Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 40]
| |
[pagina 41]
| |
Fier fuortYn de hege bergen fan fertriet
binne de letters myn buorlju
de hiele dei praat ik mei se,
soldearje se ta lange fersen
mar it wetter smakket bitter.
It bliuwt hjir altiten kâld
treinen skowe stadich foarby
ik doch neat oars as wachtsje
op in frjemde, nije ferlossing
mar wit dat ek dy net útstapt.
| |
[pagina 42]
| |
Neat as wetterOp 'e nij de reis nei myn fjoertoer
yn dizze frjemd klopjende bûk
leit it leppeltsje neist myn kofjekopke
hjir hâldt de reling neat tsjin
ek de fâlden yn it wetter net
oer it tsjuster faget ljocht
omkanten fan myn oantinkens
komme yn in flits foarby
mar ûnferbidlik falle se nei ferline
allinnich ik bliuw oer
neat as wetter.
| |
[pagina 43]
| |
FoarjiersmoanneFaaks sit it op maitydswyn
kin ik it krekt al fiele
duvels spoek yn myn holle.
Ik jei mysels nei it park
lit my sakje yn de fiver
wyld bin ik yn dit sykjen.
De kopkes fan snieklokjes
slach ik derôf om te sjen
oft it sop noch streamt.
Mei myn neilen klau ik
de hûd fan in jonge beam
fine sil ik it, ôfmeitsje.
Sa sjit ik troch myn dagen
spylje wrede flinterfangster
oant de spoeken swije sille.
| |
[pagina 44]
| |
MedeaIk libje oan de ein fan dizze wrâld.
Mar der bliuwe dizige dagen
dat ik yn de tiid werom sko,
it ljocht himsels ôfbrekt
oant ik neat mear bin.
It giet wol oer, sizze se
mar it wie net sa't se tinke
noch hieltiten priuw ik dat iene wurd
swier leit it op myn tonge.
Troch de muorre slûpte grien skaad
each en mes rekken inoar
syn lûd waard grutter oant it
bruts, it reinde trije dagen bloed.
It giet net oer.
|
|