komt der in sekere distânsje dy't der foar soarget dat de gefoelens poëzij wurde en net allinnich mar gefoelens binne. Op de helte fan de bondel fine de heit en de dichter inoar. Ek de heit hat skreaun, al is der nea oer praat. Op dizze siden steane in pear prachtige sitaten út it skrift fan syn heit. Op dizze manier krije wy in skerper byld fan de heit as de dichter sels ea jaan kin. Hy lit ús de heit sjen út de heit wei. It makket dúdlik hoe ferskillend, mar ek hoe gelyk de heit en de soan binne. Oan de ein fan de bondel giet it oer de lêste jierren fan de heit. Se beskriuwe it proses fan de ôftakeling fan de heit. Dy fersen hiene om my net echt hoegd, want de dichter | |
[pagina 74]
| |
hat dat yn de foarôfgeande fersen al dudlik makke, sûnder dat er dat no sa eksplisyt sein hat. En dat is no krekt de keunst fan poëzij: it sizze sûnder it eksplisyt te skriuwen. It lêste fers fan de bondel giet net oer dy ôftakeling, mar stiet wat apart. It bringt eins in hiel soad saken fan de bondel byinoar. Yn syn hast ferriedlik ienfâldich lykjende poëzij skriuwt er oer de dea, de heit, it ferline, de foto en himsels (s.22): Der is in dream
dat ik in ko betaast
yn 'e oere fan har kealjen.
Altyd as ik dêrút wekker wurd,
stean ik mei dyn foto
yn 'e hannen.
Mei de finger fei ik
it stof fan it glês.
Helje dij út dyn sliepen.
Lês dyn gesicht. Iepen.
Ticht. Iepen. Ticht.
Each yn each mei dij:
do bist, do bist net.
De bannen falle wei.
In knap dichter dy't yn ien fers oer sokke tema's skriuwe kin sûnder dat it heechdravend of sentiminteel wurdt. In bondel dus dy't de muoite wurdich is. | |
Swiere moetingenEk yn de bondel Moeting fan Willem Abma is der in skift dat oer de dichter en syn heit giet. It hjit ‘de ferstoarne’ en hat as ûnderskrift ‘in memoriam patris’. Hjir hâlde de oerienkomsten op, want benammen de toan fan Abma is hiel oars as dy fan Eppie Dam. Yn lytse, faak rymjende fersen sketst de dichter ús in byld fan syn heftige gefoelens: ‘Hjir leit er dan ta stof fergien / hy dy't my net ferdroech / hy hat my nei it libben stien / in libben dat him net ferjoech’ (s. 56) skriuwt de dichter yn fers III. Dochs rekket it jin net echt. It binne net mear as grutte, patetyske gefoelens dy't net fan it papier loskomme. Sa't ik al earder sei, ‘heftige’ gefoelens meitsje noch gjin poëzij. Dochs kin de dichter it wol oars. Yn it earste fers fan de bondel dat ek ‘Moeting’ hjit, oerhearskje de grutte wurden net. Yn dat fers moetet de dichter syn geast, dy't hy in frou neamt en mei wa't hy wyn drinkt en praat. Mar al gau komme de grutte wurden en abstrakte ideeën yn de poëzij werom. Der is op himsels neat ferkeard mei, mar by Abma wurdt alles eksplisyt makke mei sa wichtich mooglike wurden. Der bliuwt foar de lêzer neat oer om nei te rieden en sadwaande is der hast gjin spanning yn de poëzij en rekket jin it net. Nim no it fers ‘ûnderstream’ (s.12): | |
[pagina 75]
| |
wat oanspielt út in ûnderstream
as fiere tekens fan in dream:
foarmen fan ûnstoflik bestean
wa wit wat dêr beskûle sit
wat ûnbeneamd bliuwt en ferjit
It fers giet oer de ûnderstream yn de minske, mar jout eins net mear as in beskriuwing fan it fenomeen ûnderstream. De wurden ‘dream’, ‘tekens’ en ‘ûnbeneamd’ binne klisjees at jo it ha wolle oer de ûnderstream. Der is hjir neat te rieden. Guon fersen binne ferskriklik sentiminteel en hast te sjenant om te lézen. Yn ‘dreambyld’ lês ik dizze rigels: ‘leafste, wat ik my fan ús dreamde / is as in byltenis út bien ús snien / man-frou, dyn wêzen yn myn wêzen ien / dêr't leafde by yn leafde streamde’ (s. 25). It is allegearre net bepaald orizjineel. Dochs binne der noch wol in pear orizjinele saken oan te wizen yn dizze bondel. Der binne wat oersettingen en ek wat fersen dy't skreaun binne nei oanlieding fan in fers fan in oare dichter. Yn dizze lêste kategory is der in moai fers dat ynspirearre is troch de Russyske dichteres Anna Achmatova. Ek it fers ‘skeinen’ dat ynspirearre is troch de hjir hast noch ûnbekende Meksikaanske dichteres Rosario Castellanos, is de muoite wurdich. Abma is ticht by de styl en toan fan Castellanos bleaun, dy't wat mear omtinken wol fertsjinnet. Moeting is in bondel fan wikseljende kwaliteit. Faak wol de dichter it allegearre sa grut en moai sizze, dat er fersyld rekket yn tefolle dramatyk. Hooplik bliuwt in oare kear de ‘moeting’ mei moaie fersen net sa faak beheind ta de bleate frou op de foarflap. |
|