Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 66]
| |
Age en MarijeDe hjir besprutsen boeken geane beide oer Age Heechterp, mar de kontekst is yn it earste boek hiel oars as yn it twadde. Allinnich syn frou Marije komt yn it twadde boek werom. De boeken moatte ien foar ien lêzen wurde, se komme yn tiid achterinoar oan: yn In appel foar ûnderweis hat Age noch wurk en wurdt beskreaun hoe't er yn 'e swierrichheden komt, yn De boarstrok fan Fenna is er yntusken ôfkard foar it wurk en docht er oan frijetiidsbesteging. En syn frou is syn eks-frou wurden. Holtrop hat fariaasjes yn it fertelperspektyf oanbrocht: wurdt yn In appel foar ûnderweis út Age wei ferteld, yn De boarstrok fan Fenna is ek Fenna ferteller, (teminsten as se noch libbet...). En yn de stikken troch Age ferteld, liket Marije in feroaring ûndergien te hawwen. Sa ynteressearret se har mear foar Age, hat ûnderwilens in baan en draacht allinnich mar Trevira rokken en deeglike bloeskes. Oer dat lêste hie de lêzer fan In appel foar ûnderweis Age noch net kleien heard, mar yn De boarstrok fan Fenna begjint dat in wichtich probleem te wurden. De rol fan Marije feroaret yn dat twadde boek, dy wurdt hieltyd wichtiger. Symboalysk foar dy feroaring is de spikerbroek, dêr't se ynienen yn omstapt, neidat Age holderdebolder út Frankryk weromkommen is. Dochs wurdt Marije net in skerp personaazje, har motiven binne net oertsjûgjend. Har hanneljen soe út jaloerskens wêze, in crime passionelle. Mar de iennige mei passy leit healwei it boek allang yn 'e grûn. Unoannimlik dat dy sleauwe trevira-trut Marije in rivale út 'e wei romje soe foar de noch sleauwere Age. | |
Terapeutysk deiboekAge jout yn In appel foar ûnderweis de yndruk fan immen dy't it net slagget yn it libben. No hindert dat neat, de Fryske literatuer skynt it dêrfan hawwe te moatten, mar soks | |
[pagina 67]
| |
moat dan wol op sa'n wize beskreaun wurde, dat it lot fan de haadpersoan de lêzer op syn minst oandeart. Mei Age komt it dus net goed: yn gjin fiif jier hat er it skoallejier ôfmakke en dit jier mist er ek alwer 28 lesdagen (= 5 en 1/2 wike!) Hy dreamt raar, hat oanienwei pineholle en libbet op sjefaryntsjes. Soks wurdt WAO, dat kin net misse, mar it koe my ûnder it lêzen net om Age begrutsje. Faaks leit de oarsaak fan dy ûnferskilligens yn it feit dat Age daliks al pineholle hat op 'e earste side fan it boek. Hy hat in fisjoen fan in ûnbekend fanke en krijt o sa'n pineholle. Mei in haadpersoan dan gjin pineholle hawwe op 'e earste side fan in roman? Jawiswol, mar men rint gefaar dat soks net boppe it nivo fan in sykteklacht útkomt as dat wiidweidich, humorleas en sûnder relativearringsfermogen beskreaun wurdt troch in ik-ferteller. Age sels hâldt oars ek net fan sykteklachten: (‘Pas op Age, dy kant moat it praat net út, dêr hâldst net fan. Wachtkeamergeheimen’ s. 83). De auteur hie der ek wol rekken mei hâlde mocht dat lêzers dêr meskien ek net goed oer kinne. Want In appel foar ûnderweis is in medyske klacht mei in psychyske oarsaak: in traumatysk ferline.
