Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 62] [p. 62] Albertina Soepboer Dat ik foarby it punt gean, foarby it swart yn myn mûle dat net mear mei my praat skjin yn ein fan my foarby dit sa ferklokte hifkjen fan rigels en rigels letters dy't my net mear passe foarby it altiten op 'e nij skriuwen fan mysels mei in pinne dy't allinnich mar liicht dat ik foarby dat punt gean. [pagina 63] [p. 63] Yn ús bêd swimme deade fisken fierder nei flak wetter dêr't neat noch skaaft en skrast. Mar myn hier is strak fêstbûn oan de râne dy't hjir hjit en wy swije falsk nei inoar. [pagina 64] [p. 64] Mei katteslach beweech ik troch dyn hierrich lichem fyn de dize, de spoeken do telst noch eagen, blyn bliuwe se, ik sko de tekkens oer üs hinne, ûnûntkomber gjin refleksje. [pagina 65] [p. 65] Spegelstêd Grimmitich fyts ik al nachtenlang troch de griene, brede strjitten oerdei ferskûle foar de rein. Fansels fyn ik dy yn it hege hûs de wyn al glimkjend yn de glêzen ik skroef de moanne oan it plafond. At de dream wekker wurdt, fret er yn my om, lit my stjerre yn bloed noch waarm fan dyn leafdesliif. Noch dagenlang sil ik fytse. Vorige Volgende