Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 57]
| |
Henk van der Schaaf
| |
[pagina 58]
| |
dy reden krekt wol foar de midsieuwen. Conscience beskriuwt yn De Leeuw van Vlaanderen de opstân fan de Flaamske adel en boargerij tsjin de Frânske oerhearsking yn it begjin fan de fjirtjinde ieu mei de Guldensporenslag yn 1302 as histoarysk hichtepunt. In skriuwer út it Noarden, lykas Bosboom-Toussaint, kiest om deselde reden foar de striid fan de Nederlannen tsjin de Spaanske oerhearsking. Yn de ‘Leicester-syklus’ is it ferline in ferlossingsskiednis dy't eltsenien as foarbyld nimme kin by de eigen striid tsjin sûnde. De histoaryske roman wurdt populêr ûnder ynfloed fan de romantyk. Skriuwers en lêzers sykje in ûntwyk út de eigen tiid en fine dy yn it ferline. Boppedat wurdt it sjenre fan de roman troch de romantisy tige wurdearre. Sy sjogge it sjenre as in ideale útlaadklep om oan de ferbylding alle romte te jaan. Mei it opkommen fan it positivisme en it naturalisme yn de keunst rekket de histoaryske roman oan 'e ein fan de njoggentjinde ieu wer wat út 'e moade. Mar dat is tydlik. Yn gearhing mei it symbolisme yn de poëzy ûntstiet der om 'e ieuwiksel hinne ek yn 'e romanliteratuer wer mear romte foar gefoel en ferbylding. De histoaryske roman komt dan yn feroare foarm werom. De sekuere ‘couleur locale’ wurdt ynwiksele foar sfeartekening, de objektive histoaryske werklikheid tsjinnet no as dekôr foar de subjektive fantasy fan de skriuwer. Om't ien fan de doelen, it oproppen fan in nasjonaal ferline, no loslitten wurdt, is it plak fan hanneling net mear perfoarst de eigen grûn. De boeken spylje harren no faker yn it bûtenlân ôf: romans fan Van Schendel yn Italië, Ik en mijn speelman fan Van der Leeuw yn Frankryk, romans fan Couperus yn it klassike Grikelân en Rome. Dy romans foarmje it begjin fan de moderne tweintichste-ieuske histoaryske roman sa't dy nei de Twadde Wrâldoarloch ta bloei komt. It leit foar de hân dat feroaringen yn it sjenre gearhingje mei feroare opfettingen yn de filosofy en de wittenskip. Sa wurdt troch histoarisy it ideaal fan objektiviteit flink relativearre. Skriuwers fan histoaryske romans binne harren dêrtroch folle mear bewust, dat it nayf is om te mienen dat sy in histoaryske werklikheid yn in boek rekonstruearje kinne. It fertelperspektyf fan in alwittende ferteller wurdt al mear ferlitten. Theun de Vries sinjalearret in emansipaasje fan de roman fan binnenút, om't it ‘ienfâldichwei’ fertellen fan in ferhaal yn ús tiid net mear mooglik is (Steen, G. 1988: ‘John Fowles en Theun de Vries over de historische roman’. Yn: Blok, A. / Steen, G. / Wesseling, L. (red.) 1988: De historische roman. Utrecht, s. 171): De trouwhartigheid van de 19e eeuw is vervlogen; moderne skepsis en ironie scheppen afstand. Het genoeglijke ‘er was eens’ is als | |
[pagina 59]
| |
bron van literaire vreugde niet geheel verdroogd, maar in feite als een te simplificerende vorm - het vertellen van een verhaal - overwonnen. De vorm is vooral van binnenuit geëmancipeerd. De vele vernieuwingen zijn niet zozeer bewust ingevoerd, als wel een uitvloeisel van de situatie van de twintigste-eeuwse mens. Nei de Twadde Wrâldoarloch brûke de skriuwers it sjenre net mear om de eigen tiid te ûntflechtsjen, mar earder as in middel om de eigen werklikheid better te begripen. Dat kin wêze op sosjaal (Boon, De Vries), religieus (Vestdyk) en op kultureel mêd (Haasse). Foar al dizze skriuwers jildt dat se, lykas Walter Scott, jierren dwaande binne mei ûndersyk as tarieding op it skriuwen fan in roman. Karakteristyk foar de moderne histoaryske roman is it ferwurkjen fan eigentiidske en persoanlike motiven. In foarbyld dêrfan is Th. de Vries syn boek Het hoofd van Haydn dat parallellen sjen lit tusken rasistysk tinken yn 'e njoggentjinde en yn 'e tweintichste ieu. Yn De première drukt Th. de Vries syn persoanlike opfettingen oer it keunstnerskip yn 'e figuer Puccini út. De nije opbloei fan de histoaryske roman yn de jierren tachtich hat ek wer te krijen mei feroarjende fisys yn 'e literatuer en skiedniswittenskip. Sa nimme de histoarisy wer mear ôfstân fan harren positivistyske útgongspunten en lizze se de klam op it belang fan de taal. Dy wurdt net langer beskôge as in weardefrij middel om de werklikheid te beskriuwen. Neffens Ankersmit, yn Nederlân fertsjintwurdiger fan it saneamde ‘narrativisme’, is it ferhaal fan de histoarikus in konstruksje wêryn 't hy út in fragmintarysk ferline ien gehiel makket. Syn ynterpretaasje is persoanlik en de oertsjûgingskrêft fan it ferhaal wurdt beskaat troch de styl. Hy