Wat der eartiids bard is, wurdt Age en de lêzer dúdlik as er de foto's út 'e oarloch fynt: syn heit hat sympatisearre mei de Dútsers en hat nei de oarloch yn in strafkamp sitten. Alle corpus delicti binne bewarre yn in doaze en sûnt Age dêryn omsneupt hat, komt der him hieltyd mear yn 't sin. Mar it wurdt net dúdlik wat Age foar dy tiid al witte moatten hat. Hy wit dochs dat syn heit ophelle is as ferrieder en der it earste jier nei de oarloch net wie? Dan begjint men letter dochs ris konklúzjes te lûken... Fierder bliuwt it frjemd dat dy heit eartiids syn oarlochsmisdieden sa kreas op papier úttikt hat. (Dat curriculum vitae fynt Age ek yn it doaske). En men ferneatiget dochs sa gau mooglik de kompromittearjende foto's dêr't men (laitsjend) mei de fijân op stiet... De auteur hat der blykber ek mei oan west: Age freget twa kear oan syn mem wat foar reden de heit hân hat om dy rommel te bewarjen en dan jout de mem ûntwikende antwurden. Dêr binne ek gjin redenen foar te betinken, liket my sa ta. Sa'n doaske mei konkreet materiaal tsjinnet fansels as each-iepener, moat de ôfwikkeling fan it trauma op 'e rails sette, mar it bestean fan sa'n doaske mei ynhâld is fier fan logys. Syn heit (dy't noch altyd yn in fersoargingstehûs libbe), stjert op 'e ein fan it boek. Age ‘flipt’ op 'e begraffenis. Dat is in ferfelend haadstik, want dan is de lêzer ek ferplichte mei te gean yn syn op 'e rin slaande tinzen oer spinnen en deadskisten. Dêrnei wachtet de terapy. Stikken út it hjoed en it ferline wikselje | |
[pagina 68]
| |
inoar ûnregelmjittich ôf. ‘Fragminten út in libben’ stiet der dan ek ûnder de titel fan de roman, mar dat is my dochs justjes te maklik. Dit boek liket tefolle op in terapeutysk deiboek, ‘Skriuw mar op wat dy yn 'e holle komt’. Mar in roman moat komponearre wurde en dat is wat oars. | |
Allinnich op fakânsjeYn De boarstrok fan Fenna wurdt beskreaun hoe't it fierder mei Age giet, mar de toan yn dit boek is sa oars, dat de swierrichheden ek ynienen minder earnstich skine te wêzen. Medisinen, terapy... neat hat holpen, Age wurdt ôfkard foar it wurk en pielt dêrnei noch folle mear mei himsels om. Ta ôfgrizen fan syn frou, Marije. It is ta in skieding kommen en Age wol no, allinnich, te kampearjen yn 'e Vogezen. Ek dit boek is fragmintarysk, de stikken mei ferskillende fertellers binne ôfwiksele. Earst binne dat Age en Fenna, in frou yn Frankryk. (It wurd wurdt dus noait oan Marije jûn). Dit om en om fertellen wurdt net konsekwint folhâlden. Soms is Age twa haadstikken achterinoar oan it wurd, in oare kear binne yn ien haadstik twa oare manlju oan it fertellen (haadstik 11). Oan 'e ein is it in kear sels net dúdlik (lêste haadstik) wa't fertelt. Sleau. De auteur liket tefolle meinommen te wêzen troch de ynhâld fan syn ferhaal, dat hieltyd mear op in misdiedferhaal begjint te lykjen, mar soks kin in oar noch wol korrizjearje, (útjouwer, lêskommisje...). It doel fan De boarstrok fan Fenna is net dúdlik. In oare kyk op Age en Marije? Mar it binne deselde minsken net ienris mear. Age rint yn Frankryk op syn heechst by oarlochsgrêven lâns, as moat er noch wat fan de earste Age sjen litte. Hy hàt it net mear oer syn heit, der wurde inkeld wat ynsidentele opfiedingsperikels oeral helle. En Marije, dy't yn In appel foar ûnderweis al sa'n faach personaazje wie, is yn dit boek op 'e nij in figurante dy't del komt om de kat iten te jaan en Fenna te besjen. Fenna yn Frankryk jout it luchtich tintsje oan 'e roman. Se tinkt Frysk en Frânsk tagelyk. ‘Nomdedieu, dat madame dêr sa iepenlik oer prate’. Dit trochinoar brûken fan twa talen docht wat belachelik oan en jout de yndruk dat de lêzer net serieus nommen wurdt. Elk wit wol dat Frânsen Frâns prate. Krekt oft der in soart Swarte Pyt oan it wurd is: ‘Lit it tinken mar oan my oer, compris?’ (side 94). Fenna gedraacht har as in nimf en sa krijt de lêzer ek noch wat mei fan de erotyk, dy't him op de foarkant fan dit boekje foarspegele is. Der hie ek noch wol in heale fingerprint op kinnen.
Dat Benny Holtrop in aktyf skriuwer is, mei dúdlik wêze: twa boeken yn twa jier publi- | |
[pagina 69]
| |
searje, sille net folle him neidwaan. Dêrby publisearret er ek koarte ferhalen en hat ferline jier de Rely Jorritsmapriis wûn en wint him dit jier mei in gedicht. Dat is fansels in erkenning foar syn skriuwtalint. Lykwols soe it nivo wol in stik heger kinne. Holtrop soe himsels ûnder it skriuwen wat mear yn 'e hân hâlde moatte. Dat komt de psychologyske djipgong fan de personaazjes en de struktuer fan de roman fêst te'n goede. |
|