Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 70]
| |
[pagina 71]
| |
TinkstienJou my ien reden
om de dwazen te genêzen.
Ik woe de wizen wizer ha.
Is 't net de libbenskearn,
dy twaspjalt yn harr' wêzen:
oarsprong fan dream en fantasij?
Is net de wize de ferstienne tinker,
snije syn messen yn de eigen siel?
Is it út ûnmacht om folút libjen,
is hy himsels wol master, hiel?
| |
[pagina 72]
| |
|