relativearret sa tige it ferskil tusken in histoaryske stúdzje en in histoaryske roman. Oare histoarisy lykas Blom, Braembussche en Wesselius binne it mei dat stânpunt net iens en bringe in dúdlike skieding oan tusken it wurk fan de wittenskipper en dat fan de romansier. Foar de populariteit fan Süskind, Ackroyd, Haasse, Noordervliet en oare skriuwers fan nije histoaryske romans binne ferskillende ferklearringen te jaan. Dorsman ferklearret dat út it feit, dat wy no yn in tiid sitte dat progressive tinkbylden fersmiten wurde, de takomst oan belang liket te ferliezen en dêrtroch it sicht op ferline wer frij komt (Dorsman, L.J. 1990: ‘Het grote dilemma. Geschiedenis tussen kunst en wetenschap’. Yn: Jonker, E. / Rossem, M. van (red.) 1990: Geschiedens & cultuur. Achttien opstellen. 's-Gravenhage, s. 19-28). Umberto Eco ferklearret it út in gemis oan ferhalen yn eksperimintele literatuer, wylst in grutte groep ûntwikkele lêzers dochs graach in roman lêst mei sawol | |
[pagina 60]
| |
in ferhaal as djipgong (Brink, H.M. van den / Otterspeer, W.: ‘Zegt u wel eens zonder ironie “ik hou van je”? Umberto Eco over de semiotiek en De Naam van de roos’. Yn: NRC Handelsblad 25-5-1984.). Yn in boek oer de nije histoaryske roman wiist Pelckmans yn syn ynlieding op in oantal trends oan it sjenre (Pelckmans P. (red.) 1988: De nieuwe historische roman. Een terreinverkenning. Leuven/Amersfoort). Allerearst wiist hy, lykas Eco docht, op it grutte belang fan it ferhaal wêrby't de skriuwer neffens de regels fan tradisjonele fiksje wurket, mar tagelyk ek in spul spilet mei dy regels troch in protte anagronismen en irony yn 'e roman te ferwurkjen. De detektiveroman is allinne fanwege de spanning, mar ek om de oerienkomst tusken detektive en histoarikus ek in faak tapast sjenre. It binne beide speurders, dy't tige ôfhinklik binne fan tafallichheden, lykas it hoe en wêr opdûken fan boarnen. Nij is de neoromantyske trend fan de ‘tederheidskultuer’, dy't te ferklearjen is út it feit dat de isolearre en ûntwoartele lêzers fan tsjintwurdich emoasjes yn de ‘heile Welt’ fan it ferline sykje. De mienskippen dy't yn histoaryske romans beskreaun wurde, kenne faaks folle mear emosjonele bannen en gefoelsbannen. Dat neoromantyske aspekt is ûnder oare te finen by de Frânske skriuwer Jeanne Bourin dy't yn har histoaryske romans benammen froulju ta libben bringt. De wichtichste trend yn de histoaryske romans is it postmodernisme. De postmodernistyske histoaryske roman wurdt sels as in aparte fariant besjoen en wie ferline jier it ûnderwerp fan it proefskrift van Lies Wesseling (‘Geschiedenis als bodemloze bron. De postmodernistische variant op de historische roman’. Yn: Blok, A. / Steen, G. / Wesseling, L. (red.) 1988: De historische roman. Utrecht). In wichtich aspekt fan dit postmodernisme is de breuk mei it foarútgongstinken. It is dan ek gjin wûnder dat de skriuwers fan dizze fariant nochal frij mei it ferline omspringe en soms sels nochal opfallend sûndigje tsjin it histoarysk besef fan de lêzers. It is net allinne skepsis oer de útgongspunten fan de histoaryske wittenskip dat dy skriuwers driuwt. Soms giet it noch fierder en wurdt der in karikatuer makke fan de offisjele skiedskriuwing. De histoaryske roman hat dus in ûntjouwing meimakke fan in middel ta fersprieding fan histoaryske idealen nei in subversyf kommentaar op de skiedskriuwerij. Mar kin dizze postmodernistyske histoaryske roman wol ta it sjenre rekkene wurde? De mieningen binne ferdield. Drop giet der fanút dat de krektens fan histoaryske gegevens as in algemiene betingst foar it sjenre jilde moat (Drop, W. 1958: Verbeelding en historie. Verschijningsvormen van de Nederlandse historische roman in de negentiende eeuw. Assen). Lies Wesseling is fan miening | |
[pagina 61]
| |
dat in lineêr gronologysk ferhaal eins net mear past yn dizze tiid. Histoarisy twifelje net allinne oan it ideaal van objektiviteit, mar binne der tagelyk fan oertsjûge dat harren histoarysk besef en harren histoarysk ferhaal in eigentiidske en persoanlike konstruksje is. In krityske omgong mei histoaryske konsepten lykas romanskriuwers Julian Barnes en Angela Carter dogge, past neffens my yn ús tiid. De histoaryske roman hat in rommere ynhâld krigen. Dêrom kinne skriuwers as Walter Scott, Alie Bosboom-Toussaint, Arthur van Schendel, Theun de Vries, Umberto Eco en Julian Barnes by it selde sjenre yndield wurde, hoe ferskillend har boeken ek binne. De feroaringen yn de histoaryske roman wize derop, dat it sjenre noch hieltyd libbet en nije generaasjes skriuwers en lêzers ynspirearret. |
|